Jo Smit:
Fabel fan de wjirm en de fisk
De wjirm wie heal boppe de groun kommen en krinkele gesellich tusken de wiete gerskes. Deun by him, mar dat ergere er net, siet yn in âlde dumpjas de angelfisker, dy't stúmsk nei syn koark eage en oer it wetterflak, dat swart en tsjuster ûnder de skiere loften lei.
De angelder hie in prûmke en doe't er even fansiden bûgde om foar de wyn del in strieltsje tabaksjarre fuort to flybkjen, seach er de wjirm. In greate kloer skeat út en hoe't de wjirm it efterliif ek spande yn it gat dêr't er trochkrûpt wie, it joech allegearre neat, hy waerd derút lutsen. Hy kronkele omraken en alhielendal doe't de fisker syn angel ophelle hie, in suterich propke bôlle fan 'e heak klaude en him deabidaerd oan it blanke stiel bigoun to riuwen.
Lit ús ús hoedzje foar oerdreaune sentimintelens. Der wurdt gauris fiersto anthropomorfysk tocht; lit ús, ek yn dizze fabel, ds hâlde oan hwat de wittenskip fan hjoeddedei ús leart oangeande it libben, en binammen it senuwstelsel, fan de wjirmen. As in wjirm oanieze wurdt, bitsjut syn krôljen hiel hwat oars as de kronkelingen fan minskeliven, lyk as somlike sillige martelers op âlde skilderijen sjen litte. Werom nou nei ús wjirm!
Salang't er gewoan yn 'e hân fan 'e angelfisker wie, kronkele er om fuort to kommen, omt er him ûnwennich fielde op dat plak en werom woe nei de ierde dêr't er út wei kaem. Mar sadré't it fine puntsje fan de heak him yn it liif treaun waerd, kidele dat sa, dat er laitsje moast. Kringeljend, mar sûnder lûd to jaen, lake er; hwant wjirmen kinne net allinne net prate, hja kinne likemin lûdop laitsje. Dêrom kronkele er dus.
Dochs wie it net alhiel noflik, hwant it ein dêr't de heak dwers trochhinne boarre waerd koe net kronkelje, omt it op plak hâlden waerd troch it stiel; en al lake - dat wol dus sizze: kronkele - it frije ein him slop, it wie dochs foar it oare in min gefoel: kronkelje to moatten - fan binnen út - en it net to kinnen.
Doe't er, nei hwat geklongel, hong, heal oan 'e heak, fielde de wjirm him biskamme en ek wol hwat binaud foar hwat de takomst allegearre bringe soe. Hwant hy fette net rjocht hwat der mei him harde en hy hie inkeld in dizige tins yn 'e holle: der is hwat net yn 'e heak.