De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 221] [p. 221] Tjitte Piebenga: Simmerlietsje der sylt in kobbe om de mêst fan ien fan twa fan trije har mûle is read en 't is foar 't lêst fan tsien en tútsjes krije de eachjes spylje tsjin it boat fan fiif fan seis fan lit mar har hantsjes hâlde stil de skoat har lippen hústerje: nim dit mar de kobbe driuwde by ús wei fan sawn fan acht fan litte hwat soene kobbe en blauwe dei nou fan de leafde witte ....Et pourtant.... la vie en rose la vie en noir paris ici vous m'aimez né mais mademoiselle oh la la pas ce n'est pas doux c'est tout alles geht vorüber schwamm darüber Vorige Volgende