ien en oar oan ophinge, biwiist mear as genôch (as de toan it al net die) dat der oare motiven efter biskûl geane.
Persoanlik: de hear Tamminga stiet (sjoch boppe) sa goed jildlik as seedlik yn 'e skuld by Quatrebras; boppepersoanlik: Quatrebras hat yn it oanbigjin fan syn carrière De Tsjerne ris in dwerse smeet oer it antlit jown - en goê-Friezen tsjogge har soks ornaris in libben lang oan. Mar hwat dit lêste oanbilanget hie it minder de hear Tamminga as wol ien fan syn meiredakteuren foege, rankuneus to wêzen. En dy is it net - dat hoe sit dizze foarke oan 'e stâlle?
Alde kij wol ik by foarkar net út 'e sleat helje: dy stjonke to bot nei sokken tiid - mar likemin as men sa'n skeel weimoffelje kin mei it algemien ûnder to bringen yn it patroan fan de al to ivige generaesje-strideraesjes, sûnder ûnoprjocht to wurden, mei ik my fierders de bek deroer hâlde, om deselde redens. Ek al soe ik it nou hwat oars ûnder wurden bringe wolle as wy trijeresom doedestiids diene. Hwant útsoend is it noch allerminst: jit steane De Tsjerne en Quatrebras falikant foarinoar as it giet oer eachweid dêr't beide elts foar oar de fryske skriftekennisse yn sjogge.
Om it plat to sizzen: De Tsjerne rommelt mar hwat oan, faeks fan skea en skande wiis wurden - en swilet byïnoar hwat tafallich it lân opjowt; hja biedt gjin inkel perspektyf, of it moast wêze: ‘it moat mei de fryske litteratuer de kant út fan alle greatere litteratueren, en sadwaende foroardielet hja oankommende fryske talinten ta neibauwerije - it is de typysk bitinge hâlding fan lju dy't har ‘minder’ fiele, dy't har fixearje op ‘emansipaesje’, koartsein: fan parvenu's. De Tsjerne leit foar de jit-net-litteratuer, dy't de fryske skriftekennisse is, frjemde, en foar 't meastepart forméle noarmen oan, by foarkar ûntliend oan de ‘greatere’ litteratueren, dy't ‘der binne’. Dêrfoaroer woe en wol Quatrebras útgean fan de taestbere réaliteit, dat a. gjin inkele litteratuer ûnbitinge is; b. de fryske litteratuer - op bitingst fan al of net bisteanberens - ankeret yn 'e unike situaesje fan de litteratuer wêze to meijen fan en foar it fryske folk; c. de fryske litteratuer - en hjir giet it om har sin of ûnsin - it fryske folk yn de aktuéle krieming fan 'e tiden to oriëntearjen hat op syn posysje yn de wrâld en syn mooglikheden dêryn. YN SYN LITTERATUER JOWT ELTS FOLK HIMSELS REKKENSKIP FAN EIGEN STEAN EN GEAN. Der is gjin libbensmêd dat yn bigjinsel de litteratuer net oangean soe. It is hjirop dat Quatrebras de klam lein hat, en lizze moat, net allinnich om stim to hâlden yn de Fryske kulturéle romte, mar foaral mei't der yn 't algemien fan in Fryske kulturéle romte praet wêze kinne soe.
Dêrom hjit Quatrebras ek Quatrebras - syn pretinsjes lizze net yn in program, mar yn in mentaliteit: de mentaliteit fan de skrokkenen, dy't ynienen op in kâlde moarntiid wekker skrillen en ûntdieken, dat hja neaken wiene, bistêllen en bidondere, allinne litten op in wyld keal lân - en dy't har dan ôffreegje: hwat doch ik hjir, hwer bin ik, hwa bin ik? En dy't foar in forfrjemde dei steane yn in forfrjemde wrâld, dy't bineamd wurde wol om biwenber to wurden.
It is dit - to'n neisten by - dêr't de Tsjerne-parvenu's al fan heard en lêzen hawwe, en harren mûltsje-fol ek wol oer mei to praten witte, mar leau my, hja háwwe tofolle bilibbe, om hjir nou net in o, ja-oardiel oer by de hân to hawwen: kènne dogge hja it net. Och, dat hja, litterair sprutsen, arrivé's binne is noch dêroanta, mar dat hja maetskiplik-oanpast slagge binne en de offisiële neder-