hat, goed paedkundich is yn de lytse, mar dochs gearstalde Fryske letterdwaeltún. Ien flaterke mar hawwe wy yn dit knappe oersjoch ûntdekke kinnen, ntl. yn de titel fan Rixt's dichtbundel De Gouden Rider, dêr't it lêste wurd in d tofolle hat en sadwaende oanleiding west hawwe sil ta de forkearde oersetting dêrfan as Le Cavelier d'or.
Mar hoe soe men sa'n bigryplik forsin net goedkrije kinne by in skriuwer dy't better net to witten nea ûnder Friezen forkeard en ús tael út de skriften allinne leard hat? Dy skriuwer is ntl. gjin Nederlanner, mar de bikende litteratuerkenner dr. Giacomo Prampolini út Spello (Italië), deselde dus dy't yn 1951 oer de Fryske litteratuer skreaun hat yn Storia Universale della Letteratura en yn 1952 in bundeltsje oersettingen fan Fryske poëzij yn syn memmetael forsoarge hat, útjown to Milaen ûnder de titel Poeti frisoni d'Olanda. Prampolini hat ek nou wer in himmel stik wurk levere.
Lykwols, kin men net litte to freegjen, is it einliks net biskamsum dat de Frânske útjower fan dit neislachwurk nei Italië moast om de kundige man to finen dy't oer de litteratuer fan de Friezen skriuwe koe? As it net biskamsum is, symptomatysk is it sûnder mis wol. Symptomatysk foar de ûnkunde en de ûnwil by de Nederlânske meiwurkers oan dit boek, symptomatysk foar itselde forskynsel dêr't it boek fan Van Heerikhuizen yn it negative de biwizen fan levere hat.
Soe der hjir yn Nederlân hast ris in krom bilangstelling ôf kinne foar in lytse, autochtone litteratuer dy't ek foar de Hollânske slûsdoarren om frije trochstreaming freget? Tonearsten bliuwt it by siperjen en liket sels it rinket net iepen to meijen. Mar komt dizze slûs ienris iepen, dan koe it wolris bliken dwaen dat de kanalen dy't foar oanfier en wetterdruk soarge hawwe, via Spello (en Swansea) nei Leiden ta rinne. Sanet, in omwei is op 't lêst ek in wei.
D.A. TAMMINGA.