| |
| |
| |
Hindrik Pietersma:
De greate frage
In skôging fan T.S. Eliot's toanielwurk
Mar yndied to eksistearjen, sadat men biwust eigen eksistinsje trochgrounet, tagelyk ivich en sa to sizzen dêr fier boppe út, en dochs ek wer bywêzich en aloan wurdend - soks is wierliken in kunst.
Kierkegaard, Lêste Unwittenskiplik Neiskrift.
‘De measte minsken binne loai fan geast, ûnfornimstich, fortiisd yn idele dingen, lij fan hertstocht, en dêrom nòch ta folle twivel nòch ta folle leauwe yn steat.’ Dizze binearjende, ynkringende wurden skreau Thomas Stearns Eliot yn in essay oer Pascal. Mar dat wie grif net de earste kear, dat ‘the hollow men’ oan it ljocht steld waerden. Men hoecht mar effen oan Pascal sels to tinken om dit yn to sjen. Pascal syn biswieren tsjin de hâlding fan de minsken fan syn tiid binne yn ûnforjitlike wurden foar ús fêstlein yn in stikmannich treflike sinnen. Om mar in peer oan to heljen, neame wy hjir Pensées nú. 217 en 204 (Oeuvres Complètes, éd. Chevalier):
‘La seule chose qui nous console de nos misère est le divertissement, et cependant c'est la plus grande de nos misères. Car c'est cela qui nous empêche principalement de songer à nous et qui nous fait perdre insensiblement. Sans cela, nous serions dans l'ennui, et cet ennui nous pousserait à chercher un moyen plus solide d'en sortir. Mais le divertissement nous amuse, et nous fait arriver insensiblement à la mort.’
‘Sans examiner toutes les occupations particulières, il suffit de les comprendre sous le divertissement.’
Fierders wit elts, dy't ea Kierkegaard lêzen hat, hoe faek der yn syn wurk sprutsen wurdt oer Aandløshedens Fortabelse, de geastlike dea, dêr't de minsken fan de njoggentjinde ieu yn omdoarmen. Beide hiene noed mei it minskdom en trunen it oan, har idel gedoch to forsaekjen en ta harsels yn to kearen. De minske, dy't nei har bitinken yn syn wêzen it byld fan it Godlike draecht, moat ek, yn oerienstimming mei syn hege ropping, in echt eksistearjend wêzen wurde, in persona, dat wol sizze, immen dy't bistjûrd wurdt fan binnen út
| |
| |
troch eigen wollen. Allinne op dat bitingst kin de minske neamd wurde id quod est perfectissimum in tota natura. Ommers as it libben net op sa'n biwuste wize bihearske wurdt, is it, lyk as Kierkegaard it oantsjut, in ‘esthétysk libben.’ As men sa'n libben leit, is men, as it der op oankomt oars neat as in forhâlding ta oaren, in funksje fan de omjowing. Men giet dan alhiel yn sa'n funksje op. Allinne mar troch in radikale kar to dwaen yn it bisef fan in tiidleaze forantwurdlikens kin men jinsels út dit doelleas libben weiskuorre. In esthétysk libben is der allinne op út en helje út it tydlike hwat der út to heljen is. De bitingsten ta it foldwaen fan sa'n bigear nei de ierde lizze lykwols bûten it birik fan de minske. De minske hat se sels net yn 'e hannen; alles hinget ôf fan it lok. Goed en kwea forlieze yn dit soarte libben al har wurklikheit. Lyk as Kierkegaard sels skriuwt: ‘Unmiddellikens (Umiddelbarheden) is lok. Ommers yn it ûnmiddellike is der gjin tsjinsprake (to sizzen, gjin ethyske diminsje). De ûnmiddellike persoan is yn wêzen to sjen as lokkich en de libbensskôging fan ûnmiddellikens is lok.’
Yn in ethysk libben, dêr't de minske yn djipwiere sin eksistearret, binne sokke útwindige bitingsten net nedich. Mar lyk as al oantsjut is, der is net in ‘natuerlike’ oergong, gjin brêge om sa mar to sizzen, dy't jin fansels út it esthétyske nei it ethyske libben fiere kin. De stap fan it iene nei it oare wurdt dien as men in kar docht en jins hegere forstiet. Dy ropping to folgjen wol sizze jins eigen ‘hegere sels’ to sykjen.
Dochs wiist it bistean fan sa'n ropping boppe it tydlike út, nei eat dat heger is as de minske sels, God. Al is de opjefte kategoarysk, it docht ek tagelyk bliken, dat de minske net oan dy forplichting foldwaen kin. Hy hat jit to wrakseljen mei de esthétyske hertstochten dy't yn him wenje en him jimmeroan yn 'e wei steane as er it absolute en ivige sykje wol. Dêr komt jit by, dat de minske syn forstân sa fortsjustere is dat er gjin kennisse yn syn birik hat dy't boppe alle twivel fêst stiet. Soe men it ea better sizze kinne as Pascal?
‘Que deviendra donc l'homme? Sera-t-il égal à Dieu ou aux bêtes? Quelle effroyable distance! Que serons-nous donc? Qui ne voit par tout cela que l'homme est égaré, qu'il est tombé de sa place, qu'il la cherche avec inquiétude, qu'il ne la peut plus retrouver? Et qui l'y adressera donc? Les plus grands hommes ne l'ont pu.’
Hjir moat God de minske helpe om oan syn ropping to foldwaen.
| |
[pagina t.o. 176]
[p. t.o. 176] | |
THOMAS STEARNS ELIOT
Amerikaensk dichter, berne 1888 to St. Louis
foto Kay Bell
| |
| |
It ethyske libben, ta stân kommen troch in biwuste kar, laet dêrom ta it religieuze libben.
Sa bringt ek de dichter fan The Waste Land dit religieuze eksistinsialisme yn syn toanielwurk nei foaren. Wy prate hjir net fan direkte ynfloed fan Pascal en Kierkegaard op Eliot. Ek wolle wy net sizze dat hjir yn dit wurk oars neat to bilústerjen is. Wy binne fan doel allinne mar syn wurk to skôgjen troch de eagen fan in eksistinsialisme lyk as dat ta utering komt yn Pascal en Kierkegaard. Al yn 1934, yn syn earst toanielstik The Rock, tekent hy mei greate tûkens de ‘misère de l'homme’ as it libben, dat net de twaspjalt fan goed en kwea ken. Mei it each op Peter de Krúsfarder seit er:
And among his hearers were a few good men,
And most who were neither.
Hoe swier, sels pynlik, it foar in minske fan flêsk en bloed is sa'n radikale kar to dwaen, wit Eliot like goed as Pascal en Kierkegaard. En dêrfandinne dat men yn syn dichtwurk sa faken de klacht heart:
Human kind cannot bear very much reality.
Yn The Family Reunion seit immen:
You have gone through life in sleep,
Never woken to the nightmare. I tell you, life would be unendurable
Om koart to kriemen, it liket ús ta dat Eliot dit doel op it each hat: ús sjen to litten hwat it bitsjut net allinne in Kristen to wêzen, mar in Kristen to wurden.
Men soe bigjinne kinne mei The Rock. It stik wol útkomme litte, hwat troch de ieuwen hinne de hâlding west hat fan de minske foar de Tsjerke en it geastlike oer - en hwat dy hâlding hjoed-de-dei noch is. Eliot is der fan oertsjûge dat wy nettsjinsteande ús koartsich skreppen, skrandere útfinings en learde birekkeningen dochs gjin reden hawwe om optimistysk to wêzen. Ommers hwat jowt sa'n foarútgong as wy yn it geastlike by de dei earmtliker wurde? Sûnder in geastlik middelpunt hat it libben gjin wearde. Utwindige middels om it libben en de mienskip by inoar to hâlden kinne de minske gjin lieding en hâldfêst jaen, as it giet om de greate, ûntsettende fragen dy't him as in eksistearjend wêzen oanbilangje:
| |
| |
A thousand policemen directing the traffic
Cannot tell you why you come or where you go.
De measte minsken lykwols hawwe it moedwillich en oanhâldend drok mei idele dingen en hege spekulaesjes dy't oars neat binne as in útwynsel, in ûntflechtsjen fan de wankele ethyske dilemma's:
Why should men love the Church?...
She tells them of Life and Death; and of all that they would forget...
They constantly try to escape
From the darkness outside and within
By dreaming of systems so perfect that no one will need to be good.
De oprop ta wier eksistearjen is in oprop ta in died fan de wil:
Let us therefore make perfect our will.
Om jitris nei Pascal to harkjen: ‘Il y a une différence universelle et essentielle entre les actions de la volonté et toutes les autres. La volonté est un des principaux organes de la créance...
Men kin hast wol sizze dat The Rock as in drama einliks oars neat is as in útnoeging ta biwust Kristendom:
Remember the faith that took men from home
At the call of a wandering preacher.
Our age is an age of moderate virtue
When men will not lay down the cross
Because they will never assume it.
Yet nothing is impossible, nothing,
To men of faith and conviction.
Yn Murder in the Cathedral, Eliots twade toanielstik, is it binammen de aertsbiskop Thomas Becket dy't it omtinken fortsjinnet. Hy is dêr de man dy't yn in momint fan krisis forkeart, yn in momint fan wurden. Dat hy wurdt, wol fansels net sizze dat hy foartiid gjin Kristen wie. Mar as men jin der goed ynjowt, kin immen ea sizze dat er Kristen is? It libben fan in Kristen is nou ienkear net statysk; it is, rjochtoarsom, in oanhâldend wrakseljen en stribjen nei in doel dat op ierde nea birikt wurdt. Hieltiten op 'e nij komme der mominten fan krisis yn syn libben.
De earste trije Forlieders forsykje Thomas mei ierdsk goed, dat yn dit libben to krijen en to genietsjen is. Mar de biskop
| |
| |
ken in rang fan tiidleaze wearden, in teléologysk forbân efter al it chaotyske. Syn stânfêstens docht wol bliken út syn allerearste wurden:
Neither does the actor suffer
Nor the patient act. But both are fixed
In an eternal action, an eternal patience
To which all must consent that it may be willed
And which all must suffer that they may will it,
That the pattern may subsist...
As lykwols de fjirde Forlieder komt, is Thomas in amerij forbjustere. Hy stiet foar de skriklike mûglikheit in uterlik hillige died to dwaen mei in forkeard motyf. It komt der nou op oan en doch de goede kar. Twivel komt by him op, oft it paed, dat er earst sa klear sjoen hie, wol goed is. Hy komt de krisis toboppe as de ienfâldige froulju fan Canterbury him, as har geastlike lieder, smeekjend oanroppe himsels to rêdden om de wille fan syn folk. Dat forbân, dat er nou wer fielt mei it folk en de Tsjerke, jowt him nije wissichheit fan syn plak yn Gods plan. Yn syn lêste preek seit er it dúdlik en klear: ‘A Christian martyrdom is no accident... never the design of man; for the true martyr is he who has become the instrument of God, who has lost his will in the will of God, not lost it but found it, for he has found freedom in submission to God.’
Hy sjocht nou ek yn, dat hwat him persoanlik de wei fan Gods wollen taliket, oare minsken wol taskine sil as
Senseless self-slaughter of a lunatic,
Arrogant passion of a fanatic.
Ommers de mjitroede fan de geastlike wrâld is net dy fan de minsken. Nou hat Thomas the ‘still point’ birikt en hy fielt:
The inner freedom from the practical desire,
The release from action and suffering, release from the inner
And the outer compulsion, yet surrounded
By a grace of sense, a white light still and moving...
Dante het it wûndermoai ûnder wurden brocht yn it bikende antwurd fan Piccarda (Paradiso, Canto III 1.85):
E'n la sua volontade è nostra pace.
Yn The Family Reunion komt Eliot jitris op itselde thema werom. Hwat de stof oanbilanget, het er nou de foarhôven fan de Tsjerke binefter litten. Hy sprekt nou in wrâld oan dy't
| |
| |
gjin earnst mei godstsjinst makket, dy't wurden sa fol fan ynhâld lyk as leauwe, sûnde, skuld en birou frjemd binne. Hwant al is it toaniel foroare, it boadskip is itselde bleaun.
Harry, Lord Monchensey, is him biwust wurden fan de wierheit fan it libben. Bineare troch in fieling fan iensumens en skuld, sit er yn eangstme en fortwiveling. Neffens Kierkegaard is fortwifeling in oergongstastân tusken it esthétyske en it ethyske libben. Earne jowt er der dizze biskriuwing fan: ‘It is in esthétyske libbensskôging, hwant de persoan bliuwt yn de ûnmiddellikens (Umiddelbarheden) dêrfan sitten. It is lykwols de lêste esthétyske libbensskôging, hwant hja is har, ta in hichte, derfan biwust dat hja neat is.’ Syn fortwiveling hie Harry der ta brocht syn lestich wiif op sé fan kant to meitsjen. Troch sa'n krêftdiedige set, hie er hope op de ien of oare wize út syn binearjende steat fan iensumens wei to kommen. Lykwols, al is er om eat op 'e flecht, hy wit sels jitte net rjocht hwat him efter sit. Hy sjocht de idelheit fan alles wol yn, mar is jit net fierder kommen. Eliot sels, yn syn opstel oer Pascal, skriuwt oer fortwiveling en disillúzje as ‘essential moments in the progress of the intellectual soul.’
Harry wurdt pleage fan in net to forklearjen skuldbisef. It soe wol komme, sa tocht him earst, fan syn moard op syn wiif. Mar sa linkendewei bigoun it him klear to wurden, dit biwustwêzen is ‘deeper than all sense.’ Dochs oan de oare kant is it sa ynkringend en echt, dat al soe de hiele wrâld ûnecht wêze, dan bleau dit skuldbisef jit echt foar him. Hy wie nei Wishwood kommen om it to ûntflechtsjen en it libben op 'e nij to bigjinnen. Thúskommen sjocht er lykwols wol yn, dat soks net mûglik is. Sûnde kin allinne mar weinommen wurde troch birou; mei oare wurden, as men it foar eigen rekken nimt. Der moat fan binnen yn Harry hwat stjerre en hwat nijs berne wurde, lyk as Mary it him útleit:
I believe the moment of birth
Is when we have knowledge of death
I believe the season of birth
Is the season of sacrifice...
Harry mient mar fêst to witten dat de Eumenides, de goadinnen fan de wrake, him hjitfolgje. Syn famylje, sadré't hja der fan hearre, tinke dat er net goed mei de holle is. De psychiater moat mar komme. Dêrfoaroer is it Eliot syn doel ús fiele to litten dat it djipste wêzen fan sa'n bisef fan skuld net psychysk is. Sokke dingen hearre thús yn in hiel oare wrâld. Hy wit tige skoan hoe't somlike sielkundigen alle religieuze
| |
| |
wurklikheit forklearje as psychologyske forskynsels. Frjemdernôch komt Eliot yn The Cocktail Party de moderne minske al hjiryn tomjitte, as er in psychiater, Mr. Reilly, op it toaniel bringt om de knopen to ûnttiizjen. Hjir sit lykwols in sokratyske irony yn, hwant it is sinneklear, dat Reilly net in psychiater fan de wenstige soarte is. Hy kin, nei myn bitinken, ek net oars forklearre wurde as in himelske psychiater.
Harry sels kin fan syn skuldbisef net oars sizze as dat it echt is en dat it djip leit:
That apprehension deeper than all sense,
Deeper than the sense of smell, but like a smell
In that it is indescribable, a sweet and bitter smell
Mar syn muoike Agatha, de iennichste dy't bigrypt, makket him dúdlik, dat hy jit mar ien stap dien hat op 'e wei nei folsleine sielefrede:
... you only hold a fragment of the explanation.
It is only because of what you do not understand
That you feel the need to declare what you do.
There is more to understand: hold fast to that
Ear't er ré is it foar eigen rekken to nimmen en de forjildingsgoadinnen to folgjen hifket er twa mûglikheden om harren to ûntkommen:
Were they simply outside,
I might escape somewhere, perhaps.
Soks hie er bisocht mei nei Wishwood to kommen, mar it forskinen fan de Eumenides hie dizze hope stikken slein. Oan de oare kant
I could cheat them perhaps with the aid of Dr. Warburton -
Hy wol sizze, dat as syn kwael psychysk wie, in sielkundige him moai wis wol helpe kinne soe. Mar sûnde leit djipper en is foar it minskeforstân in mystearje. It giet boppe de ienling út, hwant it is mear as gewoan de frucht fan eigen misdieden. Sûnde fynt, by einbislút, syn groun yn
Some monstrous mistake and aberration
Of all men, of the world...
| |
| |
Dit alles bigjint him dúdlik to wurden as syn muoike him forhellet fan syn heit, dy't al jierren wei is. Syn heit, foreale op har, hie fan doel west en meitsje Harry syn mem fan kant. Dit forhael iepenet Harry de eagen foar de oerienkomst tusken hwat syn heit yn bigjinsel en hy sels yn wurklikheit dien hat. Syn eigen died liket wol, op in ûnbigryplike wize, de fuortsetting to wêzen fan 'e dieden fan syn foarâlden. Mei it forstân is soks net to fetsjen en hy is forbjustere.
Perhaps my life has only been a dream
Dreamt through me by the mind of others. Perhaps
I only dreamt I pushed her.
Lykwols, mei dit biwustwêzen fan de skriklike wurklikheit fan it libben, kin hy fuortgean om formoedsoening to finen en to dwaen. Ja, hy mei sels sjoen wurde as in type fan Kristus:
To resolve the enchantment under which we suffer.
Tonei is hy dan ek trou forskuldige oan in boppeierdsk ryk. Syn libbenswurk is foar dat ryk, lyk as Eliot útkomme lit troch Harry op reis gean to litten om ‘the bright angels’ to folgjen. De forjildingsgoadinnen binne foroare yn ingels, dy't him it paed wize sille. Hwat it eindoel wêze sil, wit er jitte net. Yn elts gefal kinne minskene wurden, dy't jimmer by it universéle stean bliuwe, gjin biskriuwing fan dizze reis jaen. It moat ommers persoanlik bilibbe wurde.
It is inexplicable, the resolution is in another.
Dit stiet wol fêst, dat it in libben wêze sil fan muoite en selsoerjefte.
Itselde thema, ‘redemption through choice’, komt ek nei foaren yn The Cocktail Party, dramatysk bisjoen Eliots bêste toanielstik. De persoanen fan de cocktail party sjogge it libben ‘esthétysk’. Lavinia bringt de saek oan it rôljen mei by har man, Edward, wei to rinnen. Alle fjouwer, dy't yn de skynleafdesforwikkeling bihelle binne, wurde yn de kâlde wurklikheit wurpen, hwer't alles hwat hja fielden as echt, togruzele wurdt. Peter hie it wol sjoen, doe't er frege:
Of experience between two unreal people?
| |
| |
Binammen Edward, dy't oars neat wie as in funksje fan de minsken om him hinne, kriget in swiere slach. Hy kin allinnich net libje: hwant as hy bygelyks foreale wie, wie dat sa om't oaren it fan him reine; en as er nou tinkt in sénuwoanfal krije to sillen, komt dat om't Celia en Lavinia it ek tinke. Mar nou binne alle bannen mei oaren forbrutsen en de neakene wurklikheit gappet him oan. Syn persoan moat yntegrearre wurde om it libben wer oan to kinnen.
Reilly, de frjemde gast, bringt op it lêst Edward en Lavinia beide ta in forstean fan har libben: hja binne in pear iensume, ûngelokkige skepsels, dy't nou mar bisykje moatte en bring jit hwat fan har situaesje tolânne. Sa kin it wêze, dat hja skuld ynsjen en formoedsoening yn it religieuze libben fine sille. Krektlyk as Harry, moatte hja de forfleine jierren foar eigen rekken nimme.
Of the past will you alter its meaning.
Sa'n ynkear ta harsels kin harren jit rêdde. Sadwaende de rie fan de frjemde psychiater:
Work out your salvation with diligence.
Jit in oar bilangryk persoan is de jongfaem Celia. Ek hja is har rie to'n ein en komt by Reilly. Har sabeare relaesjes mei Edward binne nou fuort en hja stiet allinne:
I mean that what has happened has made me aware
That I've always been alone. That one always is alone.
Not simply the ending of one relationship,
Not even simply finding that it never existed -
But a revelation about my relationship
Boppedat fielt hja har sûndich. Hwant oan de iene kant wit hja harsels forantwurdlik foar hwat bard is. Oan de oare kant fielt hja skuld om't hja net foun hat hwat har bigear wie. Ommers hja longere nei eat, dat sa sillich en goed is, dat it hast tofolle is foar in minskehert. Dus as hja it net foun hat, dan is hja tokoart kommen yn it goede. Eliot docht wer alle war om misforstân oer it wêzen fan de sûnde to mijen. It is gjin ûnseedlikheit, gjin ûnfoegens yn omgongsfoarmen of in soarte geastlike ôfwiking. De wiere ynhâld to fetsjen is foar ús, minsken, swier. Dat docht ek wol bliken oan Celia's eigen wurden. As Reilly freget, hwat it wurd sizze wol, kin hja oars
| |
| |
net anderje as dat dit wol hallusinaesje wêze sil. Mar fuortynienen dêrop seit hja:
Yet, at the same time, I'm frightened by the fear
That it is more real than anything I believed in.
De dichter rekket it djipste wêzen fan it Kristlik sûndebigryp, as er Celia de wurden yn 'e mûle leit, dy't net oars binne as in definysje fan hamartia:
It's not the feeling of anything I've ever done,
Which I might get away from, or of anything in me
I could get ride of - but of emptiness, of failure
Towards someone, or something, outside of myself...
Sa tomoede komt hja by Reilly. Hwat hja ienris field hie as de krêft fan folsleine leafde liket nou in dream:
I have thought at moments that the ecstasy is real
Although those who experience it may have no reality.
For what happened is remembered like a dream
In which one is exalted by intensity of loving
In the spirit, a vibration of delight
Without desire, for desire is fulfilled
In the delight of loving.
Nou't hja de wurklikheit sjocht, wurdt it har ek op itselde stuit dúdlik, dat neat op ierde - ek Edward net - ea oan de easken fan har leafdeslangstme foldwaen kin. Reilly leit har út dat har toloarstelling weinommen wurde kin yn syn Sanatorium. Dat stiet iepen foar elts dy't komme wol. Hy wol sizze, it is allinne it religieuze libben, in libben yn Gods mienskip dat Celia's leafde folslein meitsje kin. Hjir sil in nij eachweid iepen gean, hwannear't hja it as har opdracht sjen sil it ivige yn it tydlike to rêalisearjen. Hja hat kar út twa wegen. De earste wei is dy fan de measte minsken, dy't, lyk as Celia, in ‘gesicht’ sjoen hawwe. Reilly is sunich mei syn wurden, mar dochs is it wol klear dat sokke minsken tofreden mei la condition humaine har paed geane, yn fol bisef fan har iensumens en swakkens. De oare wei is dy fan folsleine tawijing. Celia nimt dizze foar kar, hwant it is har bigear jimmer hiel deun by de godlike leafde, ienris field, to libjen. It sil, ta in hichte, in ienlik paed wêze om't net folle minsken it nimme. Beide wegen binne lykwols goed yn forliking mei de wei fan it esthétyske libben:
Both ways avoid the final desolation
Of solitude in the phantasmal world
Of imagination, shuffling memories and desires.
| |
| |
Kritisi hawwe Reilly foar in Deus ex machina útmakke. Der sit in kearn fan wierheit yn. Reilly liket yn folle dingen yndied op syn Grykske foargonger Herkules, yn de Alkestis fan Euripides. Mar men moat hjir wol bitinke, dat it yn dizze situaesje net oars forwachte wurde koe. Ommers hy koe net bêst in gewoane sielkundige wêze. Hwant dat safolle minsken fan ús tiid oansjogge foar inkommensurabel: de religieuze libbensdiminsje, dat is it krekt hwat Eliot ús sjen litte wol. En hjir hat sielkunde neat to sizzen.
Yn de foargeande stikken wie it ‘the process by which the human is transhumanized’ dat ús ta in hichte yn bylden úttekene waerd. Yn elk seagen wy hwat Kierkegaerd faeks in antisipaesje fan de ivichheit neamd hawwe soe. Yn The Confidential Clerk stiet it ‘Ken dysels’ mear op 'e foargroun. Dochs sit der hiel hwat yn, dat hinnewiist nei in djippere bitsjutting.
It idé, dat in minske yn wêzen altiten allinnich is en dat de iene de oare nea folslein bigripe kin, is net nij. Yn dit stik rinne de persoanen om as koene hja harsels en oaren troch en troch. Yn wurklikheit is dit in skynbyld. It dramatysk momint komt as hja, dy't sa wis fan harsels binne, de wurklikheit sjogge en dêr foaroer in oare hâlding oannimme moatte.
Fierders rint troch it hiele stik de tsjinstelling fan skyn en wurklikheit: de sels oan it wurk yn ‘the world of make-believe’ en der foaroer de sels allinnich yn ‘the garden’. Om echt minske to wêzen moat men tagelyk yn twa flakken libje. Om it mei Kierkegaards wurden to sizzen, in minske moat syn eksistinsje trochljochtsje mei it kleare bisef fan de ivige wearde fan syn bistean, wylst er dochs tagelyk yn it deistige libben syn wurk docht.
Yn de wrâld fan skyn, fan syn deistige ûnderfiningen, hâldt Sir Claude der dizze filosofyske hâlding op nei:
If you haven't the strength to impose your own terms
Upon life, you must accept the terms it offers you.
Lykwols, op itselde stuit longeret er nei in oare wrâld:
I want a world where the form is the reality,
Of which the substantial is only a shadow.
De ûnreine wrâld fan ús gewoane libben foldocht net oan de easken fan in djipper langstme yn it minskehert. De minske fielt hwat Gabriel Marcel yn syn Gifford-lêzingen, in pear jier lyn, ‘a need for transcendence’ neamd hat. Op stelde tiden forlit Sir Claude dêrom dizze wrâld en giet er
| |
| |
... through the private door
Foar him leit dizze ‘bettere’ wrâld by syn pottebakkerswurk. Al hat er sels nea de skepper fan in kunstwurk west, by it skôgjen fan it wurk fan oaren fielt er soms dochs it geastforhef dat de kunstner field hawwe moat, doe't it út syn hannen stal krige; nei Sir Claude's bitinken, is it in soarte ien-wurden mei de kunstner. Lykwols, lyk as Celia nimmen op ierde fine koe as weardich foarwerp fan har leafde, sa fynt ek syn ekstase gjin echt korrelaet dêrfoar yn syn eigen libben. Ommers syn opteinens foar it kunstwurk oer wurdt nea hwêr't er nei longeret. Hwant de foarwerpen fan syn leafde binne jimmer it wurk fan oaren, nea fan himsels. Yn syn jonge jierren hie er der wol sin oan hawn kunstner to wurden, mar syn libben wie óârs roun en sadwaende wie er yn banksaken rekke. De fieling fan ien-wêzen kin dus nea echt wurde. Neffens syn eigen bitinken, heart it jit by in sabeare-wrâld. Hy klaget syn need by Colby, ‘the confidential clerk’:
There are others, it seems to me, who have at best to live
In two worlds - each a kind of make-believe.
Hy biskriuwt it momint fan ekstase as
Which makes life bearable,
en lit der dan mei in sucht op folgje:
I suppose it takes the place of religion...
Nóch Sir Claude nóch Colby sjogge jitte forbân tusken de beide riken: skyn en wurklikheit. Yn pleats fan de ymperatyf fan de transcendinte wrâld to forstean, is dy wrâld foar harren neat oars as in taflechtsoarde. Hja forsteane har ropping jitte net. It stik lit bygelyks trochskimerje, dat in man lyk as Sir Claude gjin bilies jaen moatten hie foar de omstannichheden fan ‘the substantial world’, mar de ropping folgje moatten, dy't de Skepper yn syn hert lein hie. Eliot wol sizze: wy moatte it wiere yn ús bistean hearrich wêze ek al sjogge de minsken ús net foar fol oan. Deselde minsken neamden Thomas Becket ommers in dwylsinnige, Harry immen dy't nei de psychiater moast.
Yn dit stik komt ek Eliots leaflingssymboal fan de roazetún foar. Lucasta, de sabeare dochter fan Sir Claude, yn har petear mei Colby forlikenet har situaesje mei sines:
| |
| |
You have your secret garden; to which you can retire
And lock the gate behind you...
And your garden is a garden
Where you hear a music that no one else could hear,
And the flowers have a scent that no one else could smell.
Minsken fan har soarte, seit hja, hawwe soks net:
I hardly feel that I'm even a person:
Nothing but a bit of living matter
Floating on the surface of the Regent's Canal.
As hja Colby kennen leart, wol se muzyk leare om't it, neffens har bitinken, in poarte wêze moat ta dy wrâld dy't ‘echter’ wêze sil as hokfoar oare, dêr't hja ea yn wenne hat.
Mar it is wer sokratyske irony by Eliot as Colby útleit, dat as hy in religieus man wie, hy net mear sa iensum yn syn tún wêze soe. Ommers allinne sa'n túin to hawwen is net genôch:
It's simply the fact of being alone there
Dizze eksistinsiële iensumens sil op 'en dûr in minske faeks liede ta Him, dy't de wiere libbensfreon is. Hy stiet oan de poarte en kloppet oant der iependien wurdt. As de minske iepen docht en God foar kar nimt, dan sille troch de seine fan Syn selskip alle bigearten, dy't yn it libben nea foldien wurde koene en sadwaende safolle smerten bisoargen, foar ivich rêst fine yn in bliuwend leafdesgeniet.
Toronto (Canada)
|
|