De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] Liuwe Dykstra: Kollum Dou leaflik doarp, dat dreamt Forgetten fan de wrâld; Earmhertich streamt dyn bloed, Myn hert wurdt núv're kâld. It sjongen fan dyn oargels Oerstimt de swiete smeits Fan skientme op de ierde, Foar dy gjin wil formeits. Dyn beammen tsjûgje leafde, Forwege yn maitiidswyn. De swart-trochiere krunen, Stean' boppe al dyn skyn. Genedefol mijt dy it libben, It giet yn myld bigryp foarby. Dyn eagen bliuwe ivich sletten: It libben is to great foar dy. Vorige Volgende