Frysk en frjemd:
Frjemd - dochs frysk
Immen dy't weet hat fan dy dingen dielt ús mei, dat der yn it okkerdeis forskynde diel - it 45ste - fan de twade útjefte fan de Bol'sa'a Sovetska's Enciklopedi'a (bls. 599 en 602, foar hwa't it neislaen wol) inkelde artikels skreaun binne oer resp. Frysk rjocht, Fryske eilannen, Fryske tael, Friezen en Fryslân. Dy artikels binne likernôch gelyk as dyselden dy't yn de earste útjefte fan 1935 opnommen wiene. Hwer't men út konkludearje mei, dat Fryslân alle ‘suveringen’ glânsryk oerlibbe hat! Lytse foroaringen binne der fansels wol, bygelyks yn de litteratueropjeften.
Hwat opfalt is oan de iene kant it wol tige biheinde karakter fan dizze ynformaesjes oer Fryslân foar de Sovjet-boarger, oan de oare kant treft jin it folslein saeklik karakter fan de ynljochtings, dy't dus eins likegoed yn in Amerikaenske ensyklopedy stean koene. De Fryske Biweging wurdt mei gjin wurd oer praten en de Fryske litteratuer moat it dwaen mei de meidieling dat der ‘nettsjinsteande (it bistean fan it Hollânsk as offisiële rykstael) in Fryske litteratuer bistiet, dy't foarme is op basis fan de westfryske dialekten’. Fierders hawwe de Russyske gearstallers folstien mei bleat geografyske en histoaryske gegevens, sûnder hokfoar demagogyske ynterpretaesjes of hwat dan ek.
Dat lêste kin spitigernôch net sein wurde fan de greatere artikels Niderlandy (yn diel 29) en ek Gollanskij 'azyk (diel 2, fan 1952).