De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 163] [p. 163] Aldert Toornstra: Sted dy't sliept de swarte fûgels fan de nacht komme der stadich oanfleanen en strike op de huzen del dy't nou as dûnkre deade foarmen tekene troch neonlampen yn de nacht skreaun stean de útholle keamerromten stoarje troch forlitten glêzen yn de lege strjitten del dêr't de lêste minsken rinne weiwurden tusken hege muorren de lûden fan har stappen bloeije yn de strjitten op tsjin de muorren fan de huzen forklinkt de echo swakke polsslach fan in stêd dy't stjerre sil Chanson pour monina dû bist it ljocht fan sinne en it libben dû bist it ivige yn my in symfonij in liet fan skjintme in oergedicht fan harmonij yn de loaitsen fan dyn eagen lês ik de net útsprutsen wurden en sjoch it byld dat ik wer ken dan rêst ik út mei tichte eagen yn de earmen fan dyn leafde der is gjin ein en gjin bigjinnen foar de dream dy't ik ûndergean allinne sweevje yn it heden dêr't dyn stal allinne is Vorige Volgende