De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] [Nummer 6] Tjitte Piebenga: Jazz club orkest mei blues en progressyf heech koper yn de flugge mjitten ôfskerme lampkes defensyf in pleisterplak om djip to sitten fordreaun ûnwurkelik de sfear wanhoopge douns fan desolaten myn god dit is gjin libben mear krampeftich foljen fan hiaten noch heger klimt de koopren toan yntins biwegen fan de rokken it slachwurk giselt feller oan it libben giet mei skokken forwrongen huveret de saks yn noch wer hiter fûlder maten muzyk slacht rimpen del en laks bigjinne wy wer wurch to praten [pagina 162] [p. 162] T T op eigen manneboet wy wurde ien mei de mesine in libben ding fan izer groom en sjitte oer de grize line biriders fan it nijst fantoom in rook fan oalje en bensine hwat is in ûre in kertier der is gjin takomst gjin forline de motor skuort en tikket swier in blauwe reek fan útlitgassen fûleindich tikjen yn it blok de huzen bleakere karkassen wy jeije nei de lêste klok nou komt it naustik fan de trechter de wyn de dea laket forheard wy wurde mei de motor hechter en giere troch in libben neat wy binne nou net mear allinne bensine oalje smarring fet gjalpet troch ús ieren hinne de silinder is ús hert wy remme fêstroune silinder en stopje yn de berm yn 't slyk wy sjogge op forrek wy bin der mar ús hert raest oer de dyk Vorige Volgende