De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] [Nummer 4] Tjitte Piebenga: Sawn fersen foar Marida Har sliepen I dit stille sliepen op it kessen dit roerleas sliepen yn de nacht it hier breedút it waeijert sacht yn ripe dûnkerbrune tressen dit warleas oerjaen oan de nacht de linen fan it sébrún bekken de boarsten tsjin it wite lekken de tún mei paed en sêfte facht ik bûch my nei dit sliepen oer har lippen ynwaerm glimkjend binne as ik har warleasheit biroer mar earne fier giet dit kontoer en dat sil ik net keare kinne nei âlder grizer foarmen oer [pagina 98] [p. 98] II nou leit noch ûnbiwust to sliepen hwat ienris net mear wêze sil sa ûnbiweechlik en sa stil skou amjend mei de mûle iepen hja wit net dat hja al forgiet hwant ûnder glêdde opperflakte makket forflechtiging al akte fan hwat noch read to bloeijen stiet sok ynstil sliepen is de dea allinne sûnder 't rotsfêst witten en sûnder 't feestelike rea en hja wurdt wekker rekt de lea hja sjocht my oan en giet dan sitten> hja is wer wekker út de dea [pagina 99] [p. 99] Us nacht dat waerme tichtdwaen fan har eagen 't oersljochtsjen fan dat dierlik brún it slûgjend toevjen yn dy tún en driuwe yn har lange weagen ûntslutend har hert-reade glim har antlit tekent alle fierten ûneinich blau en sûnder mjitten it bûgen fan har heaze stim fol-dreaun en ladenheit de sfear it rikt de grinzen fan myn kinnen en siket om de wurge kear is wêzen rint ta ien punt gear it brekken fan it ljocht op 't linnen en bûten ús is nimmen mear [pagina 100] [p. 100] Har reade rôk har rôk hyt-read it torso klaeit om 't ritme fan de lea bisletten dy reade rôk yn ploaijen getten licht om dit wûnder barren leit sa read sa read bin dizze tearen dat alles hwat ik fan har wit him yn dit read fordriuwe lit nei wrâlden dy't net bin to kearen de rôk dy't har sa ynread klaeit wurdt fan sa'n fel en drigend flamjen dat reek my om de tinzen waeit en ik liz yn har reade klûs in stream sa sterk net mear to damjen brekt troch de doarren fan de slûs [pagina 101] [p. 101] Balâns mei elts nij wurd of nije letter skriuw ik har fierder fan my ou hwant as ik de kolommen bou tel ik forlies of winstpunt better ik wit dat de balâns net slút mar ik moat om dy posten sykje dy't my hwat dubieus talykje mar ik fyn der gjin flaters út ik wol in batich saldo ha mar dwers troch de kolommen hinne komt wer har antlit op my ta mei eagen dy't forliespost binne en net in winst yn aktiva dêrom boek ik mysels allinne [pagina 102] [p. 102] De lêste kear muzyk út speaker oan de muorre it ljocht dat giel en iensum wie de wurden dy't ik om har die it ôfskie dat to lang noch duorre - ik heb je lief - deselde plaet moat oan syn ein op nij bigjinne hwat wy allinne witte kinne bliuwt oan de ein la ûnbipraet ús praten is definityf mar dochs kin wy elkoar net roere hwant ek dit moetsjen wie foutyf dy selde plaet - ik heb je lief - forhip de bus nou noch in ûre oan 'e ein ta bliuwe wy passyf [pagina 103] [p. 103] En nou fierder en nou mar fierder yn de joun binne wy beide wer allinne ik pak myn tas myn fuotten rinne wy binne foar elkoar fordwoun wy bleauwen iensum alle dagen en yn it ynerlikste skeel waerd net in dúdlik andert heel oer alle iepensteande fragen har stap dy't om in hûs fordwynt it klinkt noch nei yn tsjustre strjitte lantearne dy't fijannich skynt mar earne yn my is dit witten: hwa't bannen yn de minsken fynt wurdt mei himsels allinne litten Vorige Volgende