Meidielingen
De redaksje is fan doel yn ien fan de kommende simmernûmers fan De Tsjerne ekstra rom plak yn to skikken foar de Lichte Muze. Us fêste meiwurkers en ek oaren mei in krol sin - dichters, fortellers, essayisten, tekeners, swilkfikers - wurde forsocht om kopij dy't yn sa'n nûmer past, foar 15 juny '57 frijbliuwend yn to stjûren. Elk genre, it komyske, it tragikomyske, it ironyske, it sarkastyske of it kolderike sil yn de bineaming komme kinne. It hert dat trillet ús, it hat nin roai.
DE REDAKSJE