Forienfaldiging fan stavering?
Yn De Pompeblêdden, Tydskrift foar Underwiis en Fryske Stúdzje (nr 1, jg. 1957), docht drs. Teake Hoekema in mannich konkrete foarslaggen om to kommen ta in ienfâldiger staveringssysteem foar it Frysk. Hy docht dat mei forwizing nei it earste diel fan dr. P. Sipma's Ta it Frysk. Binammen mei it each op ús ûnderwiis achtet de hear Hoekema de foroaring fan 1945 to healwoeksen en to kompromyseftich. It wurdt tiid de stavering opnij op 'e helling to lûken. Gâns ûnderwiislju sille dat mei him iens wêze. Alhoewol't er minder fier giet as G.B. Shaw, dy't foar syn memmetael in hiel nij alfabeth woe, giet Hoekema dochs noch al revolusionair to wurk as men syn útstellen sa lêst. Hy stiet by de vokalen b.g. in systeem foar, dêr't de bûtensteander daliks oan sjen kin oft dy lang of koart binne. Tekens dy't ‘ynternasionael ûnbrûkber’ binne, lyk as ij, oe en eu, wol er radikael forfange troch oare, dêr't sels it ‘Skandinavyske’ ø-teken en å-teken yn bihelle wurde, tekens dêr't op Nederlânske noch Dútske skriuwmasinen gjin spoar fan to finen is.
De útsteller seit, dat er syn foarslaggen mei de nedige foarsichtichheit docht en dat it binammen syn doel is om in diskusje oer staveringsforoaring op gleed to bringen. Al hoen foarstanner men wêze mei fan in stavering dy't op 'e praktyk fan ûnderwiis en deistich skriftlik taelgebrûk ôfsteld is, dochs griist men earst wol efkes tsjin quon útstellen fan dizze Fryske Kollewijn oan. Mar alles went, oan staverjen te. Om in aerdichheit litte wy hjir in sonnet folgje fan R.P. Sybesma (tonei: Sybbesma?), oerbrocht yn de stavering dy't Teake Hoekema sanet as de idéale, dan dochs as in betterenien foar eagen stiet.
Ien moárntiid waaide ien stive, kôde wyn
eer deade rûgge jerstklean fån 'e lônen;
et skom fån weagen lai yn wytte rônen
sa klear dèèrom - dèèr wie wåt wûnders yn.
En wûnder rûûzde 't raid troch hiel har stônen:
wien ja net mear bewend oan mylde skyn,
en hage har dit swiere wolkgerdyn,
dåt ljåchtleas bleau en dôve 't sinnebrônen?
En yn 'e leite fån dy wûndre raiden,
dèèr fleach ien winterfûggel jinsem, stil,
ås såcht er hail en treast op fèèster graiden,
ås ealge 'r wåt, ås wie der eat op til.
En tsjin 'e jûûn, dû't swart de hymmel stie,
dû wyndre út et Easten fynne snie.