skriuwtalint fan Abe Brouwer net oars as gunstich en fruchtber achte wurde mocht dat er, ûntslein fan in heap argewaesje, nou fêst wurk en fêst lean foar kar nommen hie. Binammen omdat it nije wurk, folle mear as bygelyks de journalistyk, garânsje liket to bieden foar geastlike ûntspanning en foldwaende frije tiid. Ik hie my yntinke kinnen, dat Schurer skreaun hie: ‘Lokkich de Fryske skriuwer, dy't it strjitfluorjen yn 't bloed sit - is der foar in kunstner in gaedliker birop to bitinken? Hy fynt ommers de klinkerts op ‘e dyk!’
Abe Brouwer is, as 't my net mist ek neffens Schurers miening, in proazaïst fan tige biskieden kapasiteiten. De krityk mei him yn 't earstoan mei De Gouden Swipe hwat oer 't hynder tild hawwe, syn lettere boeken hawwe dochs wol biwiisd dat it earste ûnthjit net ynlost is. Der mei dan sa foar en nei hwat yn it Hollânsk en oare talen oerset wêze, in feit is dat, by myn witten, sûnt de lêste fiif seis jier gjin nij oarspronklik proazawurk fan Abe Brouwer op 'e merk kommen is. En fierders: hwat toanielstikken dêr't de krityk ek al net folle goeds fan to sizzen hie, hwat meagere journalistyk - sjochdêr alles hwat amper tsien jier skriuwersbistean oplevere hat. It iene mei it oare jowt dochs yn gjin gefal reden ta it stellen fan it martlerskip lykas Schurer, yn striid dus mei de neakene feiten, docht. Ik haw neat gjin oanstriid om dy feiten to forsieren of ta to ljochtsjen. Ik woe se neame, krekt omt Fedde Schurer se forswijt. En omt it foarbysjen fan de konkrete feiten, oangeande Abe Brouwer èn oangeande de Fryske litteraire wrâld en har idéële en saeklike bigrinzing yn it algemien, oarsaek wêze kin fan in misforstân by de sljochtweihinne lêzers. Om fan sljochtweihinne skriuwers noch mar to swijen.
Hwer wol Schurer op út? Op in fordûbele forkeappriis fan Fryske romans dy't nedich wêze soe om û.o. de skriuwers in foech skriuwersbistean to forskaffen? Lit him der yn de Koerier en dêrbûten foar pleitsje. Op in ekstra taslach fan rykswegen foar Fryske proazaisten ‘met een naam en een debuut (sil wêze: debiet) als Abe Brouwer’? Lit him der minister Cals op oansprekke. Op in tapaslik bybaentsje, bygelyks yn de journalistyk, foar skriuwers yn breaneed lykas Abe Brouwer? Lit him bisykje dêr de hearen fan de Friese Pers foar to spannen - ik neam mar hwat.
Ta bislút: ik sil foar 't neist misforstien wurde as ik Werumus Buning sitearje dy't hawwe woe dat in fink nea better en moaijer sjongt as hwannear't him de eagen útstutsen binne. Nou is Abe Brouwer by my gjin fink - mar de finken dy't der to uzes dan ál binne: hawwe hja net allegearre, hawwe wy net allegearre, stik foar stik, it fêste baentsje, it goede bistean, de wissichheit fan in boargerlik libben foar kar nommen boppe de neakene frijdom fan de kunstner? Ekonomyske twang? De skuld fan it Fryske folk? De hurde needsaek om de mûle fan wiif en bern iepen to hâlden? Toemar, as jimme, as wy it sizze sil it wol sa wêze. Mar de pet ôf foar de earste Fryske dichter, de earste Fryske proazaïst dy't it sûnder dy fêstichheden bisiket. Hy koe - as er talint hat alteast - foar de takomst fan de Fryske litteratuer wolris fan gâns mear bitsjutting wêze as tsien romanskriuwers dy't great gean kinne op in troch hwa dan ek garandearre bisteansminimum. Hwer bliuwt de man dy't it sûnder pake pong oandoar? Omdat er móát?!
FREARK DAM