is in master en syn spylders binne stik foar stik akteurs fan great formaet.
Mei de kar fan Lyon as plak fan hanneling hat de regisseur al daliks in goede greep dien. De treasteleaze misère fan de steigen en krotten yn de greate fabryksstêd roppe ynienen de binearjende sfear fan Dostojewski syn boek op. De suggestive opnamen binne yn sober swart-wyt, sûnder show of technyske kunstgrepen. In bisiele fakmanskip hat kamera, dékor en muzyk har tsjinjende en aksintuearjende funksje jown yn it minsklik drama.
De problematyk fan René Brunel, de haedpersoan, is yn 't earstoan gans ienfâldiger as dy fan Dostojewski syn Raskolnikow. Dat leit yn it aerd fan it kunstfenomeen, de film, dy't boun is oan in koarte tiid en dynamyske aksje. Foar de lang útrutsen filosofyske meditaesjes en komplisearre psychologyske konflikten fan Raskolnikow wie hjir gjin plak. Yn wêzen binne hja lykwols deselde: de minske, dy't de stelde grinzen net erkent, dy't mei in absolute died, de moard op in âlde ynklauster, troch eigen konflikten en de ellinde fan de wrâld hinnebrekke wol, en dy't tagelyk solidair is mei de paria's en de fornederen. En hwat by Dostojewski de haedsaek is, is it hjir ek: de wroeging en nioardzjende striid fan de misdiediger nei de moard. Lily, de prostitué-út-need, mei it greate, fromme hert, wiist him de iennichste wei: knibbelje foar de Krusige, himsels oanjaen by de polysje en de fortsjinne straf frijwillich drage. ‘Boeide hannen kinne better om forjeffenis bidde’, seit hja. Nei in wanhopich forset falt er del en ropt: ik knibbelje foar alle minsklike ellinde!
De striid tusken Brunel en de kommissaris kriget yn de film in bisûnder aksint en der komt in elemint yn foar, dat men by Dostojewski net fynt, mar dat fan greate bitsjutting is. Kommissaris Gallet is in âld rôt, dy't folslein wis fan syn saek is en rêstich wachtet op 'e frijwillige bikentenis. Yn syn petearen mei Brunel is er lykwols folle mear de wize freon, suver in heit, as de jachthoun fan de justysje. Mar as Brunel op oanstean fan Lily op it lest bikent, foroaret de mylde filosoof ynienen yn de stienhurde polysjeman en hat er mar ien antwurd: dyn hannen. En wylst er de boeijens om Brunel syn polzen knipt, demonstrearje syn kâlde eagen allinne mar syn sukses. Dy mentaliteit wurdt noch aksintuearre troch it feit, dat syn assistinten in ûnskuldige sa murf tamtearre hawwe, dat er biweart, de moardner to wêzen. As dan de polysjewein mei Brunel fuortrydt, set in machtich korael yn, dêr't men de wurden net fan forstiet, mar it motyf safolleste better: hy wie dea en hy is wer libben wurden, hy wie forlern en is weromfoun. Sa biljochtet de regisseur yn in sublym momint it kontrast tusken in ierdsk rjocht, dat sûnder skrupules opjaget en ûnmeilydsum taslacht, en de himelske gerjochtichheit, dy't ek op e frijwillige oerjefte wachtet en dan de sûnder jubeljend frijsprekt.
De spylders yn dizze film binne masters. Robert Hossein, yn de haedrol, is fan útsûnderlik formaet en spilet oanienwei ûnder heechspanning. Hy spilet Brunel net, hy ís Brunel. Marina Vlady mei har seldsum suver gesicht is in oangripende Lily. De feteraen Jean Gabin hellet út de slûchslimme kommissaris alles hwat der yn sit. Julien Garette kréearret in dronkene Marcelin, dy't net bispotlik, allinne mar tragysk is. De oare rollen binne navenant.
Lang bliuwt dat lêste momint jin by: Brunel, dy't, ear't de wein sletten wurdt, mei syn boeide hannen Lily groetet, en it ljocht, dat fan de wein nei de gevels riist en dan de loft yn skynt ûnder it