mei wurd en toan ynlitten en soene wy nou ynienen ús sa'n stik wurk op de lea helje? Man, jo bigripe neat fan ús swierrichheden mei Gysbert-om's neilittenskip; wy binne jimmer noch oan it boelbiskriuwen!
Oer de forhâlding fan dicht en meldij sille se it wol net iens wurde, sa lang elk it fan syn eigen side bisjocht. It is sa gesteld, in dicht dat in meldij kriget is gjin dicht mear, mar in liet; sadré't de meldij forfalt bliuwt it dicht oer; de meldij is dan ek net wei en to brûken foar in oar dicht of ynstrumintael (sjoch b.g. de Piet Hein Rhapsodie). De foarm fan in dicht kin troch de meldij foroarje; de komponist is frij om fan ritme to wikseljen (lyk as ek mannich dicht ritmysk fariearret).
Byhwannear't in komponist in dicht op muzyk set, moat hy rekken hâlde mei de wurd-ekspressy (swiere en lichte wurdlidden en wurden); hy kin dat dwaen as er trochkomponearret, d.w.s., dat it hiele dicht subjekt fan in komposysje wurdt ynsté fan in selde meldij foar elk kouplet. Yn dit lêste gefal sil in dichter dy't muzikael is en wit, dat op syn dicht in liet makke wurdt, soargje dat yn elk kouplet de swiere wurden of wurdlidden jimmer op deselde tiid falle, en hy sil him ûnthâlde moatte fan enjambeminten; dy hearre net yn in liet.
Gysbert Japicx makke syn lieten op bikende meldijen en koe der dus foar soargje, dat alle koupletten pasten op de meldij. Dat hat er ek grif dien en dêrút priuwe wy syn muzikaliteiten! Net sasear út de kar fan de meldijen (Dr. A. Wadman: De Tsjerne, sept. '56, bls. 307). Hwa't fan in stikmannich lieten en psalmen alle koupletten op it ritme fan de meldijen ûndersiket, sil hjir en dêr in enjambemint tsjinkomme en it krukt inkelde kearen ris tusken in swier wurd(lid) en in lichte meldijnoat of oarsom, mar yn it miene past alles goed byelkoar, ja sa faek en goed, dat men wolris in fraechteken set by in fan Prof. J. Jansen keazen meldij, om't wurd en toan deryn rammelje of minder goed meielkoar opgeane. As foarbyld dêrfan: Gysbert Japicx' Bruyds-lied:
Keer om Lief- ste' ô Ghy held! Word als Ree op 'et veld, De streekjes jowe de swiere meldij-mjitte-aksinten oan. Hat de dichter hjir net in oare meldij of in fariant foar eagen stien?
Yn in tiid, dat - muzyk-théoretysk - de foarm-analyse noch net útfoun is, hwat net sizze wol dat it skeppen fan foarmen binefter bliuwt, merkbite wy, dat Gysbert Japicx melodyske caesuren oantsjut mei koarte wurdforbiningen, skiedingen troch lêstekens en ek troch binnenrym. Yn it duet tusken Tjerne en Yntske fine wy de caesuren melodysk sawol as