De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 87] [p. 87] Fedde Schurer en D.A. Tamminga: Fearpikkende op 'e Parnassus IV FEDDE SCHURER: Hol bliuwt dyn toan, ienlûdich dyn libretto. Hâld dy forfrjemding foor dysels yn petto. Dy stompkes oan dyn earmen binn' bidroch, Hwant sinnewjokken waechse yn gjin ghetto. D.A. TAMMINGA: Is Fryslân dan net rommernôch foar sokken Dy't libje by de marren en de mokken? Merkst dou ús miede en bou foar ghetto oan, Dou yn 'e groun bidoarne Lemster bokken? FEDDE SCHURER: Preaust wer tofolle fan dyn âld Jamaicer, Dû mei gjin hynst út sté to skuorren klaiker? Jow my mar foar dit froed ynbannich folk In oer de steppe strunend balalaïker! D.A. TAMMINGA: Hâld dy by Doaitse mei de Noardske Balke! Sa mannich steppestrúnder, achte stalke, Is mei de sturt yn 'e ears fan Stalingrad Of Beresina wer op hûs ta swalke. FEDDE SCHURER: Hwat is ús tsjinstriid, hwat es ûnderskieding? In útsetter of pas in foarbirieding? Libben en kunst binn' twa en lykwols ien - Mar hwat is tekst en hwat is bigelieding? D.A. TAMMINGA: Tantsje ik de ûndertoanen fan dyn siel, Dan is dêr gâns yn dat ik ynskewiel. Haw ik, as Tsjesck-moar, wierlik romtefreze En keast dou, Wif, it alderbêste diel? (wurdt fuortset) Vorige Volgende