binammen ek it iderkear herhelle: ‘Tûzenen minsken dogge dit... Tûzenen dogge dat... ensfh. dogge hwat maklik en al to retoarysk oan. Dat jildt ek foar it bigjin, de Europeeske reinprolooch. It is wol suggestyf, dat byld fan Londen yn 'e mist en Marseille yn 'e rein, it is yndied it prosédé fan de simultaenroman, de journalistike reportaezje-roman út de tweintiger jierren, mar it hinget ek hwat yn 'e loft, as mei gauwens bliken docht, noch fan Londen noch fan Marseille is yn it hiele boek fierderop mear sprake. Dêr komt noch by, dat krekt op sokke by útstek ‘litteraire’ plakken Terpstra syn hwat meaqer taelbisit to dúdlik foar it ljocht komt.
Myn biswier tsjin dit boek - mar it is in biswier op in heech niveau - is dan ek tige yn it algemien, dat it prosédé mei in al to greate en to maklike, hast hwat journalistike neidruklikens tapast is, en dat sadwaende it forhael, hoe meinimmend en spannend it is, hwat to folle konstruksje bliuwt, produkt fan glêdde, effisiënte birekkening. It is net soepel genôch, to strak en to mechanysk opset. It forriedt syn eigen draeipunten al to iepenlik.
Dizze opset brocht mei, dat de fjouwer minsken dy't elkoar by it bigjin fan it forhael net kenne, mar tafallich yn deselde trein sitte, yn 'e rin fan it forhael mei elkoar yn 'e kunde komme moatte. It forhael wurket dus dúdlik op in klimaks oan en it is nijsgjirrich to sjen hoe't de skriuwer de toutsjes hieltyd nauwer oanhellet en, ek mei help fan oare dramatyske figueren lykas de Heilsleger kapiteine Feddema, op 'e ûntknoping oanstjûrt. Dit is yndied in greate fortsjinste fan dit boek, dat it sa'n knappe yntrige, sa'n fornimstich gearknotsjen fan motiven sjen lit. Dat is it ek hwat dit boek ûnderskiedt fan safolle oare Fryske romans dy't mar net ta in fornimstige yntrige komme kinne, dy't hingjen bliuwe yn it stadige, wiidweidige biskriuwen fan in libbensgong fan widze oant grêf.
De fjouwer libbensforhalen dy't elkoar by einsluten reitsje yn de dramatyske rjochtssitting oan de ein, binne fan ûngelikense bitsjutting en wearde. De skiednis fan mr. Herman Geertsma is dêrby wer konstruearre as tsjinsteld oan dy fan it famke Gerry Beintema. Net allinne dat de earste it forhael is fan in libbensein en de twadde dat fan in libbensbigjin, mar ek qua karakter binne hja elkoars tsjinpoalen: it oerbiwuste, dat yn mr. Geertsma komt ta de erkenning fan eigen mislearjen, tsjinoer it ûnbiwuste by it famke Gerry, dat sels as it fortize rekket yn 'e ûnbigrepen forwikkelingen fan de