dy't hja sadaliks wer nei binnen slaen soene. Dêr trof Jelmer ek syn freon Tsjeard, dy't swetste oer ien fan de fammen, dêr't er drok mei dounse hie. Deun efter harren stie Otto mei in pear freonen. Ynienen hearde Jelmer de namme fan Yfke neamen en doe foel Tsjeard syn praet en it roppen en laitsjen fan oaren foar him wei. Hy hie allinne noch earen foar hwat der efter him sein waerd. Otto liet him der blykber op foarstean, dat gjin faem foar him feilich wie.
‘Soa net?’ hearde Jelmer hirn sizzen. ‘As it der op oankomt binne hja allegearre gelyk, jong! Allinne, de iene moatst wer oars oanpakke as de oare. Ast dy kunst mar forstietst, dan krigest har allegearre wol safier. Hja ha hjoed krekt it earste nijwoune hea yn 'e skuorre krigen, hat hja my niis sein. Kin it moaijer, hwatte?’ Der wie efkes in oar lûd, dat Jelmer net forstean koe, en doe Otto wer: ‘En Yfke dochs net, seist? Nou dan leaust my net, mar ik siz dy...’
De wurden stoaren wei. Otto en syn maten joegen har mûskopjend ôf nei de dounsseal. Jelmer fielde in fûle haet tsjin Otto. It wie krekt as hie dy mei syn wurden allinne Yfke al bismoarke. Hy wie yn 'e wille en flean him oan, mar hy boun him yn. ‘Ik krij dy wol, ellindeling’, tocht er. ‘Allinne omdatst studint bist en dokter smoarryk is, tinkst dat alles foar dy is, mar dat sil dy diskear net glêd sitte’. Jelmer seach nei syn hân en spande syn spieren.
Op 'e seal wie it dounsjen al wer bigoun. Jelmer seach, dat Yfke diskear mei in oaren roundraeide en hy die it himsels oan tiid om by de taep in glês bier to heljen. Efkes letter hie er syn observaesjepost wer ynnaem en syn eagen sochten yn de rikkerige seal it âlde doel: it gesicht fan Yfke en de brune hals fan Otto. It duorre net lang, doe wiene dy beide doelen wer flak byinoar en nou wie it foaral dy hals en dat iene plakje fan dy hals, dêr't er nei stoarre.
Mei't it stadichoan mear nei slutingstiid roun, fielde Jelmer de spanning en de ûnrêst yn him oanwinnen. Yfke bleau mei Otto dounsjen, it soe der fan komme moatte, der wie foar him strak gjin ûntwiken meer oan, of it moest wêze dat er Yfke to wurden komme koe en dat hja nei him harkje woe. Foar him draeiden nou de rigels fan feinten en fammen foarby, dy't dwaende wiene oan de mobilisaesjestep. It skimere him suver foar de eagen, mar ynienen skrille er op. Dêr stie Yfke foar him. ‘Kom Jelmer, dû moatst ek ris in kear dounsje.’
Hy kaem oerein, lei syn switterige hân op de rêch fan har cocktailjurkje, dat frjemd glêd fielde ûnder syn klamme fingers. Hy bisocht wanhopich yn 'e maet to kommen mei har