De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 74] [p. 74] A. Jousma: Soan om fierrens Astû dan ûndergean moatst, Fryslân, lân, dêr't ik hûs en honk hie, dat ik leave en dochs forliet; as dyn sprake, dy't ik brûk yn myn dreamen en as ik yn mysels praet, de wei gean moat fan al it ierdske (twatûzen jier of mear is dochs al lang) lit my dan sizze kinne, dat ik heard ha ta de Gideonsbinde, dy't dy trou bleaun is, salang as it koe, yn de tiid, doe't de atomen op spjalten stiene. It is dochs al mei al in frjemd forskynsel dyn hiele bistean! Dyn greate broer, de Angelsaks, wurdt yn eigen sprake bigroete fan brún en swart en read de hiele wrâld oer. En dyn bern glimkje breedút, as hja tsjin in eigen lânsman mei in boardtsje om krûm Hollânsk prate kinne. Men soe sizze, hoe ha se it sa lang úthâlden as eigen stam, mei eigen lân en lud? Yn dyn greate tiid, Fryslân, doe't Redbad tsjin Pepyn stried en tsjin Karel, hoe sil dy fûleinige hearsker him iensum en machteleas field ha, as er dyn folk net bringe koe ta it leauwen yn 'e hearskippij oer West-Jerope, dy't hysels wanken seach oan de kimen, read as Walhalla, sa't it jouns opljochtet ear't de sédampen it bidekke. Sûnt de tiid fan dyn earste en lêste heltekening -, hat dyn folk noch ea great west? Wol yn wurden faeks: frij, froed, from, heech, steech, sterk -, rjocht, sljocht... [pagina 75] [p. 75] Mar nei alderlei frjemde hearen hat it him foege, al of net mei bûgde knibbel, o Gemma fan Burmania, en de Hegere Macht hat it tige syn gerak jown, (al wie dat ornaris meast yn wurden). Mar - hwa sil wrâld's wûnders trochgrounje? - dú bist der noch en draechst deselde namme as twatûzen jier lyn. Lit my dyn soan bliuwe, Fryslân, in soan om fierrens, dat is sa. Mar as de tinzen to fetsjen sykje it wrede wrakseljen fan dizze toskuorde tiid en as de wurden dy tinzen oantsjutte wolle yn muoisum stammerjen, dan sille dy lûden dy hiem wêze, berne yn dyn kontreijen en fol fan dyn tsjoen. As de radio en de parse en de útlânske sylders dyn tael en wêzen hoe langer hoe mear binearje, dan sil dochs yn Fryske wurden fan dizze apokalyps songen wêze: Fryslân sil net swije foar syn dea! Vorige Volgende