wol fuortgean koe sûnder dat hja der eet fan fornimme soe. Mar ik doarst net iens op de wei forskine.
Hja siet oan de iene kant fan de tafel foar in finster, en ik oan de oare kant foar it oare finster. It tsjerkeboek lei tusken ús yn op 'e tafel, mar hja taelde der net mear nei, hja siet my mar oan to sjen út har giele bolle reade-ierke eagen en sa nuver, as wie ik fan glês, dat hja troch my hinne sjen koe. In skoft hold ik it noch út út eangst om de bûtenwacht, mar krekt, doe't ik wol skreauwe koe, kaem der biweging yn har. Hja socht it portret fan de gewoane man, in jonge noch, op en hold it tsjin har toarre lippen.
‘It het neat to bitsjutten’, sei hja.
‘Né’, sei ik deabinaud.
‘Mar it is ek net hielendal neat’, forfette hja.
‘Né’, sei ik, mar hie likegoed hwat oars sizze kinnen.
Ik moest it portret ek bisjen. It hie har feint net wêze kinnen, it wie noch mar in jonge, ik hie it goed sjoen.
‘Myn jonge’, sei de frelle. Sa sunich kaem it der út en sa fol forwachting seach hja my oan, hwat ik der wol fan sizze soe. Mar ik leaude har net, omt er net moai yn de klean wie.
‘Dû moatst dy dyn bern skielk nea ôfnimme litte, famke. Dû moatst foar him fjochtsje. Oars is it libben de muoite net wurdich. Kinst wol fjochtsje?’
Ik wie bikommen, en hjir kamen wy op bikend terrein.
‘Wol mei de fûsten”, sei ik foarsichtich.
‘Op fûsten komt it oan’, sei hja.
‘Ja frelle’, sei ik en liet myn fûsten sjen. Hwat moatte dy doe noch lyts en ùnmachtich west hawwe.
‘Libbet er noch?’ frege ik nijsgjirrich.
Mar dat hie ik net freegje moatten, hja wie nou wer op har iepenst en Loek mei in heel alle portretten yn har tinne skoat.
‘Dû moatst fuortgean’, sei hja lilk, ‘hwat dochst hjir sa lang!’
Dy wurden makken my ek lilk. Geandewei woun ik my noch op ek. Alle tizenusten dêr't ik yn rekke wie, wiene har skuld. It laberet dêr't hja my yn brocht hie, kaem yn al syn hear en fear op my ta. Ik fleach nei de keamersdoar.
‘Hy liket op ús pake Jan, op Jan fan der Laan’, skreaude ik.
Hwat ik grútsjen heard hie, wie my al lang yn it sin kommen, en oan it antlit fan de frelle to sjen, wie ik net fier mis. Hja wie nou ek wol goed by har forstân.
‘Silst neat fortelle? Silst neat fortelle?’ Sa oatmoedich frege hja it, dat ik krige der nocht oan. ‘Alles’, sei ik, ‘alles.’
‘Toe, dan meist de hiele moerbeibeam hawwe”, rôp hja, hwant ik krige altyd blêdden fan dy beam foar de siderûpen,