De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] [Nummer 3] Tjitte Piebenga: De ûre it hat wer reind de strjitten wiet en beammen fochtich earmen roere myn hert it is sa'n trystich liet ik rin en sykje om myn ûre it wiete asfalt wit it net de puozzen op de tegels swije ik bin allinne mei myn hert en hwa sil nou myn ûre krije ik ha it frege om en om oan eltse doar oan alle ruten mar alle mûlen bleauwen stom en alle doarren sluten ik rin fortize yn de joun hoe moat ik dizze mienskip risse hwant nimmen hat myn ûre foun ik moat myn ûre misse it miggelt grizich oer de stêd en hwer mout ik myn leasten stjûre ik rin de stiennen trêd net trêd ik rin en sykje om myn ûre [pagina 66] [p. 66] Yn de trein sa út dyn waerme sirkel wei wer yn de trein en wer allinne it dindert wreed mar ik moat mei it stel skuort troch de wiksels hinne hwa't dizze nacht allinne is sil him wer twaris iensum fiele hy sil om 't bitendste gemis foar anker gean yn eigen siele hwa't dizze nacht yn iensumheid syn tiid fordocht mei eigen wêzen sil om de bitt're minsklikheid to klopjen stean oan tsjust're glêzen toplak sil er yn 't bleke ljocht syn sear yn lange brieven skriuwe 't relaes - dat lang al wurden socht - fan har dy't altyd iensum bliuwe mar hwat der yn de brieven stiet bliuwt by it stumperich bisykjen fan hwat der yn in swart fortriet jinsels en eigen skynt to lykjen net dekkend op 't pepier forskynt mar earne moat der dochs eat wêze dat minsken oanelkoarren bynt al sil de pine nea genêze it dindert wreed de tiid forrint hwer is it doel hwer gean wy hinne wy raze oer in iz'ren lint en altyd bliuwe wy allinne [pagina 67] [p. 67] Christine Carmenchita vokalise forstienne yn it blauste blau stil yn de felste koloriten leit oan myn flank de frouste frou in doalhof nei de âlde mythen piston en saks en fiolier blêdden yn it hjerstich wiken it lot fan frou en boekanier yn de forblomme wintersiken oan twigen op it lêste rút fan boaijemleaze tút sa stiet in dei fan bloedkorael oer wurden fan de nijste tael en rigels oer in âld bigjin fine wer in nije sin en yn de fierte magnifyk eine kleine nachtmusik [pagina 68] [p. 68] De hoer stil op it plein ûnder lantearne forgetten ûnder strjitten folk stiet hja yn dizze kleurekolk en wachtet skril op immen earne it antlit is noch jimmer leech mei djippe fuorgen om de mûle mar soms moat hja ek efkes gûle en giet har amme fluch en heech mar nimmen dy't it witte mei hwant hja is foar dy oaren berne en is har reputaesje wei en dêrom stiet hja dei oan dei hyltiid yn oare faeijer herne om't hja ek minske wêze mei [pagina 69] [p. 69] De pasjint de kop foardel mei tichte eagen strampelt er dwaes de keamer yn syn gestes bliuwe lyts en fyn as hiet er dit alles in leagen de dokter wiist him koart in stoel bigjint fuort saeklik to petearjen om fan dit sielbiweech to klearjen it hoe en hwat it ein en 't doel mar op it goede kaeijewurd komt er oerein en mei de hannen bifeelt er legers skerp en hurd hwant op it trefwurd wellington oersjocht er heech en greatsk de lannen en boartet er napoleon Vorige Volgende