jier forlyn yn in priisfraech fan it Nij Frysk Toaniel bikroand is. Op himsels mei it spitich wêze, dat dizze toanielpioech, dy't der in jiermannich forlyn noch greatsk op wêze koe, yn ien seizoen trije premières to bringen, it dizze kear dwaen moat mei trije âldere stikken, fan dy trije is Oerdwerse twirren dan dochs fierwei it wichtichste. Wiersma hat yn earder tiid gâns foar it Fryske toaniel skreaun; hy hat dêr gâns weardearring foar en ek gâns krityk op krige. Faeks wie syn wurk foar dy tiid gaedliker as foar uzes en dat moat ús hoeden meitsje om it nou noch brûkber to achtsjen. Ek in birop op him om it Fryske toaniel fan hjoed de dei mei nij wurk to tsjinjen is net sûnder risiko, mar sjoen de elemintaire fortsjinsten fan Oerdwerse twirren soe men dêr ta komme kinne.
It stik is ynspirearre op Shakespeare's King Lear en dat is net sa slim. Dat de skriuwer ien fan de haedfigueren, in stive boer, Kinge Learstra neamt en dat er in stikmannich parallellen mei Shakespeare syn wurk lûkt is lykwols spitich. Ommers, in forgeliking mei King Lear kin dit stik hielendal net forneare; de tragyk is lang sa oertsjûgjend net en toanieltechnysk bliuwt it der fier by yn 't efter. It giet oer twa stive Fryske koppen, dy't foar elkoar oer steane, Kinge Learstra en Berendine. Der is in protte striid yn dit stik, striid tusken bisitters, striid fan âlden tsjin bern, striid fan tradysje en konservativens tsjin fornijing. De dramatyk fan dit allegearre hie in soberder útwurking fine kinnen, mar it hie ek yn de gefaren fan melodramatyk en sentimintelens fortize kinnen, lyk as sa mannich oar Frysk stik. Wiersma hat de útwurking op niveau hâlden, hy hat gâns fan de neamde gefaren ûntrinne kinnen en syn stik hat bitsjutting. Alhoewol't dy bitsjutting mear histoarysk as praktysk is, hat Snits der goed oan dien, dit stik noch ris to spyljen, al soe it allinne mar wêze om der in oanlieding yn to finen, in birop to dwaen op de skriuwer om ek foar ús tiid noch ris hwat to skriuwen. It risiko, dat wy niis neamden, sille wy dan nimme moatte.
De Snitsers hawwe it stik knap spile, al wie de regy fan Lammert Popma dizze kear hwat to swier oanset. Sa kaem it ek, dat Kinge Learstra in to neidruklike en forsearre figuer waerd en dat der foar nuansearring net folle mooglikheden oer bleauwen. Tige knap dêrfoaroer is de rol fan Berendine spile.
Troch in stikmannich ploegen is in nij, earnstich stik fan Y.C. Schuitmaker, Ingel sûnder wjokken, spile. Schuitmaker wie der ek al yn, en as it ús net mist, fóár J.P. Wiersma syn tijd. Syn wurk fan de lêste jierren wiist dúdlik op it risiko fan in prolongaesje. In stik as Ingel sûnder wjokken is earmtlik en sûnder bitsjutting yn forgeliking mei Schuitmaker syn bêste foaroarlochske stikken. Fornijing yn de stof is der hielendal net; it giet ek hjir wer oer in stive, noartske Fries, dy't ta bikearing brocht wurde moat. Né, dan past Wiersma syn stik dochs noch better yn ús tiid, al is it ek fiifentweintich fier âlder.
De priisfraech, útskreaun troch it 75-jierrige Ljouwerter Toanielselskip, hat ek al wer de earmoede oan nije Fryske stikken demonstrearre. Fan de ynstjûrde stikken koe gjinien bikroand wurde. G. Meerburg hat doe ien fan de bikendste stikken fan W. Somerset Maugham oerset en dat is ûnder de titel Hillige gloede spile. It stik giet oer in ynvalide, dy't hommels forstjert. De forpleechster, dy't fan him hâlden hat, komt ta de konklúzje, dat der in moard bard is. Binammen de frou fan de ynvalide, dy't it mei de broer fan har man