Koart nijs rounom wei
De
K.F.B.B. - né, noch gjin opheldering oer
Frijdom wie de heechste wet of
It geheim fan Friso Stellingwerf, mar dat mocht men faeks ek net forwachtsje - hat bikend makke dat A.A. van der Werf út Ens mei
Yn de berm lâns en mefr. Meijer-Weening fan de Harkema resp. earste en twadde priiswinner wurden binne yn de roman-priisfraech 1956. Gerryt Mulder hat mei in biografy fan de kristen-sosialist Metten Koornstra (ûnder de titel
Agur en de twa portretten) in earfolle formelding krige, lykas Watse Cuperus mei in autobiografysk boek ûnder de titel:
Striid en segen. Ut in meidieling yn
Lyts Frisia fan W.L.Z.(ylstra) docht bliken, dr. D. Kalma hat in hânskrift neilitten ûnder de titel:
Folk en Sprake, libben en wurk fan Harmen Sytses Sytstra. Juffer Zylstra pleitet foar it forskinen fan dit wurk yn 1962, it hûndertste stjerjier fan Harmen Sytstra; foar him soe dan ek in stânbyld oprjochte wurde moatte.
Yn it Krystnûmer fan
It Heitelân hat dr. Obe Postma in mennich fersen ‘oerbleaun fan earder tiden’ publisearre, û.o. it Ynliedend dicht fan
Das Stunden Buch fan R.M. Rilke.
Foar de Rely Jorritsmapriisfraech 1957 binne 30 ynstjûrings ynkomd: sawntjin koarte forhalen en trettjin fersen.
FREARK DAM