Op it harspit:
Willekeur binnen de grinzen
By A.W. Sijthoff's Uitgeversmaatschappij N.V. Leiden is in pear wike lyn it twadde diel forskynd fan Gestalte der Tijden, De Wereldletterkunde in Hoofdtrekken troch F.W. van Heerikhuizen. Yn dit hast ensyklopedysk wurk fan in lytse healtûzen bledsiden wurdt de wrâldlitteratuer fan 1825 oant hjoed ta bihannele. It sprekt fansels dat yn dit boek de lytse litteratueren njonken de greate yn en bûten Europe ek har plak en gerak krije. Koarte oersjoggen wurde jown fan b.g. de Deenske, de Turkske, de Portugeeske, de Flaemske en de Súdafrikaenske litteratueren. Minder fanselssprekkend is it dêrom dat men yn in Nederlânske útjefte lyk as dizze forgees siket om in rigelmannich oer de Fryske skriftekennisse fan nei 1800. Unkunde of in tokoart oan foarljochtingsmooglikheden kin men hjir al min efter sykje. In kompilator as Van Heerikhuizen hie ommers mar it Italiaenske wurk fan Prampolini oer wrâldlitteratuer of de Amerikaenske Encyclopaedia of Literature neislaen hoegen om hwat oer syn Fryske lânslju en har skriften oan de weet to kommen! Hat er fanwegen al dy eksotyske beammen it Fryske wylgeboskje by ûngelok oer de holle sjoen? Wy kinne it min leauwe. Hy mei dan yn de Voorrede ta dit lêste diel fan syn wurk sizze: ‘Ook in dit deel viel hierbij uiteraard een zekere mate van willekeur niet te vermijden; ik hoop alleen die binnen bepaalde grenzen te hebben gehouden’, dêrmei is it skouderjen fan in libbene hjoeddeiske litteratuer, dy't sa deun by hûs leit, net goed to praten, ek al bislacht dy in lyts taelgebiet.
Yndied hat Van Heerikhuizen syn willekeur binnen biskate grinzen hâlden, binnen de grinzen ntl. fan it lân dêr't hysels mei de Friezen yn wennet. De lakune yn dit Nederlânske boek is wer ris in symptoom fan it isolemint-nei-bûten-ta dêr't ús litteratuer, alteast yn Hollân, noch altyd yn tahâldt.
D.A. TAMMINGA