is der op ûntwikkeling fan en ta in sterk sintralisearre, in supermachtsteat, of ien, dêr't ûnder de skyn en foarm fan lykbirjochting, frijheit en rjocht foar it forskaet ien of twa machtige folken (steaten) de hegemonije yn hawwe. En is ek it gefaer útsletten, dat it oangean sil op in gearstal, dat mear ta stân kommen troch needsaek en macht as troch oertsjúging, yn bare wankel evenwicht forkeart en fan tsjinstridige bilangen sawol as fan ynwindige fordieldheit anarchyske swak is?
Hwant wy moatte net stean bliuwe by de ûnderskieding fan reële (materiële) en ideële krêften. Ek efter en yn ekonomyske, machtspolitike en militaire ûntwikkelingen driuwe idéen. Reäliteit en idé moetsje elkoar oeral, en dat wol tige djip, sterk en gefaerlik op in punt, ek troch Smit even neamd: de wil ta macht, it machtsassetisme. Hwat ommers is reëler as macht, mar hwat, yn assetyske wil, tagelyk ek ideäler? En hwat kin sa'n macht foarmje as de wil dêrta? Dat lykwols is krekt it greate gefaer fan ús tiid en foar de takomst: de machtsminske. Hwant dy wol de macht net allinne brûke, mar har ek biskiede; de macht net allinne bisitte, mar har, syn amme en elemint, ek wêze.
En yn it sicht fan dy minske is de federalistyske biweging hjoed-de-dei allinne to sjen. Op him moedich it each, kin men har wei en kâns allinnich wize. Hy is har gefaerlike fijân. Dêrom giet it by it federalisme op 'en djipsten om in kar: de kar tusken in rjocht, dat him ek nei machtsstrekking seedlik biskiede litte wol, en in rjocht, bisteande by de graesje fan in har autonoom achtsjende en meitsjende macht. Yn de pleit binne de grounslaggen fan mienskip, steat en kultuer. Bliuwe dy sa't se by oerheden, folken, yntellekt en massa hjoed de dei jilde, dan sil in nij, federalisearre Europe oars net wêze as formannichfâldiging fan it âlde en de machtsminske earst rjocht syn gerak en gerjochtichheit jaen. Gjin macht noch selsminsklik rjocht, hoe goed dat ek wêze kin, is by einsluten yn steat, syn heechmoed to brekken en syn komst to kearen. Dat moat de Godlike wet dwaen, troch har eigen ynwêzich oardiel en troch de hearrichheit fan minsken der oan. Sûnder dy wet komme, mei alle ideëel en ideälistysk stribjen sels, mienskip sawol as minske op in oar plak út as hja bidoele.