| |
| |
| |
Y. Poortinga:
Petearen mei oantinkens
De dichter fan de Quickborn en syn Fryske oersetters.
It is grif gjin tafal, dat de foarnaemste Fryske oersetters fan de platdútske dichter Klaus Groth sels lyrisi binne dy't yn har fersen faek har eigen jeugd wer oproppe; dy't langst nei de tiid hawwe, dat hja noch soun en sterk wiene en de soargen har noch net pleagen.
Doet Eeltsje Halbertsma yn 1857 syn Quickborn-oersetting yn it ljocht joech, wie er in iensum âldman. De Jonkerboer, dy't er yn dy tiid skreau, wie in projeksje fan syn eigen jonkheit-sa't-dy-wêze-kinnen-hie yn in jit fierder forline, de idéale leafde mei as eftergroun in stik ûntobrutsen folkslibben. Foar himsels wie it wier bleaun, hwat er al earder dichte hie: ‘Gouden is de beinewille, al it oare reek en tsjêf.’
Waling Dykstra, de oersetter fan Peaske neam ik hjir net; dat is alhiel gjin bisibbe geest.
Obe Postma, dy't mei Us Johan tink wol de geefste forfrysking fan Groth jown hat, is it al. Hy mei dan net út in ûngelokkich-wêzen syn jonkheit en syn bertegea bisjonge, de langst nei dit forlerne paradys sprekt dochs wol sterk út syn wurk. Allinne, hy nimt it forline noch rommer as Groth; dy hâldde almeast by heit of pake op, foar Postma libbet de skiednis fan de Fryske Klaei oant de terpetiid te.
Fan wêzen en foaral fan lot noch neijer oan de dichter fan de Quickborn bisibbe is in oersetter dy't winliken net ienris as sadanich to boek stiet. Dat komt om't de Groth-oersettingen fan de ier-forstoarne boer-dichter Pyt van der Burg oant nou ta net publisearre binne.
It is typysk, hoe't ek dichters har soms bisûnder oanlutsen fiele ta de poëzij fan oaren dy't yn deselde omstannichheden forkeard hawwe as hjasels. Yke Boonstra roun sa't bikend is tige fier mei Pyt van der Burg. Dat wie net allinne in aesthetyske wurdearring. ‘Ik, skurve plaet, bin hast oan ein’, dichte er fan himsels. Hiele útweidingen koe er yn persoanlike petearen hâlde oer hwat er allegear yn Van der Burg syn Eersen oan- en neifielde. It wurge fleanen fan in fûgel (yn De ielreager) symbolisearre de wurgens fan de kréatuer, de minske foarop. Nettsjinsteande it feit, dat hja yn it godstsjinstige fier faninoar ôf stiene, fielde Boonstra in bisibbens mei syn lotgenoat
| |
[pagina t.o. 46]
[p. t.o. 46] | |
KLAUS GROTH
Platdútsk dichter (1819-1899)
| |
| |
genoat as tb-pasjint, greater as mei hokfoar oare Fryske dichter.
Waerd Van der Burg op deselde manear fan Klaus Groth oanlutsen? Yn Van der Burg syn eigen fersen fine wy hieltyd de flecht út de soargen fan syn bistean nei it ‘kleur'ge fjild fan blide jeugd’, de jeugd dy't ‘in swiete oantins’ neilitten hie. De dichter fan de Quickborn stelle wy ds maklik as in âldman foar, mar doe't it libben him yn 1847 to oermânsk waerd en hy nei syn freon Selle op it eastsé-eilân Fehmarn flechte, dêr't er geastlik en lichaemlik ynstoartte, wie er noch mar acht en tweintich jier. Bloed-opjaen wie ek by syn sykte.
Dêr op Fehmarn is de Quickborn ûntstien. De dichter wie in heech-idéalistyske jongeman, siik, oerspand en troch in hopeleaze leafde djip woune. Ek hy siket yn syn fersen, dreaun fan ûnwennigens, yn it blide lân fan syn jonkheit ûntwyk; hy praet der miskien hwat minder oer as Van der Burg, mar it bipaelt dochs de skerpte fan syn bylden en de gefoeligens fan syn ritme.
Klaus Groth is de 24ste april 1819 yn it merkstedtsje Heide yn Dithmarschen to wrâld kommen. Dithmarschen is it lytse lantsje oan de Noardsé, oan diskant de Eider. Miskien hawwe de Dithmarskers Frysk bloed yn har opnommen, hjasels fiele it forskeel mei de Noardfriezen sa great as Friezen en Grinslanners dat oer en wer dogge. It wie in stam dy't tige op syn selsstannigens stie en dy lang biwarre hat. It lantsje wie ien fan de geefste hoekjes fan Platdútske tael en Nedersaksysk aerd en wêzen bleaun. Groth's heit wenne yn in útbuorren fan it stedtsje, hy hie buorkerij en moalkerij. It wiene bigoedige lju, mar trochdat hja net ta de deftige boargerij hearden, woeks de jongkeardel midden yn it folkslibben op. It die al gau bliken, dat der gjin boer of keapman yn de jonge Klaus siet; nei in jiermannich as klerkje forsliten to hawwen, krige er syn sin: hy mocht leare. Wol net op in gymnasium, mar de kweekskoalle yn Tondern koe dochs ek in hiel ein hinne oan syn forlet fan úntwikkeling foldwaen.
Sadré't er as jong ûnderwizer yn syn bertestêd werom kommen wie, joech er him tige oan de stúdzje. Men tinkt effen oan de jonge Harmen Sytstra, mar Groth ploege noch djipper. De hiele ûntjowing fan it Dútske geastlik libben yn de lêste heale ieu makke er lykme allinne noch ris troch. Hy hie oanliz foar de wiskunde en it abstrakte tinken likegoed as foar de litteratuer en de muzyk. Al ier stie it foar him fêst, dat er dichter wurde soe, mar syn ûnripe produkten hâldde er yn it
| |
| |
laed. Foarming fan eigen persoanlikheit yn kunde en karakter naem in great plak by him yn.
Boppedat die er gâns foar de folksûntjowing. Dat it wie neat gjin wûnder dat er mei in jier of seis alhiel skjin ynein wie. Hy skipe boppedat in djippe leafde foar it foarnaemste fanke fan de stêd. Hja wie net frij, dat noch ôfsjoen fan de stân hie er gjin kânsen. Dat koe hy der mei syn uterst gefoelige natuer net mear by hawwe. Hy moast de skoalle oerjaen en kaem as in heale klûzener op Fehmarn tolânne. It duorre wol in jier, ear't er it ek mar minste produktyf wurk dwaen koe. It wie in gelok, dat er oan de heech-ûntwikkele skoalmastermuzikus Selle in freon en forsoarger hie, sa't er net better treffe kinnen hie. Ien dy't ek yn syn dichter-wurden meilibbe en gâns goede folksaerdige wizen by de Quickborn-lieten skreaun hat.
It wie in tige biweechlike tiid sa om 1850 hinne. De mislearre revolúsje fan 1848 bitsjut in djippe sneed yn it Dútske folkslibben. Dat it frijheitslangstme doe smoard is, hat ien fan de greate oarsaken mei west fan it feit, dat der letter safolle yn it Dútske politike libben bryk woeksen is. Mar mear noch as dit algemiene barren rekke de minsken yn dy streken de striid yn en om Sleeswyk-Holstein. De jierren dat Groth op it eilân siet wiene oarlochsjierren. De bifolking, foaral yn Holstein mei syn Nedersaksysk aerd, hope op in oansluting by Dútsklân, by in foriene Dútsklân dan, dat der noch net wie en der yn earsten ek noch net kaem. It einbislút fan de oarloch lykwols wie, dat Sleeswyk-Holstein by Denemarken bleau. Earst yn de sechstiger jierren is der foroaring kommen.
Groth wie net in man fan polityk en fan oarloch. Tofolle algemien-Dútsk fielen wie er ek mar hwat huverich fan; syn heitelânsleafde gyng alderearst út nei it lytse Dithmarschen en nei Platdútske tael en folkskarakter.
Dochs hat de polityk wol tige bydroegen ta de enoarme populariteit dy't de Quickborn daelk by it forskinen yn 1852 krige. It waerd field as in kultureel antwurd op alles hwat Deensk wie; oaren murken dat de oarloch krekt ek de floed fan it Heechdútsk, troch de tastreaming fan folk út oare kontreijen en troch de folle greater bilangstelling onder it folk foar Heechdútske kranten en politike lektuer, heech opstoud hie. Yn it algemien waerd ynsjoen, dat de tiid fan de feilige bislettenens foar it Platdútsk foarby wie. De gemoedlike, faek kluchtige lektuer yn it Plat, dy't de lju oant dy tiid ta wend wiene, rekke de smaek hwat ôf. Mei de Quickborn waerd foar
| |
| |
it Platdútsk de died steld dêr't de nije tiid om frege.
It bliuwt ek in bisûndere bondel poëzij. Soks koe mar ienkear skreaun vuurde, allinne op it snijpunt fan boune, tradisionele âlde folkskultuer en frijere, mear yndividuéle ûntjowing fan it geastlik libben. It koe ek allinne mar skreaun wurde troch in dichter dy't noch folslein mei dat âlde libben fortroud wie en tagelyk de oare ûntjowing ek persoanlik trochlibbe hie; dy't him boppedat biwust wie fan de problematyk fan it tiidsbistek en fan de mooglikheden en de ûnmooglikheden sawol fan syn taelmateriael as fan syn eigen talint. Dat allegearre hie Klaus Groth as jonge man fan in jier of tritich yn him. Hy wie yn de bêste lyryk fan it Heechdútsk trochkrûpt, oft it nou Goethe of Mörike sines wie, mar hy hie klear foar it forstân dat er soks net yn it Platdútsk neifolgje koe.
De greate Heechdútske dichters rêstten allegearre op har foargongers. De tael fan de klassiken wie net to tinken sûnder bygelyks Lessing of de Homerus-oersettingen fan Voss. Groth stie noch oan it bigjin. De Fryske dichters fan de foarige ieu hiene op 't lêst noch in Gysbert Japicx, mar hwat der oan litteratuer nei de midsieuwen yn it Plat skreaun wie, mocht ûnnoazel hjitte. In útsûndering makken miskien de folkssangen, meest âlde balladen, en dêr hat Groth dan ek tige gebrûk fan makke. Hy koe de Heechdútske dialekt-poëzij fan Hebel (deselde fan hwa't Eeltsje Halbertsma ek hwat neifolge hat), mar dy lei him fan geast dochs net, likemin as fan tael. Mear het er hawn oan de Skotske folksdichter Robert Burns. Burns skreau yn it Anglo-Skotsk fan de Leechlannen. Hy wist op in grandioze manear de forbining fan folkstoan en -trant mei de persoanlike lyryk to lizzen.
Doe't Groth op Fehmarn him ta it dichtsjen yn it Platdútsk sette - ‘spontane generaesje’, it eruptive, streamende wie der by him net by - woe er eerst witte hwat er mei syn Platdútsk taelmateriael koe. Dêrom bigoun er mei in moai lang, forheljend gedicht fan Burns oer to setten. It wie tagelyk in oerbringen yn de libbenssfear fan Dithmarschen. Oersette sûnder mear woe by Groth net. Sa waerd ‘Tam o' Shanter’ ta ‘Hans Schander’. Groth is noch inkelde kearen faker by Burns to boarch gien. Tibbie Dunbar bygelyks waerd ien fan de populairste Platdútske gedichten. It folk bikroade him der net om dat it net oarspronklik wie, Eeltsje Halbertsma likemin. De trije versy's fan dit ienfâldige ferske ûntrinne inoar net folle. Wy folsteane dan ek mei Halbertsma's knappe oersetting yn de hjoeddeiske stavering oer to nimmen:
| |
| |
O wolst my net hawwe
Of wolst oan myn side gean,
Hwat bruit my dyn muoike,
Siz mar, ik sil mei gean,
En kom yn 't springrokje,
Halbertsma hat noch sa'n gedicht út de tredde hân. Om't men hjir dúdlik sjen kin, hoe't de hearlike muzyk fan it bûtengewoan gefoelige origineel yn hieltyd greater fortinning to hearren is - mar dochs noch to hearren! - jowe wy hjir alle trije:
John Anderson, my jo, John,
When we weer first acquent;
Your locks were like the raven,
Your bonnie brow was brent;
But now your brow is beid, John,
Your locks are like the snaw;
But blessings on your frosty pow;
John Anderson, my jo, John,
We clamb the hill tegither;
And mony a canty day, John,
We 've had wi' ane anither:
Now we maun totter down, John,
But hand in hand we 'll go;
And sleep tegither at the foot,
De neffens him miskien to sterke gefoelsutering sil Groth wol mei sin swakker makke hawwe:
Wi gungn tosam to Feld, min Hans,
Wi seten achtern Disch tosam,
| |
| |
Bargop so licht, bargaf so trag,
Un doch, min Hans, noch ebn so leef,
Halbertsma hat fan de ynhâld neat weilitten, mar kin foaral oan de ein fan de beide strofen net earlik oan Groth's hichte ta komme:
Wy gongen togearre yn 't fjild, myn Hans,
Wy gongen togearre to rêst,
Wy sieten togearre oan 'e disk,
Sa waerden wy griis op 't lêst.
Trep op sa licht, trep ôf sa traech,
Sa mannich, mannich jier -
'k Haw dochs myn Hans noch krekt sa leaf,
As doe mei 'n krûs kop hier.
Nettsjinsteande lichaemlike ynsinkingen sette Groth yn de jierren op Fehmarn mei it dichtsjen troch. Faek hie er it gefoel: dit kin ik net, of: dit kin net yn it Platdútsk. Yn 1852 hie er in bondel klear en hy wie sa fortúnlik, dat de útjower der ek foarsje efter sette. It wie bûtengewoan, sa't it boek ynsloech. Ut brieven en oare tsjûgenissen út dy tiid docht bliken dat de Quickborn ien fan de wichtige onderwerpen fan petear en diskusje waerd, op in manear dy't wy ús yn de 20ste ieu net mear foarstelle kinne. Bikend is bygelyks in brief fan Theodor Storm, de Noardfries, oan Groth; dêrút witte wy wer fan de réaksje fan in oare Noardfries, de greate histoarikus Theodor Mommsen. Doe't Groth it oare jiers fan Fehmarn ôfgyng, mei as reisdoel Kiel, dêr't er njonkelytsen, nei earst ûnderweis earne noch in skoft slim siik lein to hawwen, ek bilânne, waerd er opnommen yn it Kieler professoareformidden en by de foarname boargers as in kulturele greatheit. Itselde wie efkes letter it gefal yn it Rynlân, dêr't er lang yn it Bonner universitaire formidden tahâlden hat. Hy krige dêr it doktoraet yn de filosofyske fakulteit, yn de letteren dus. Dat wie doedestiids in bisûndere eare, dy't mar by hege útsûndering jown waerd. Dit doktoraet hat him letter it paed sljochte nei it dosintskip yn de Dútske litteratuer oan de Kieler universiteit. Yntiid forskynde fan de Quickborn de iene printinge nei de oare; yn 1857 bygelyks wie it al oan de sawnde ta. Der roun ek wol ris in lúkse edysje tuskentroch mei tekeningen fan in master ûnder de yllustrators of mei muzyk der by ôfprinte.
Sa yn de sawntiger jierren is er troch oare litteraire for- | |
| |
skiningen wol hwat op de eftergroun rekke - de greate Platdútske forteller Fritz Reuter hie doe mear de gunst -, mar dat is op Groth's âlde dei wer in hiel ein bykommen en oan de alderheechste offisiéle hulde- en earbiwizen hat it net mankearre. Om syn fjirtichste jier is er noch troud mei in faem fan goede stân. It moat in lokkich houlik west hawwe.
Nei it uterlik mei men dus wol fan in tige slagge dichterlibben prate. Dat is nammenstomear it gefal as men yn oanmerking nimt, dat syn litteraire produksje net stil kaem to stean. In jier nei de Quickborn kaem syn earste bondel Heechdútske fersen út. Mei gauwens joech er ek in aparte bondel bernepoëzij yn 't ljocht. Yn it Plat kamen ek proazaforhalen ta stân en yn it Heechdútsk skôgjend en théoretisearjend proaza. En net to forjitten: it wurk oan de Quickborn sels gyng troch. De alderlêste fersen dêrfoar, lyk as Min port, hat er op hege jierren skreaun - de dichter is nettsjinsteande syn kwalen tachtich jier âld wurden.
Hwat bisùnders dêrby waerd al gau nei de earste printinge it oparbeidzjen fan de dichter mei in geleard germanist, nammentlik mei de Kieler professor Karl Müllenhoff. Müllenhoff hie doe, hoewol net âlder as Groth, al in tige namme, mei't er it bikende boek oer sêgen en oar folkskundich materiael fan Sleeswyk-Holstein al op syn namme stean hie. Hy fielde him biskermer fan de sike dichter, foar hwa't er ek bûten de Quickborn ûntsettend folle dien hat. De fierdere edysjes waerden útjeften mei wittenskiplike ynlieding, kommentaer en wurdforklearring. Foar it oansjen fan in wurk yn it nederige Platdútsk wie dat in enoarme stipe, foaral by in folk dat sa heech by de wittenskip opseach as it Dútske doe. Müllenhoff mei de dichter dan wol ris hwat biskoalmastere - of better sein: biprofke hawwe, mei syn krityk en rie hie er gauris gelyk. Hwer't dy to ûndichterlik wiene, kaem Groth wol yn 't forset en wegere er om yn syn wurk to foroarjen. Gauris koe Müllenhof him op sêgestoffen attint meitsje dy't gaedlik ta balladen wiene.
Hoe tige Groth him biwust wie fan it problematyske dat it dichtsjen yn it Platdútsk yn hie, mei út it feit blike, dat der altyd Heechdútske lyryske produksje lyk-op mei gien is. Der is in typysk forskil tusken it wurk yn beide talen. It Heechdútske jowt it persoanlike. Bygelyks nimt er it Heechdútsk foar kar hwannear't er him direkt oer syn eigen leafde (of langst nei leafde) uteret. Of de Heechdútske fersen binne biskôgjend, bihannelje abstrakte ûnderwerpen. It meast omstriden, noch altyd, is Groth, hwer't er yn it Plat yn dy trant
| |
| |
dichtet. Dêr wurket er yndied ek it gaust ûnsuver. Foar in great diel sil dit dêr oan lizze, dat wurden en bylden dy't yn it Heechdútsk al ieuwen foar abstrakte dingen en foar fielingen en stimmingen brûkt waerden, yn it Plat noch fierstento fêst oan de oarspronklike konkrete bitsjutting sieten. Sadwaende biweecht er him dan maklik op de rânne fan it komyske. Dan is er yn syn tael en bylding ek lang sa wis net as hwannear't er objektyf en konkreet is.
Sa't hjir al bliken út docht, stribbe Groth net nei in totale Platdútske litteratuer. Dat hinget nau gear mei it feit, dat Plat en Heech beide talen fan ien naesje binne. Twa konkurrearjende talen koene skealik wêze foar it nasionale libben. Hja kiene neffens Groth har eigen libbenssfear; it wie foar him net òf - òf, mar èn - èn. Wol seach er, dat it evenwicht sa't hy it foarstie troch de tiidsforoaringen faei waerd en dat gyng him tige oan.
Groth dichtet yn haedsaek oer ûnpersoanlike dingen, bylden út it folkslibben. Al koe er him hast net direkt uterje, dochs is de Quickborn in lyryske skepping fan de earste rang. Dat folkslibben wie foar him net hwat ûnpersoanliks, it wie it objekt fan syn langstme. Hy hat sels syn fersen ris ‘petearen mei oantinkens’ neamd. Klaus Groth wie in uterst gefoelige, troch ende wer troch dichterlike natûr. Yn jierrenlange biwuste oefening hie er himsels leard om syn inerlikste oandwaningen fêst to hâlden en meitrilje to litten, as er in fers skreau dêr't neat oer himsels yn foarkaem en dat inkeld dingen werjoech dy't it sljochte folk biweegden en oansprieken. Troch syn greate litteraire erudysje - hy koe bygelyks omtrint alle westeuropeeske talen - koe er kritysk oer eigen wurk wêze en wie er net tofreden, ear't it folmakke wie. - As it him lykwols ienkear kristalisearre hie, koe er der min oan foroarje. Hwát er út it folkslibben stal jown hat, is tige skifte. It binne útsûnderlike mominten, troch syn geast yn in forklearre ljocht set - tagelyk wie er réalist genôch om him to hoedzjen foar forwettere romantyk.
Miskien komme der foar ús gefoel hwat ryklik folle oandwaningen en triennen yn syn wurk foar, mar it binne gjin ûnwiere oandwaningen. Sa net, syn tiid stie dêr noch gâns earder mei klear as uzes. Alles meiinoar mei men syn wurk, dat ek de demonyske mominten yn it folkslibben, binammen yn de greatere forheljende gedichten, net mijt, wol biskôgje as in tsjinstik fan mjitske salonpoëzij, oan dy tiid pars net frjemd.
Dat konkrete en dy werjefte fan it ienfâldige folkslibben,
| |
| |
ek it feit dat it brûken fan it Plat him twong om út eigen fearren to fleanen en sober to bliuwen, al dy dingen meiinoar hawwe makke, dat syn wurk folle minder forâldere is as dat fan mannich Heechdútske tiidgenoat. Dêr kaem noch syn gefoel foar it akoustysk-moaije by. Mei it hwat ‘hurde’ Platdútske taelmateriael docht er hwat klankkleur en toan oanbilanget wiere wûnders. Hoe forstille binne de wurden bygelyks fan it bikende Abendfreden:
De Welt is rein so sachen,
As leeg se deep in Drom...
Sels it hwat wetterige religieuze slot - Groth's frommens hat nea folle djipgong - wurdt rêdden troch de ynlike toan.
Obe Postma hat bihalven dat moaije heitelânske liet fan it Ländeken deep noch oerset Min Jehann. Miskien is it skriemen oan it slot to sentiminteel, mar oars: hoe taestber wurdt hjir de ienzens mei Johan (Groth's leafste broer) en de lokshuver fan dy joun út de jonkheit makke! De oersetting is hast folmakke, mar it lichaemlike bilibjen yn: ‘Denn löppt mi 't langs den Rügg so hitt’, is weifallen,
Groth hie in Amerikaensk lietsje kennen leard en dêr woe er dit momint út de bernetiid foarm neffens jaen. Hy bisocht it wiken lang, neat wie him goedernôch, oant dit gedicht ûntstie, dat yn syn Fryske foarm op ús foardrachtkrigen âld èn jong noch yn de bisnijing nimme kin:
Ik woe wy wien' noch lyts, Johan,
Hoe great wie doe de wrâld!
Wy sieten op 'e stien, Johan,
Witst wol? by buorman's saed.
De moanne sylde 't loftrom lâns,
Wy seagen, hwer't er roun;
Hwat wie de himmel, tocht ús, heech,
En hie de saed wol groun?
Witst noch hoe stil it wie, Johan?
Gjin blêd trille oan 'e beam.
Sa is it nou net mear, Johan,
O né, as doe de skeper song,
Dat klonk oer 't fjild sa hear;
Net wier, Johan? Dat wie in lûd,
Sa hearde men 't net mear.
Soms dwale yn 'e skimerjoun
Myn tinzen hwat fan 't paed;
Dan wurdt it my sa frjemd to moed
| |
| |
As doe by buorman's saed.
Dan draei ik my sa hastich om,
As moast ien nêst my gean,
Mar alles, hwat der is, Johan:
Ik, dy't to skriemen stean.
Gjin niget, dat Groth's poëzij de komponisten loek. Der binne oer de tûzen toansettingen fan syn wurk bikend en gâns dêrby fan musisi mei klinkende namme. Tige fier mei Groth roun bygelyks Johannes Brahms (Regenlied), - hoewol, dy hat allinne mar oer syn Heechdútsk wurk gear west.
Gjin niget ek, dat fan de Fryske lyrisi krekt Pyt van der Burg, sels sa muzikael, him ta Groth's wurk oanlutsen field hat - ôfsjoen noch fan de reden dy't wy oan it bigjin neamd hawwe. Boonstra wiist ynfloed fan Groth op Van der Burg syn eigen wurk oan. It klearst is dy fan Abendfreden op Joun. Yn Van der Burg syn neilitten papieren - de famylje, dy't ien en oar trou biwarre hat, wie sa freonlik en lit my dêr kunde fan nimme - foun ik njoggen rjochtstreekse oersettingen. Allegearre binne se net like sterk. Guon lykje foar de jonge Van der Burg inkeld fingeroefening of fordivedaesje west to hawwen; hy hat se ek nea publisearre.
Ik haw der twa fan de bêsten útsocht, dy't my dochs sa goed wol foarkomme, dat der skoan mear eagen oer gean meije. Beide binne neffens tige bikende gedichten makke. It iene, Doe't ik fuortgong, is wer echt in ‘petear mei in oantinken’. Hwa't de persoan is dy't er oansprekt, wurde wy net iens gewaer. Nei't earne út in oantekening fan Groth blykt, is it net in frommiske, mar in freon:
Dou brochtst my by de hichte op,
Doe seistou sacht, it waerd dyn tiid
Doe stie ik dêr en seach nei 't doarp
Dêr't ik myn jeugd forbrocht.
Dan seach ik dy sa rêstich gean,
Klear yn it lette ljocht.
Doe waerdstou wei, 'k seach jit de toer
Ik gong by d' oare side del,
Sûant ha 'k jit faken ôfskie naem,
Myn hert is op 'e hichte bleaun,
Dêr 'k dy jit fuortgean sjoch.
| |
| |
It oare, De stien by Schalkholt, wie ek al troch Eeltsje Halbertsma yn it Frysk oerbrocht - lyk as dy mei Min Jehann Postma foargien wie. By Dokter-om hobbelt it metrum in pear kear, wylst it by Van der Burg de rêstige epyske gong fan it oarspronklike hâldt:
By Schalkholt op de heide
Dêr leit in greate stien.
Dêr stiet hwat op to lêzen,
Mar 't is al heal forgien.
By Schalkholt op de heide
Dêr leit in stien sa great.
Dêr sloech foar lange jierren
't Wie fier yn 't roun de moaiste,
‘Siz broer, hwat sjochste treurich,
Lûk moarn de bêste klean mar oan,
Dan kom ik mei de breid.’
Moarn hab ik hielendal gjin tiid,
Oars stelt de boaze wolf myn skiep,
By Schalkholt op de heide
Dêr leit de stien sa great.
De sneintomoarns bitiid skeat hy
Syn eigen broer dêr dead.
Oan dit lêste ballade-eftige gedicht kin men eat fan it masterskip sjen, dat Groth hie oer de swiere kunst fan it weilitten. Efkes mear details en it tiidleaze, dat it fers sa ticht by it oerbarren, de bruorremoard fan Kaïn en Abel bringt, wie om 'e hals.
Wy kinne net goedernôch bioardiele, oft de bigrinzing dy't Groth syn Platdútske muze oplein hat, de skriftekennisse yn dy tael inkeld foardiel brocht hat of ek neidiel. Fêst stiet, dat er syn eigen talinten binnen dy bigrinzing folslein réalisearre hat en dat er noch wol lang de populaire Platdútske klassike dichter bliuwe sil dy't er nou al mear as in ieu west hat.
|
|