De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 45] [p. 45] Fedde Schurer en D A. Tamminga: Fearpikkende op 'e Parnassus III FEDDE SCHURER: De iene is regisseur, de oare spylder, Dizze is gast, jinge ierappelskylder. Unhuere mûntsen hakje 't kleastertún Wylst hill'gen meditearje op har pylder. D.A. TAMMINGA: Wé, hwa't syn lodde yn 'e fuorge goait, Him op in Plein mei frjemde fearren toait! Unnutte feint, hwerom dochs dyn talinten Yn pronk en idelheit forrinkelroaid? FEDDE SCHURER: Bist dû ta sokken steile tael capabel, O frjemdling yn Jeruzalem en Babel? Torjocht hat dy dyn heit gjin bokje jown, Wrokjende âldste soan út de parabel. D.A. TAMMINGA: Haw ik gjin bok, dou silst der noch fan dreame Oan dyn trapeze yn dy merkekreame. Toemar, salang ast dou dyn salto's draeist Sil Jan Publyk dy duvelskunstner neame. FEDDE SCHURER: Ta spyt fan dyn ûnwiere antithese Leaver in deafal dan fan myn trapeze As, ûnder 't pseudonym fan Jan Krityk, Stadich forgean yn hichte- en romtefreze. D.A. TAMMINGA: Bliuw dan mar draeijen om dy wrakke as, Dysels forfrjemdzjende fan 't dichterras. Hja sille sûnder dy de opflecht weagje Djip ûnder har de sé fan Ikaros. (wurdt fuortset) Vorige Volgende