dal mei lichem en siel op to forlitten. Ien foar syn kantoar, en de oare foar yn 'e hûs. Ien om de holle omheech to hâlden... en de oare om der by út to skriemen.
En God sei: ien!
En it fatsoen ferge ien...
Hy wist, dat er Dout nimme moast - en hy woe graech Sjouk. En omdat er Dout nimme móást, keas er Sjouk.
Sa siet er dy joune by Dout om der in ein oan to meitsjen. Hy soe oerdei syn saken bihertigje sa't soks in man fan oansjen past... en jouns en nachts de romantyk bilibje dêr't syn hiele wêzen nei longere. Hy soe syn libben yn twaën spjalte. Mar Dout wie der ek noch!
Doe't er de mûle mar amper iepen die en noch mar inkele wurden sein hie, knikte hja bigryplik en knypeage hja en sei as in mem om de dwaesheit fan in bern:
- Nou jonge, dan moat it mar út tusken ús, he'n?
Sjoch nou, en dat stie net yn syn boekje... hja hie obsternaet wurde moatten en him op 'e kop sitte... forslein fan har felle forwiten hie hja him de keamer útjeije moatten. Neat dêrfan. Hja pleage him om syn ûnnoazelheit... dat er dochs sokke nuvere wurden oer de tonge rûgelje liet. En doe kaem hja oerein en prange him ticht tsjin har oan, lyk as Sjouk dat dwaen koe...
- Gekke jonge, dou hâldst ommers fan my - ik sil dy ris! En doe wie hja mei him bigoun to kideljen en to mâltjirgjen... sûnder eat fan har foarnamens to forliezen.
Dit wie foar him wol sa folslein oars as oars, dat hy der suver fan oplibbe. En doe't er in kear yn de kleare eagen, great en djip, fan Dout seach... tocht er meilydsum oan de hwat sloppe eagen efter in greate bril fan Sjouk - en hy foel werom yn syn ûnwissichheit. It lêste wie, dat Dout ophâldde fan boartsjen, en earnstich en as ut djipten wei sei:
- Ik bin ré foar dy!
Hy troude Dout - en skoude Sjouk fan him ôf. Yn namme dan, hwant hwa-man komt ea fan Sjouk los?
Justerjoune let hat hja by him west - hja hie yn it roettsjuster hinne en wer foar syn glêzen roun om in gaedlike gelegenheit waer to nimmen, hwant nimmen mocht har sjen. En dy gelegenheit hie der pas let west. Hwat in slach foar dy, hie hja sein, en doe hie er sa mar yn har earms lein. Mar hja hie har fan him losskuord en wie sa mar de doar út... hja koe net salang by har bern wei.
Hoe ryk hie syn libben net wêze kinnen, hy wit it. It hat