De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 40] [p. 40] Sjoerd Spanninga: De wilige apels - Dach buorfrou, moai waer, net? O stakker, dit suvert it bloed! - It koe hast net slimmer. Rein en gjin ein, bern, oewé, hwat in simmer! - - Eh.. hwat hear ik, it bûtert mar wakker, Sont ús moet oan dy húshâldster slagge? - - Jo witt' it dus ek al? Ja, net om to pikken, der lei okkerdeis mar íén lekken to blikken, doe't hja moarns mei har ûnderguod flagge.. - Soa, en hy sjongt as in alk en laket sa blier; och, dy mânlju, se litte har lusten mar skotse. - - En nou is 't mei dat sloof noch mar amper in jier! - - Krekt, hy liket my just net sa tier ta, dy Hotse, hy hat altyd by froulju de eagen yn 't tsier, seit ús Yfke tominsten. - Jomoatsemarsmotse! - Vorige Volgende