de moarns hieltyd mar by himsels tocht hawwe. En wie it ek noch mar by tinken bleaun.., mar Femme hat der mei syn diggelguod ek forgoed neffens hannele!
Guon lju yn 'e buorren moatte it wol sjoen hawwe en sein, dat der op 'e mole bipaeld hwat hapere, sa binaude hurd as Femme in kearmannich mei in foech kiste út 'e hûs nei de mole - en dan yn in omsjoch wer fan 'e mole nei hûs ta fleach, en dat op snein! Mar nimmen fan 'e buorsters, dy't der folle bilang by hie en sjoch ris efkes op 'e mole, hwat dêr dan eins krekt geande wie. Efternei bisjoen, hat dat ek net sa slim west, hwant it stiet noch to bisjen hwat Femme der fan makke hie, as immen him by dat duvelsk bidriuw oer it mat kommen wie. Op syn bêsten hie er se handich wer fan 'e pôlle band; as 't minder goed bitearde, soe er in ûngelok bigien hawwe - sa binne sokke minsken op sa'n stuit.
In aksje foar de flechtelingen brocht ús op in middei fuort neitiid ek by Femme op 'e mole. Mar healwei de pôlle hiene wy it forslach hast al heard, hwant hy hie ús grif oankommen sjoen en stie al yn 'e doar. De goede man wie alhiel oerstjûr en dêrby sa suterich, as hie er de lêste nachten alhiel sûnder sliep west. Der siet him hwat dwars, dat die oan alles wol bliken en sa't er dêr stie, moast it jin suver om him bigreatsje. Lykwols hy bigoun der sels oer en sûnder dat wy der folle op ynfregen, waerden wy alles wol sahwat gewaer.
Hwer't er de wurden allegearre weihelle, wit ik net, mar hy praette oer de polityk as in man fan forstân en wie wakkere pessimistysk datoangeande.
- Wy witte net heal hwat ús noch to wachtsjen stiet minsken, mar dat yn Hongarije is noch mar in bigjin fan alle lijen en ellinde, dat siz ik jim! It giet wer op in oarloch ta, dat mist my net..
- Och, winliken moast de wrâld nou mar forgean - de minsken binne sa forkeard, dat sjogge wy nou wol wer..
- En aenst hjir ek op ta, en dan mar wer wakker stelle en rove, krekt as dy Dútskers doe..
Efkes die er it swijen der ta, krekt as kaem der op dat stuit tó folle âld sear by him boppe, om it samar to forarbeidzjen. Doe - mei de eagen nei de fierte, as hie er de fijân al yn 't fizier - boldere der boppe oer ús hollen hinne:
- Mar se kinne myn doar sá wol foarby gean; hjir by my is neat mear to heljen! Hwat guon oaren allegearre wol net byinoar keapje en hamsterje, komt net sa krekt en kin my ek neat skele, mar hjir by my binne de kasten leech!
- Ik bin yn hâldershân!.. Ik haw de hiele porsleinbringst