De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] [Nummer 2] Gjet Redema: Maitiid yn 'e sted de griene wale feit wer oer de beammen it is elk fier opnij deselde maitiidspronk de rook fan sé en dunen wyndert mij tomjitte en 't let neat dat ik hjir bin en fier fan honk de griene wale mei de kleurde nopkes yn it plantsoen hat men it gers al skeard en yn myn noasters bliuwt de swietrook hingjen it priuwen fan 'e maitiid is mij net ûntleard Vorige Volgende