Meidielingen
De abonné's wurde forsocht it abonnemintsjild oer 1957 foar 1 febrewaris to stoarten op giro 510027 fan ‘Stichting Je Maintiendrai-Friesland’, Geraniumstrjitte 79 to Ljouwert.
De nûmers fan jg. '57 sille forskine yn in nij omslach yn kleuren, tekene troch Diet Huber.
Alhoewol't de eksploitaesjekosten ek fan De Tsjerne de léste tiden oprinne, sil dochs bisocht wurde de abonnemintspriis op it âlde, lege peil fan f 10, - en f 8, - jiers to hâlden, sûnder formindering fan tal bledsiden of typografyske forsoarging.
It soe ús tige oanstean as ús abonné's dit stribjen honorearje woene mei it oanbringen fan elk ien nije abonné! Yn it foar ús tank.
It ynhâldsregister fan jg. 1956 komt by it jannewaris-nûmer fan '57 yn.
Stimpelbannen fan de ôfroune jg. kinne bisteld wurde by de fa. J. Kamminga to Dokkum foar de priis fan f 1,75. (sjoch ynlizkaert).
ADMINISTRAESJE EN REDAKSJE