| |
| |
| |
P. Terpstra:
Fjouwer minsken yn in sted
Der barre op in moarn in pear ungelokken yn de sted.
Oan de Easterkaei falt in skippersfrou by de planke del; hja komt yn it wetter tolanne en stjit mei de holle tsjin de walmuorre. In pear skippers helje har fuort wer fit it wetter. Hja is buten westen en der rint bloed lit in greate woune oan de holle. fen fan de skippers draeft nei in great hearehiis oan de oare kant de strjitte om in dokter op to skiljen en as er wer fuort is sjit it de mefrou yn it sin, dat it faeks wol goed is en lit de ambulancewein ek efkes komme.
Dat de sirene gait twa minuten letter troch de sted. En de minsken skrilje der efkes fan op. Op it greate bankkantoar, den it hast kofjetiid is en de jonge fammen alle fiif minuten op de klok sjogge om nei to gean hoe lang as de forfeelsume moarn noch duorret By de kapper, der't de baes sels troch de etalaezje nei bilten sjocht. Yn de winkels oan de Nijsted, (eet de klanten nei de doar rinne en tsjin elkoar sizze, dat der tsjintwurdich alle dagen wol hwat is mei dat drokke forkear. En by de stopljochten, der't in pear automobilisten efkes net om it reade en it griene ljocht tinke, mar de hurdjeijende ambulancewein neisjogge.
It is in maitiidsmoarn, Kertier foar tsienen. Yn de greate warehuzen stekke winkelfammen de hollen by elkoar, laitsje, fortelle elkoar flechiich lytse geheimen en tinke der om oft de chef har ek sjocht. Yn de Prinsetim sit in aid man mei in pakesizzer op in bank en by seit, dat hja om healwei alven by beppe weze moatte, hwant dan hat dy de kofje klear. Yn de finzenis sjogge de manlju, dy't bUtendoar arbeidzje, nei de blauwe loft, der't lichte, tinne wolkjes Fans driuwe. In slachtersfeint jaget op syn fyts oer de Beursbrege, noch krekt foar't de Ofshithikken ticht geane en oan de Julianaleane krijt in tsjinstfaem in snuter fan har mefrou omdat hja foar it iepen finster nei buten stiet to sjen en noch neat oan de sliepkeamer dien hat.
En wylst de skippersfrou yn de ambulancewein droegen wurdt, wurdt yn de Jan van Scorelstrjitte in jonkje troch it hynder fan in grientesutelder biten. Der steane al gau in tweintich froulju om hinne, dy't tsjin de keapman raze, dat it libbensgefaerlik is om mei sa'n lilk hynder op 'e sted to kommen - en de grientekeapman slacht mar gau in pear huzen oer. It jonkje wurdt nei has to brocht en in buorfrou sil foar de wissichheit efkes om in dokter skilje.
| |
| |
De froulju geane wer ut elkoar - in stikmannich bliuwe noch efkes by elkoar stean to praten. Guon geane nei elkoar to kofjedrinken en der binne, dy't noch drok oan it wurk moatte en wer oaren, dy't har deljowe mei de Libelle.
En wylst bart der earne oars al wer in iingelok. Mar it is slimmer as de beide oare. Op de hoeke fan it Saeilan en de Prins Hendrikstrjitte, skean foar it gerjochtsgebou oer, wurdt in frou troch in greate trailer oerriden. En hja is op slach dea.
Mr. Herman Geertsma moat noch hurd fan de fyts of springe, oars soe er by de trailer opflein weze. En as er sjocht, dat de frou under in eftertsjil fan de swiere auto leit en it bloed oer de strjitte streamt, dan wurdt er sa dwyl yn de holle, dat er it stjOr fan syn fyts stiif fest halde moat. Sa bliuwt er dices stean. Dan rint er stadich, mei de fyts oan de han, tsjin de stream fan minsken, dy't nei it plak fan it iingelok drave, yn nei it gerjochtsgebou. Syn fyts lit er under oan de hege treppen lizze. Hy kin noch krekt syn keamer helje en om de konsierge skilje. Mar dy komt net; dy is ek fuortdraefd om by it ungelok to sjen.
Herman Geertsma is net bitiid fan de moarn. Aleid lit him moarns lang op bed lizze, bringt him the en Wile en in aei en seit, dat er hwat oerspand is en in skoftsje bikomme moat. Hy protestearret der alle kearen efkes tsjin. Hwer soe er oerspand fan weze? Sa drok hat er it net. Mar it foldocht him goed, dy forwennerij en alle kearen as Aleid him it iten bringt, Inkt er har by him op bed en hellet har oan. En as hja fuort is, yt er stadich de bôlle en it aei op, hy genietet fan de waerme the en soms bliuwt er noch in kertier of in heal-fire lizzen to slfigjen. Alle moarnen nimt er it der efkes langer fan. En as er yn de keamer komt, dan drinkt er in kop kofje mei Aleid Ear't er fuort giet en hja smoke beide in sigaret. Hy fielt him lokkich, de leste tiid. Hy komt net al to let thus en hy hat in pear gearkomsten fan de tsjerkeried Ofsein. Hy hat yn wiken gjin lest mear hawn fan dat dwile gefoel yn de holle.
En nou is op dizze maitiidsmoarn by it gerjochtsgebou dat ofgryslike Ongelok bard. Yn de Prins Hendrikstrjitte fytste in frou njonken him; op de hoeke soene hja beide rjochtut. De trailer ried efter har, draeide om har hinne om de bocht nei it Saeilan to nimmen. De frou fytste hurd en koe net mear foar de auto wei komme. Hy sels koe noch krekt op 'e tiid fan de fyts Of springe.
It is folslein de chauffeur syn skuld. Dat is syn konklUzje,
| |
| |
as er op syn keamer wer hwat by komt en it gefal him wer goed foar de geast stiet. Syn han trillet noch as er foar de twadde kear om de konsierge skillet. Op itselde stuit wurdt der op de doar kloppe. It is de konsierge net, mar Bootsma fan de griffy.
Dy bringt in pear dossiers en sjocht him efkes oan.
‘Hawwe jim hwat bispeurd fan dat angelok?’ freget Herman Geertsma. Syn stim is noch net sa fest en de keamer draeit him wer foar de eagen.
Hy heart de sirene fan in ambulancewein gulen.
‘Ja’, seit Bootsma, der moat in frou deariden weze. Mear haw ik der noch net fan heard.’
Hy seit it bidaerd, Bootsma. In stadige, wisse fint. Goed fyftich jier. Der barre sa folle angelokken; it is ofgryslik, de 'este tiid.
‘Mr. Van Minnen hat frege oft jo de saek Martin Wiersma fan 'e moarn noch efkes mei him biprate wolle. Sjoch, dit is it dossier.’
Geertsma sjocht der efkes nei.
‘Dat angelok wie ik niis sels by’, seit er. ‘Ik bin der noch biroerd fan.’
‘Mynhear is hwat wyt om de holle’, seit Bootsma stadich. Hy nimt de bril fan de noas en wriuwt dy mei de busdoek skjin. Dan freget er noch: ‘Wol mynhear miskien in gl8s wetter?’
‘Ik haw Bergsma al twa kear skille, mar dy komt net.’ Bootsma knikt.
‘Dy is fansels by it tingelok to sjen. Mar ik sil jo wol efkes helpe.’
In minat of hwat letter is er der wer.
Geertsma nimt in pear slokjes fan it kalde wetter.
It is de chauffeur syn skuld’, seit er. ‘Dy fint is noch net fan my Of. Der mankearre net folle oan of hy hie my ek deariden.’
Hy hat ynienen forlet fan Aleid. Mar as er der oan tinkt, dat er, as er wer nei has to wol, it plak fan it fingelok wer sjen sil, dan nimt er earst it dossier fan Martin Wiersma mar en seit tsjin Bootsma, dat er wol Bean kin. En o ja, hy wurdt bitanke.
Nynke Kaspersma hat de ambulancewein ek heard. Mar hja hat der gjin omtinken oan jown.
Der is in aid minske, dat yn de boeken omsneupt. It is boar har beppesizzer, mar der meije gjin forkearde dingen yn stean.
| |
| |
Fan alle boeken, dy't hja yn 'e hannen nimt, wol hja de ynhald witte. En as it der hwat op liket, dan is de priis toheech. Nynke lit har mar hwat sykje en jowt Antwikendeantwurden op de fragen; hja hat sels dy boeken ek net lezen. Op it lest set de alde frou of nei de cassa mei in bontsjefoar in Karl May.
Fokje de Vries hat net folle klandyzje boar har blocnotes en ballpoints; hja wol wol efkes prate. En de chef is niis mei de lift nei boppen to gien.
‘Ik haw Leo juster wer sjoen’, seit Fokje optein. ‘Hy is wer yn de sted.’
‘O ja?’
‘Ja, hy hat wurk krige by de Frico. En nou bliuwt er hjir. Hy wie by Houbein.’
Hja sjocht Nynke freegjend oan; binijd hoe't dy op har great nijs réagearje sil.
Mar Nynke seit net folle.
‘Moai. Ik koe justerjoun net.’
‘Hy hat my justerjoun thus brocht.’
‘Ik soe mar hwat oppasse’, seit Nynke.
‘Hwerom?’ freget Fokje fûl.
Mar Nynke hoecht gjin antwurd to jaen, hwant der stiet in mefrou by de skriuwblocs en dy freget hwat koart oft hja ek hast holpen wurdt.
En dan wurde hja kjel, hwant de chef is der ynienen ek wer en hy komt har kant út.
Nynke begint hastich de boeken, der't it aid minske yn omsneupt hat, to plak to lizzen. De chef komt by har en hja forwachtet in forwyt.
Mar de chef freget freonlik oft hja efkes mei komme wol. En der wurdt hja wyt fan, hwant hja fielt fuort dat der hwat bisfinders is. Martin.
‘Jo hoege net sa to skrikken’, seit er, as hja op it lytse privekeammerke binne. Hy hellet in sigarettekoker út de bûse.
‘Smoke?’
‘Ne, tankewol, mynhear.’
De hannen trilje har sa.
‘De polysje skille niis om jo. Jo witte wol Hwe't it foar is, tink?’
Hy freget it freonlik en sjocht har oan.
Hja knikt.
Efkes stilte.
‘Moat ik der fuort hinne?’ freget hja dan.
‘Dat woene hja graech, ja.’
| |
| |
Wer efkes stilte.
Hja giet stean.
‘Dan gean ik nou earst dus mar efkes?’
De chef sjocht har wer oan.
‘Ik woe jo noch in goede rie jaen.’ - Hy wachtet efkes. - ‘Siz tsjin de polysje de folsleine wierheit. Bikroadzje jo net om dy Wiersma. Dat is net sa'n bestenien.’
‘Kenne jo him?’ freget hja stroef.
‘Ne. Mar ik haw troch de telefoan in wiidweidich petear mei de polysje hawn. En derom jow ik jo dy goede rie.’
De chef is seldsum freonlik. Sa hat hja him suver nea sjoen. Hy lit har hoflik nt, krekt as wie hja in goede klant.
Hja hellet de fyts nt de stalling oan de efterkant fan it greate gebou. By it gerjochtsgebou koe wol hwat bisfinders to dwaen weze; it is der swart fan de minsken. In Ongelok miskien.
Hja fytst troch de Lombardstege en sjocht efkes nei de dancing fan Houbein. Nuver stil is it der; de gerdinen binne ticht. Hja fytst de stille kant fan de Nijsted lans. By it polysjeburo stapt hja of, mar hja kin der fuort net to komme om der yn to gean. De chef hat har warskOge. Hwerom? Hy hat mei de polysje praet. Is de polysje erchtinkend? It liket der al op. Faeks leauwe hja net, dat hja in great part fan de nacht by Martin west hat.
Moat hja dat nthalde? Ja! Martin hat it blykber ek sein en hy rekkenet op har. It is gefaerlik en der kin fan alles fit fuortkomme, mar hja moat it dwaen. De chef sei: - Bikroadzje jo net om dy Wiersma. Dat is net sa'n bestenien.
Mar hy ken Martin net. Hy hat it fan de polysje. Hwat wit de polysje fan Martin? Hoe kin de polysje witte, dat er net forkeard is? Dat er allinne mar in fingelokkige jeugd hawn hat? Martin sil it wol net oan de polysje fortelle. Mar hy hat it har forteld, de earm om har hinne, by it lytse ljocht fan it skimerlampke dat boppe syn bed hinget.
Hja set de fyts tsjin it polysjeburo oan, rint by de treppen op en lfikt oan de skille.
Foar Eelco Rauwerda is it iennige bisandere fan dizze moarn, dat de baes der net is. En it hat net iens folle titwurking op him; hy arbeidet stadich troch yn it boek mei de wurden ‘Forstjorde rekkens’ op it kaft. Mar Stienstra is de hiele moarn oars as oars. Nou't der nimmen hat om nei de eagen to sjen is er suver hwat At de hichte tsjin de chauffeur, dy't om adressen komt. By Eelco siket er it yn de gemien
| |
| |
sumens. doe't er in sirene fan in ambulancewein hearde hat er sein: ‘Der is ek wer hwat bard yn de sted’ - en hy hat syn piip omslachtich stoppe, krekt as sette er him der nei om ris in moai skoftsje gesellich to praten. Mar Eelco hat der hielendal gjin forlet fan. Op it hieltyd op 'e nij bisykjen fan de ald man om it petear op gleed to bringen anderet er oars net as mei ‘ja’ en ‘ne’. Dan is Stienstra der efkes mei oan. Eelco sjocht tomOk nei him as er him efkes stil haldt. Hy sit foar in great krediteureboek, de pinne yn de han, krekt as sil er wer oan it wurk gean. Mar hy kin der blykber net to komme - hy siket om wurden om fan in gesellich petear, dat mooglik is, Nou't de baes fuort is, noch hwat torjochte to bringen. Der rogelet hwat jiske Ut syn piip; hy blaest it fuort, de keale holle skean, deun boppe it buro. Dan seit er: ‘Jo halde in bulte fan muzyk, net Rauwerda?’
Eelco jowt fuort gjin antwurd. In nuvere fraech boar Stienstra. It bart wol ris faker, dat de baes der net is en de aid man ynienen al syn nederigens en aktivens fan him Of skoddet. Mar it petear, dat er dan bigjint giet altyd oer it waer, oer syn troude dochter, oer syn jeugd en oer hwat er by finderskate saken op boekhaldgebiet prestearre hat. Sa'n rjochtstreekse, persoanlike fraech hat er noch nea fan Stienstra heard. En derom tyspelet er earst hwat mei syn pinnen om en dan seit er: ‘Ik hald wol fan muzyk, dat is sa.’
‘Dat tocht ik, sjoch’, seit Stienstra - en dan giet er der boar sitten, krekt as is it finmooglik, dat Eelco nou net freegje sil hweróm er dat tocht. Mar Eelco skriuwt wer nammen en sifers yn it boek, dat ornearre is foar it opskriuwen fan de forstjfirde rekkens - in alderwetsk systeem, der't de baes net Of wol en der't Stienstra yn dy syn bywezen altyd wiidweidich de foardielen fan opneamt. En Nou't Eelco oan it wurk gien is haldt Stienstra him, boar wonder, in hiel skoft stil.
Faeks is it wol foar it earst, dat it wurd ‘muzyk’ hjir neamd is. Der is hjir allinne mar drearnd fan muzyk. Uren lang. It is in stil kantoar, binammen as de baes der is. Soms is der oars neat to hearren as it ratteljen fan de typmasine of it krassen fan de pinnen en it protteljen fan Stienstra syn piip. In stille saek, de N.V. De Vries en Co. In saek lyk as Eelco yn dizze tiid net foar mooglik hâlden hie. Likemin as de tsjinstberens en nederigens fan in persoanielslid as de aide Stienstra. Der is ien baes. Ten boekhalder. Ten kantoarfeint. fen auto. Ien chauffeur. Ien pakhOs. Ien pakhfûsfeint.
Ien lyts kantoar. Foar de baes, de boekhalder en de kantoarfeint. Ne, der is nei alle gedachten noch nea oer muzyk
| |
| |
praet, of it moat west hawwe, dat de Postharmonij hjir ris Tans kommen is. Der is hjir allinne mar dreamd fan muzyk. Loeske hat him frege hwerom as er him net mear forset. Hy wist der suver gjin antwurd op. Oars net as: ‘Dat komt letter, faeks.’ Hy hat altyd syn perioaden fan geduld hawn en hy kin tiden lang libje yn de forwachting. As bern al. Yn de stille wren op it kantoar, dy't er sit to forskriuwen yn de boeken fan de N.V. De Vries en Co, hat er gauris wer tocht oan de bernegramofoan, dy't hja jierren forlyn by de buorlju hiene. Dy spile allinne mar bernesankjes, dy't troch in man en in frou songen waerden, mar in omke hie ris in plaet meinommen, der't de oare bern net om joegen, mar dy't boar it fatsoen dochs wol yn it repertoire opnommen wurde moast. Oan de iene kant stie de Chantilly - dy wie wol aerdich, mar oan de oare kant de Waltz from Faust. It bernegramofoantsje pipe ofgryslik, de bern praetten der troch hinne, mar alles hwat er opheine koe fan de Faustwals wie in geniet foar him. Hy mindere de melodij dagen lang. En letter, doe't hja lang om let thils radio krige hiene, binammen om de tsjerketsjinsten en bibellezingen foar beppe, dy't doe noch by har ynwenne, gie der yn de mannich wren, dy't er de radio foar himsels reservearje koe, in wrald foar him iepen. By de Barcarole fit Hofmann's Erzahlungen seach er in great dream-skip stadich in rivier del farren, by in wals fan Strauss wie er yn in feestseal fol minsken yn prachtige klean, seach er it orkest en de dirigint yn har dracht fan jierren forlyn en as er in stik ut Lehar syn Lustige Witwe heard hie dan wie er dagen lang foreale op in lyts, thinker famke fan de roomske oerbuorlju. En hy libbe yn de forwachting, dat de muzyk in great en bitsjoenend wonder yn syn libben wurde soe, dat er ien kear spylje en komponearje koe. Mar hy hie geduld. Hy forsearre neat. De wrakseling mei de fioele wie swier, mar net antmoedigjend. Earst wie er, neffens de learaer, muzikael. Letter hie
er oanliz. Wer letter siet der gans hwat yn him. Doe wie der al in greate wrald foar him iepen gien: Strauss, Hofmann en Lehar wiene weiwurden yn it skaed fan Beethoven en Mozart. Syn heft hie doe it wurd ‘muzyk’ al in kearmannich mei forachtsjen heard.
Der hat striid west, doe't it geduld op wie. Der is mei doarren stein. Der binne lilke wirden sprutsen. Mar Eelco Rauwerda spilet net yn it orkest. Hy is kantoarfeint by De Vries en Co. En Loeske, syn faem, seit der er to nuet is.
En op dizze moarn is op it kantoar fan De Vries en Co it wurd muzyk neamd. It bliuwt hingjen. Stienstra skoarret der
| |
| |
tsjin oan om oan it wurk. Hy kloppet de piip út en taest nei it pt dtsje yn de jasbese. Eelco Rauwerda lit de pinne mar wer reste en sjocht nei Viten. En it wol sa treffe, dat Engelmoer der lens fytst mei it ynstrumint by him. Op wei nei de muzykrepetysje.
It is krekt as mei de muzyklessen. Ynienen koe er spylje. It wie stadichoan kommen, mar ynienen koe er it. Ynienen wie er fioelist. It wie op in joun yn de simmer; krekt as skeat it him tafallich yn it sin: ik bin in fioelist.
Hy seit tsjin Stienstra: ‘Spitich, dat de baes der net is. Ik hie him freegje wollen oft ik efkes in boadskip dwaen mei yn de sted.’
‘Jo hoege nou net to freegjen’, seit Stienstra. ‘De baes is der ommers net.’
‘Moat ik it jó dan freegje?’
‘Ne, Haha, ne, dat net. Mar it liket my ta, dat de baes de hiele dei fuort bliuwt.’
‘Nou, dan gean ik mar efkes’, seit Eelco.
‘Jo hawwe gelyk’, seit Stienstra - en stekt de piip oan. ‘Dan sjoch ik efkes yn it pakhes.’
Hy is noch earder fuort as Eelco.
Gerry Beintema sit nei it plaetsje fan de belslide to sjen. Der rint in hynder foar mei plommen op 'e kop. Yn de bel slide sitte in mem, in jonkje en in famke, de tekkens heech om har hinne. De heit stiet der efter en stjfirt it hynder. Der leit in tsjok pak snie; de teken fan de beammen binne allegearre wyt. It sil wol hearlik weze om op in winterdei op in belslide oer de snie troch in bosk to riden, neist in mem yn in tsjokke mantel, under de waerme tekken, mei in heit efter jin, dy't sels stjere kin.
Ynienen skrikt hja.
Hja is oan bar om to lezen. Mar hja wit mei gjin mooglikheit Hwe't hja bigjinne moat.
‘Sliep mar restich troch, Gerry’, seit master.
De bern laitsje.
Gerry sjocht net mear nei it plaetsje en bisiket fit to finen Hwe't hja mei lezen binne. Roely lest mei har hege stimke: ‘En de beltsjes tinkelen fyntsjes; Hedzer moast der hieltyd mar nei hearre en it noaske him hielendal net, dat Marijke der tusken troch song.’
O ja, hjir is it. Gerry wol der nou by bliuwe. Hwant it forhael heart ommers by it plaetsje. Soe hja noch in kear oan bar komme? Stom, om hieltyd nei it plaetsje to sjen.
| |
| |
Ne, master Sybesma sil har wol net op 'e nij neame; dy hat fest in twa of in trije yn syn boek set.
It is goed alve fire. Noch in lire, dus. Hja sjocht der tsjin oan. Dy jonges steane aenst fest wer op har to wachtsjen. Faeks kin hja it oare om rinne, mar dat is in hiel ein. En as hja it yn 'e lampe krije, dan jowt it noch neat. Fan 'e moarn hat hja it forpoft om in ferske to sjongen, mar aenst fit skoalle halde hja har byneed sa lang fest oant hja net mear nei has to kin. Lyckele en Johannes sjogge de hiele moarn hieltyd har kant tit; dy litte it der net by sitte. Hja sjocht Lyckele al wer foar har stean, laitsjend en in hiele kloft bern der om hinne. -- En nou sjonge. In ferske fit it Heilsleger! Earder litte wy dy net los!
‘Sa. Nou de boekjes mar ticht. Ris even sjen Hwa't se ophelje mei.’
De earmen fleane oer elkoar. De bern dogge har uterste best om sa kreas mooglik to sitten. Mar Gerry hat dochs gjin kans. Hja wist niis net iens Hwe't it wie.
Anke, dy't nest har sit, mei de boekjes ophelje. En Roely mei de briefkes omparte foar it dikte.
‘Dou sitst op myn helte’, histeret Anke, as hja werom is. Gerry Ifikt de earm in eintsje werom. Anke hat in streek oer de bank lutsen, út de midden by it inketpotsje wei. Der mei Gerry perfoarst net mei de earm oer hinne komme. Anke wie der fuort al min oer to sprekken, dat hja njonken Gerry sitte moast en hja sit har hieltyd to narjen.
Master Sybesma neamt de earste wurdtsjes al, dy't hja opskriuwe moatte. Gerry en Anke stekke tagelyk de pinnen yn it potsje. Anke sjocht har gemien oan. ‘Ik wie earst’, seit hja Oft.
Gerry skriuwt de wurden op. It binne net sokke slimme. Mar hja makket ynienen in rare hael, hwant Anke triuwt tsjin har earm.
‘Ik wie net iens op dyn helte’, seit Gerry. In bytsje to hid, hwant master seit, dat it stil weze moat.
Efkes letter fielt Gerry ynienen in file pjuk yn har earmtakke. Hja skrikt der fan en ropt lad fan ‘Au!’ Alle bern sjogge har kant út.
‘Hwat is dat?’ freget de master.
Stilte. Hja stiet yn bistan om to sizzen, dat Anke har mei de pinne pjukt hat omdat hja op dy har helte wie. Mar hwat bart der dan? Anke sjocht har fal oan. Gerry doar it net sizze.
‘Wie dat Gerry?’ freget master Sybesma.
| |
| |
‘Ja, master’, seit hja.
‘Noch ien kear, dan giest der mar At’, seit master. En dan neamt er nije wurdtsjes op.
Gerry skriuwt troch. Mar der komt net folle mear fan tolanne; troch de pjuk, dy't Anke har joech is der in inketplak op har papier fallen. Anke sjocht der nei en gniist; hja wit wol, dat master Sybesma der altyd strafrigels boar jowt. Gerry hat de triennen yn de eagen. Hja doar net sizze, dat it Anke har skuld is. En aenst sjocht master it. Fan 'e moarn mei lezen wie it ek al mis. Forline wike hat master noch sein, dat hja wer in briefke mei nei hus krijt as hja har best net docht. En hja docht har best wol. Mar Anke en de oare bern.... Lyckele en Johannes, dy't har Heilslegerferskes sjonge litte wolle, master Sybesma, dy't altyd lilk op har is en mem, dy't har aenst miskien wol wer slaen sil as hja mei in briefke fan master thus komt - hja kin der neat oan dwaen, mar de triennen rinne har by de wangen del, drippe op it papierke fan it dikte; der komme noch folle mear rare plakken op en dan bigjint hja ynienen to snokken, de holle op de earmen.
Master haldt midden yn syn wurdtsjes op, in pear bern roppe hwat - en meiiens giet yn de gong de hide skille fan de foardoar.
Master Sybesma rint nei Gerry ta, bliuwt by har bank stean en freget: ‘Hwat is der yn de goedichheit?’ Mar Gerry gUlt troch en as master syn han op har hier leit en bisiket har holle op to tillen, triuwt hja dy fest op de earmen. It is allegearre swart, mei ljochte streken der troch hinne - hja moat sa lizzen bliuwe, hwant hja doar net wer om har hinne sjen. Hja heart, dat der bern ticht by har steane en Anke seit: ‘Hwat in oansteller.’
Der wurdt op de doar kloppe.
Master rint by har wei.
It is master Roorda; hja heart it oan de stim. Hy freget oft master Sybesma efkes mei komt. En dy rint earst noch efkes nei har ta, leit de han wer op har holle en seit: ‘Fortel my nou aenst gau hwat der oan is, Gerry. It mei nei skoaltiid ek wol.’
Mar hja bliuwt sa lizzen.
Oan de bern heart hja wol, dat master de klas al At is; der wurdt folle hider praet en in pear jonges drave tusken de banken troch. Ien, dy't blykber in dust krige hat, fait tsjin har oan en ropt: ‘Hald op, doch net sa flau.’ En der wurdt hieltyd'near roppen en draefd, oant it ynienen stil wurdt.
| |
| |
Master komt der wer yn.
Hy rint nei har ta en freget: ‘Wolst efkes mei komme, Gerry?’
Hy freget it hwat nuver en Gerry tilt fuort de holle op en sjocht him oan.
‘Kom mar mei’, seit er freonlik.
Hja rint efter master oan tusken de banken troch en stroffelet anderweis oer in skonk, dy't ien fan de jonges dwers oer it paed stutsen hat.
Master Sybesma nimt har mei nei it keammerke, der't mei swarte letters op in wyt glanzjend boerd Personeel op stiet. Hy docht de doar iepen en dan bliuwt Gerry efkes forbaesd stean. By it taffeltsje, foar master Roorda oer, sit muoike Janke.
Gerry bliuwt net lang stean - hja draeft master Sybesma foarby, nei har muoike ta.
‘Muoike!’
Hja krapt stiif tsjin har oan. O, as muoike har nou mar meinimt. As hja mar wachtet oant it tolve fire is. Dan kinne Lyckele en Johannes neat dwaen. Gerry Beintema hat in great forlangst nei feilichheit. Hja triuwt har antlit tsjin de sefte mouwe fan muoike Janke her mantel. It is deselde mantel fan dy Sneintomoarns, doe't hja muoike foar it lest sjoen hat. Neitiid hat hja faek hope, dat muoike wer ris komme soe. As hja thus yn de keamer sieten en der wie ien by de doar, dan tocht hja alle kearen hoe hearlik as it weze soe as it muoike Janke wie. Jouns hat hja der hieltyd wer om bidden. En nou is hja hjir ynienen!
Mar muoike Janke Olt.
Gerry sjocht har oan. De triennen rinne har by de wangen del en hja seit mei in heas ‘O, Gerry, famke....’
Master Roorda stiet ek al by har en by leit har de han op de holle, krekt as master Sybesma niis. Hwerom binne de minsken ynienen sa freonlik?
‘Dou moatst mar mei jim muoike mei gean’, seit master Roorda. ‘Der eh. ‘. is hwat bard mei jim mem. Hja hat in fingelok hawn.’
Stilte.
In fingelok? Hja sjocht muoike Janke wer oan. Dy gait noch. Is it slim? Is mem dea? Dea?
Hja kin net freegje - de kiel knypt har ticht.
Muoike Janke giet oerein, krijt har han beet en seit hwat tsjin de masters - mei sa'n nuver lad, dat Gerry Beintema it net iens forstean kin.
| |
| |
Hja rinne troch de lange gong. Master Roorda rint mei. Hwat is it hjir stil. De jassen en mantels hingje yn lange rige neist elkoar oan de kapstokken. De klompen steane der under. Yn juffer Poortinga har klas bigjinne de bern in ferske to sjongen.
Gerry Beintema rint njonken har muoike it skoalplein oer, de strjitten troch. Hja hat har han hieltyd mar yn muoikes. En muoike seit neat. Gerry freget neat. Miskien is mem dochs net dea. As hja dea wie, dan soe muoike it dochs wol sizze?
Hwer rinne hja hinne? Net nei hAs. Hja stekke skean de Nijsted oer en geane in lange, smelle strjitte yn. Gerry hat hjir noch nea earder west. Soe muoike Janke hjir nou faeks wenje? Mar hwerom geane hja net nei hils? Leit mem yn it sikehus? Of is hja dea?
Yn in noch smeller strjitte bliuwt muoike foar in hûs stean. In great hos, mar it is miskien al hiel ald. In nuver hits. Der leit neat yn de gong. Hja rinne gewoan op it hout. Mar de keamer is prachtich. Greate finsters mei swiere, brune gerdinen oan wjerskanten. In read tafelkleed mei in greate faes mei blommen der op. Stuollen mei blau ferwiel.
‘Doch dyn manteltsje mar At’, seit muoike.
Mar hwerom haldt hjar him sels dan oan?
Hja giet op in stoel by it finster sitten en seit: ‘Kom hjir ris by my, Gerry.’
Hja docht it en sjocht muoike bang oan.
Stilte.
Dan freget muoike Janke soft: ‘Fynst it hjir moai?’ ‘Ja.’
‘Soest hjir wol bliuwe wolle?’
‘Hoe lang?’
‘Altyd.’
Gerry sjocht forheard.
‘Altyd? Hwerom?’
Stilte.
‘Jim mem hat in fingelok hawn. Hja wie fan de moarn op de fyts de steel yn. Doe is der in greate auto oer har hinne riden.’ Gerry bigjint to triljen.
‘Wurdt.. wurdt mem noait wer better?’
‘Noait wer.’
‘Is mem dea?’
‘Ja, Gerry.’
Stilte.
Dea. En heit is fuort.
Hjir bliuwe?
| |
| |
De stuollen binne sa nuver. En de hiele keamer. It is sa'n smelle, rare strjitte.
Hja bigjint oerstjur to gillen en ropt: ‘Mem! Mem!’
De Aldehou slacht tolve ûre.
Der binne tilzenen yn de sted, dy't op dit stuit har wurk del lizze en tfizenen, dy't noch troch arbeidzje. It forkear wurdt drokker. Op de hoeke fan de Prins Hendrikstrjitte en it Saeilan sizze de minsken tsjin elkoar, dat hjir fan de moarn in ungelok bard weze moat.
Op de Easterkaei haldt in taxi; de skippersfrou, dy't by de planke delfallen is, komt wer thus. It is noch al hwat tafallen. En it jonkje yn de Jan van Scorelstrjitte, dat troch it hynder biten is, sit to it finster fit to sjen. Aenst komme de bern út skoalle.
Mr. Herman Geertsma leit it dossier fan Martin Wiersma wer oan de kant. Hy hat der fan 'e moarn noch net folle oan dien. De hannen trilje him hieltyd noch hwat. Hy sil nou earst mar nei hus. Miskien bliuwt er fan de middei wol thus.
Nynke Kaspersma sit noch altyd foar de ynspekteur oer. Hja sjocht op har horloazje. It hat nou al mear as oardel ure duorre. De ynspekteur seit: ‘Wy sille it hjir dan mar by litte. It wurdt in rjochtsaek en as jo foar de rjochters net wizer binne as hjirre dan kin it raer mei jo komme.’
Eelco Rauwerda hat de sted yn west. doe't er Engelmoer fytsen seach briek de langst nei de frijheit ynienen troch. Hy is langer op de orkestrepetysje bleaun as forstannich wie. En doe't de baes ynienen tsjin tolven op it kantoar kaem siet der gjin minske, hwant Stienstra hie de tiid mei de pakhUsfeint forpraet. De aid man wit him der Ut to praten en bikroadet him net om syn kantoarfeint. Eelco Rauwerda hat de Kloksymphony fan Haydn noch yn de holle en is yn it heech rinnende petear mei de baes nou just net sa foarsichtich. As er syn fortintskuldiging net oanbiedt hoecht er net wer to kommen.
En de lytse Gerry Beintema freget har of oft Lyckele en Johannes en de oare bern har tonei noch sa pleagje sille. Faeks hawwe dy wol meilijen mei har omdat har mem dea is.
(Haedstik ut Fjouwer minsken yn in sled,
roman, yn tarieding by iltjowerij Laverman, Drachten.)
|
|