De Tsjerne. Jaargang 11(1956)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 241] [p. 241] [Nummer 7/8] D.A. Tamminga: Ballade fan keizer Domitianus De keizer fan Rome, it wachtsjen sed, springt op fan syn poarperen himelbed. Troch it atrium fan syn simmerpaleis ropt in wachter de Ore reis op reis. Ted sljurket de Tiber bylans har iggen. Om syn holle krijboartsje de anwaersmiggen. ‘O Rome, o hertslach fan de wrald, jit leistou krumCinder myn biweld, en de haet giet om as frettend fenyn, it broeit by kristen en stokyn, slach baerne yn dy de vestaelske fjilren, gjin skiedskriuwer doar mear it grit to roeren, springt yn it petear myn namme nei foaren, dan beevje folk en senatoaren. Nou is it de Cue, nou is it de dei dy't de magiër as myn dea foarsei, mar ik laitsje om hwat de stjerren wikke!’ Hy ropt it towyl him de knibbels knikke. Aloan, aloan brant him yn it brein de tiid, fan de magiër juster foarsein: ‘Moarn de alfte are, tsjutte de stjerren, leit Domitianus yn it stjerren.’ En de keizer, skodbakjende fan wille, bifrege de sjenner: ‘Sei, hoe sille dan weze dyn eigen uterste stounen?’ Hy andere: ‘My ite de wylde hounen.’ [pagina 242] [p. 242] Doe hat de keizer mei lade stim syn liifwacht hjitten: ‘Unthalzje him en forsegelje it rotsgref, dat er my de leagen biwiist fan syn profesir Mar hy wit net, de keizer, hoe't by it bigraven in frjemde freze oerfoel de slaven noch hoe't de wylde hounen kamen en it (leis fan de deade to spize namen. Hy wit allinnich ien ding foarwis dat de alfte are oansteande is. - Dre docht de wachter in nije reis troch seal en porteal fan it simmerpaleis. En de keizer, sander in wurd to sprekken, krimpt under de slach fan syn lad bekken. Hy telt en telt, telt bouns op bouns. Hark, tolve slaggen trochtrilje it brans! ‘De toff te are, de alfte foarby! Fuort duorret myn ryk en hearskippij. O goaden, ik sintsje my yn jim gunst, hwat de stjerren wikke wie swarte kunst.’ - Mar hy wit net, de keizer, doe't hy telde, dat de wachter in falske are meldde. Wer dounsje de Oren har blide kadans oer Domitianus’ lauwerkrans. Nou jowl er him nanderjend, licht fan gean, nei de thermen om koelte en wikselklean. - 0 ivige sled op dyn sawn klingen, loovje it lot en syn wikselingen! Mei sil er de swiere foarhartg heffe as f jouwer dolken him regelings treffe. Vorige Volgende