Frysk en frjemd:
Skriuwers yn 'e bak
It ‘Nederlands Letterkundig Museum’, ôfdieling Documentatiedienst, en it ‘Archief en Museum voor het Vlaamse Cultuurleven’ binne forline jier bigoun, meidielingen op kaerten út to jaen mei bitroubere gegevens oer Nederlånske en Fiaemske letterkundigen, har wurk en de réaksjes dêrop. De Fryske Akademy to Ljouwert is forsocht, mei to wurkjen om ek foar de Fryske auteurs sa'n systeem op to bouwen. As dêr bilangstelling foar bistiet sil de Akademy bisykje dêr gefolch oan to jaen. Gadingmakkers kinne har op dy Fryske rige abonnearje. Alle jierren soene dan fjouwer à fiif Fryske sknuwers yn 'e (kaerte)bak brocht wurde. De bidoeling is, dat der bigoun wurdt mei nou noch libjende auteurs, mar dat der weromwurke wurdt nei earderen, om op 'en dûr in folslein oersjoch neffens ienselde systeem to krijen.