Forantwurding.
Dit Noarwegennûmer, dêr't de alfte jiergong fan De Tsjerne mei iepenet, is fuortkommen út twa dingen. Foarst út de bilangstelling dy't by ús yn Fryslân bistiet foar it kulturele libben yn de Skandinavyske lânnen, yn it bysûnder Noarwegen, en twad út it noflik en fruchtber kontakt al inkelde jierren lang tusken de redaksje en de hear K. Langvik Johannessen to Oslo.
Him komt alderearst by it ta-stân-kommen fan dit aparte nûmer in wurd fan greate tank ta foar syn bimiddeling by it sykjen fan kundige meiwurkers, it garjen en gearstallen fan de kopij, it sammeljen fan yllustraesjemateriael, de jildlike stipe fan de Noarske regearing en de forsprieding fan dizze útjefte yn Noarwegen sels.
Ek de Noarske Legaesje yn Den Haech tankje wy tige foar har finânsiéle help en har niget oan dit ûndernimmen.
Fierders komt tank ta oan alle meiwurkers oan dit nûmer sawol yn Noarwegen, Flaenderen en Hollân as oan dyjingen bûten de redaksje dy't ûnderskate bydragen oerset hawwe: mefr. A. Brouwer-Prakke, Dr G. Dykstra, juff. Tony Feitsma en Teake Hoekema, lyk as ek oan Diet Huber dy't it omslach tekene hat.
Wy hoopje dat dit nûmer der by ús lêzers yn en bûten Fryslân goed ynfalle mei. Der is sprake fan dat in Noarske periodyk skielk mei in nûmer oer Fryslân komt. Dat is just hwat wy ek mei dit nûmer op it each hiene: yn 'e kunde kommen mei en útwikseling fan elkoars kultuerbisit, om sa de bân to bisterkjen tusken de mear bihindige mienskippen, dy't op eigen biskieden wize komponint wnêze wolle yn it Europe fan hjoed en dat fan moarn.
DE REDAKSJE.