Replyk fan mr. Okma.
Yn de taspraek dêr't de Fryske Deputearre mr. D. Okma yn Boalsert de Fryske Boekewike 1955 mei iepene hat, is er frij wiidweidich weromkommen op de krityk dy't yn de Tsjerne fan Novimber 1954 útoefene waerd op de ynhâld fan syn wurden by deselde gelegenheit yn dat jier. Ynpleats fan de diskusje ‘jier út jier yn’ fuort to setten (mr. Okma soe foar 't neist net earder as yn Novimber 1955 op ús duplyk werom komme), liket it ús better ta en sitearje op dit plak in útspraek fan de Deputearre oangeande it takennen fan de Gysbert Japikspriis:
De priis, sa hat mr. Okma yn Boalsert sein, ‘sil uteraerd (dus) it leafst foar masterwurk (jown wurde), mar de priis kin ek takend wurde as in fortsjinne oanmoediging fan in jong auteur, dy't in goed boekje skreau. Myn achte opponint (yn De Tsjerne fan Novimber 1954) fielde de bidoeling sels wol oan troch to sprekken fan “fortsjinne oanmoediging” en “in goed boekje”. De priis kin ek nèt takend wurde, mar às er takend wurdt dan foar wurk fan goede kwaliteit. It wurk hoecht dus net perfoarst in hiel ein boppe Boazumer mjitte út to kommen, mar lit my mar sizze: de goede mjitte moat it wol ha. Lit ús dus fêst stelle: it moat de Boalserter mjitte ha’.