De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 370] [p. 370] Y. Poortinga: Twa Krystlieten. I Hwa is der hjoed dochs berne En leit yn Syn stille herne, To Bethlehem? God sels, Hy waerd to riede En stjûr Syn Soan op ierde, To Bethlehem. Dy is foar ús hjoed berne, Sa lyts yn Syn stille herne, To Bethlehem. Hy sels, Hy waerd to riede En kom foar ús op ierde, To Bethlehem. Hy leit foar al 't forlerne, Sa earm yn Syn stille herne, To Bethlehem. Hoe djip moat Hy 't ús miene, God sels, de Trije-iene, To Bethlehem. [pagina 371] [p. 371] II O Krysttiid, o dû wûnd're dei! De tiden waerden tol. Wy stimme yn de freugde mei Dy't God ús skinke wol. Tsjin 't berntsje dat yn doeken leit Syn mem ‘Myn Heare’ seit. O Krysttiid, o dû wûnd're dei Dy't God ús skinke wol. Wy sjonge d' inglekoaren nei En loovje 't berntsje tear. Al 't leed wurdt yn de freugde wei Om 't kommen fan de Hear. Tsjin 't berntsje dat yn doeken leit Us hert ‘O Heilân’ seit. Wy sjonge d' inglekoaren nei Om 't kommen fan de Hear. God hat ús mei Syn heil bitocht: It bern Immanuël, Dat oan de ierde frede brocht, Kaem yn de Krystnacht del. De Soan Dy't hjoed yn doeken leit Forsoent ús mei de Heit. Hy dy't ús mei Syn heil bitocht Kaem yn de Krystnacht del. Vorige Volgende