fan is? Elk fak, elke biweging, elk houlik, alle arbeid, alle barren, it hat syn lytse en forfeelsume kant. Dat is de ientoanichheit fan 'e dag'en, de doelleasheit fan 'e omrin fan sinne en natûr, de idelheit fan forfetting en herhelling en wenst. De dea sit der yn, en sûnder dy dea kinne arbeid, mienskip noch libben yn dizze bidieling bistean. Allinnich, hwat fierôf is: ierdrykskundich, histoarysk, sosiologysk, fenomenologysk, hoe dan ek, is maklik to perspektivearjen - troch en foar hwa't fierôf binne. Mar dat falt de Fryske skriuwer mei en yn it lytse Fryslân neat ta. Hy kin de idelheit fan eigen folkslibben, dy't er alle dagen meimakket en dêr't er sels diel oan hat, biswierlik ûntrinne.
Alhoewol, is dat nedich? Kinne de eleminten fan lytsens, doelleazens en idelheit yn libben en kultuer de skriuwer wier net ynspirearje? Hjir koenen wy wolris stuitsje op frijhwat in swak punt yn ús literatuer. It greate meartal fan ús skriuwers hat gjin kriich genôch ta de wrakseling om en mei de stof. Hja sykje it to gau né ek net yn it greate en rike, mar yn it nijsgjirrige, en forwachtsje it to folle fan 'e ynspiraesje. Har klacht, der bart hjir sa'n bytsje, bitsjut yn har mûlen: Der bart hjir sa'n bytsje, dat út 'e nijsgjirrichheit skynt. En it gefolch is, dat deselde stof ús net ynspirearret en skriuwers om utens wol. Of hawwe oare literatueren, fan 'e Hebrieuske ôf, gjin greate stim krig'e yn 'e fortolking fan 'e fealens, de earmoed en de ôffal fan it minsklik libben? Wy lykwols komme der sels mar nauwerneed oan ta, it yn tsj instelling to bigripen, middenmank en tsjin de eftergroun fan 'e weelde en it gewelt fan de natûr, de ûntsachlikheit fan it hielal en it geny fan 'e minske. As sa'n tsjinstelling ús gjin drama genôch is noch einleaze stof ta dramatyske ûtbylding leverje kin, hoe tier en sleau wolle wy dan wêze?
Dêrom net, de klacht is gâns in diel ek mar theory. Oan hjoed de dei ta hat de Fryske literatuer hiele fjilden fan libben braek lizze litten, of sa goed as braek. Sa leit yn Fryslâns histoarje sawol ta epos as ta drama de bilangrike en tagelyk nijsgjirrige stof heech oploege, mar de Fryske skriuwers dy't der, oer de g'rinzen fan har bernejierren hinne, in hân nei útstutsen hawwe, binne útsûnderingen. Om noch mar by de njoggentjinde ieu to bliuwen, de striid yn en troch ús folk sa fûl fierd om 'e bilidenis en de frijheit fan 'e tsjerke, de fundearring en de frijheit fan it ûnderwiis, it rjocht fan 'e arbeid, de fornijing en modernisearring fan