| |
| |
| |
Lolle Nauta:
De tsjoender en de cirkel.
Oer Ernst Wiechert en syn nijste wurk.
Sa't it net mear mooglik is oer Fryske literatuer to skriuwen sûnder de iene of de oare hâlding foar folk en biweging oer, sa is it ek ûnmooglik oer Dútske literatuer to skriuwen en forswij it probleem Dútsklân. Ek literaire toeristen moatte har by it passearjen fan de grins legitimearje kinne, der helpt gjin federalisme oan. Oft in Dútsk skriuwer yn de Hitlertiid om utens forkearde, yn it konsintraesjekamp tahold of meisong yn it nazikoar, dat is allegearre wichtiger foar de Dútske literatuerskiednis as hokfoar aesthetyske of literair-histoaryske yndieling ek. Dat docht al bliken, hwannear't men neigiet, hwatfoar in wichtige literaire rol de groep Dútske skriuwers spile hat, dy't ûnder it Hitlerregym tahâlden hat yn Amearika, Men sjocht it ek oan hwat Ernst Wiechert yn Dútsklân yn dy tiid meimakke hat, om't er it net litte koe en sprek sa út en troch in to dúdlik forsteanber wurd.
It binne lykwols oare gefoelens en faek ek ressintiminten, dy't ús hâlding foar de Dútske literatuer oer trochstring's biskiede, Sels de wurdearring fan greate Hollânske skriuwers as Du Perron en Ter Braak is der it biwiis foar dat der earne yn ús hwat is, dat domwei de Dútsker en de Dútske literatuer net daeije kin. Net allinne om't dat folk mar fiif dagen nedich hie om ús lân fiif jier fortraepje to kinnen, mar ek om't de Dútsker òf oeribele hoflik òf alderheislikste brutael is. Hy kin him net ta deugd oanstelle, sa wurde fakentiden de biswieren formulearre. It komt hjirop del, dat hy nou ienris net op fetsoenlike - hwant Hollânske - of op net minder fetsoenlike - hwant Fryske - wize de midlike wei hâlde kin tusken syn machtsen ûnmachtsgefoel. Hoe't dat komt, witte wy net krekt, dêrfoar sjocht ús fetsoenlik gesicht to min yn 'e spegel. Mar dat wy der oer stroffeltje, is bûten kiif.
Dochs is sa'n hâlding faeks to forkiezen boppe dy fan party yntellektuëlen, dy't har minderweardichheitsfielen foar de Dútske geast oer net kwytreitsje sille en swarre by dy geast, oft dy him nou manifestearret yn Heidegger, yn Klaus Mann of yn films lykas Die Nachtwache en So lange Du da bist. Der is sahwat gjin dominy yn dit lytse
| |
| |
lân, dy't bygelyks net oer Die Nachtwache skreaun hat en der binne skriuwers, dy't Klaus Mann forhearlikje sûnder eksakt to freegjen, hwer't foar dizze skriuwer, dy't yn syn autobiografy oer eltsenien skriuwt bihalven oer himsels, eigentlik Der Wendepunkt lein hat. Wiechert syn kearpunt kin men bistudearje oan syn roman Das einfache Leben, skreaun yn 1939 en oan Missa sine nomine, dat er skreaun hat nei de twadde wrâldoarloch. De haedfiguer út Das einfache Leben sit mei de gefolgen fan de earste, Amadeus út de Missa is skeind fan hwat er yn de lêste oarloch meimakke hat.
Hwannear't in skriuwer in eig'en lûd hat, dan prate syn romanfigueren allegearre deselde tael, hwa't hja ek binne, moardners of hilligen. Hwer't er him hat, witte wy net en hoe't it ding der útsjocht allikemin, mar hy hat in stêf, dêr't er de minsken en de dingen mei oanrekket en sjoch, hja foroarje. De bern fan Thomas Mann neamden har heit der Zauberer en hwatfoar forskeel der ek wêze mei tusken de beide Dútske masters, Ernst Wiechert hat de kunst fan it tsjoenen ek folslein yn 'e macht. Wol is Thomas Mann liniger yn it hantearjen fan syn tsjoendersynstrumint: hy rekket de dingen oan om him dan fluch to forskûljen en jin efter to litten mei it riedsel fan hwat der eigentlik bard is; syn fine irony lit de lêzer alhiel yn it ûnwisse hwer't de tsj oender dochs húsmannet en mient er al earne de skriuwer gewaer to wurden, dan keart dy him om sûnder stêf yn 'e hân; it is ommers in nommel humanistysk learaer, dy't it libben fan Dr. Faustus biskriuwt, Mann syn sympathy hat er allinne foarsafier't dy syn irony it talit.
Yn it wurk fan Ernst Wiechert komt de irony hast net foar. Hy hâldt syn stêf yn 'e hân en tsjoent dwers troch alles hinne, oarloggen ynbigrepen. Hy hat yn dit stik eat fan Charly Chaplin, dy't ek altyd deselde bliuwt, as polysjeman en as bidler; mei dit forskeel lykwols dat er him minder faek forklaeit en om syn klean net gau laket, De haedfigueren yn Wiechert syn boeken binne hast allegearre dichters; hja forsteane mear fan de wierheit as de minsken om har hinne. Hja akseptearje boppedat mei har greate kolleg'a fan de film, dat se yn 'e eagen fan 'e wrâld folslein ridikúl binne en bliuwe sille, oant yn ivichheit. Jons Ehrenreich yn Die Jerominkinder kin as skoaljonge net meidwaen om't er de gerjochtichheit siket en neffens it soune bitinken fan syn maten is dat perfoarst abnormael.
| |
| |
Kaptein Orla út Das einfache Leben wie yn it Dútske leger altyd hwat in aparte figuer om't er de oarder efter de dingen socht ynpleats fan der lykas syn masters fan út to gean. Hja binne dichters, op de iene of de oare wize bihalven tsjoenders ek bitsjoenden en sa is hast elke roman fan Wiechert it forhael fan in kunstnerskip. Se lykje sa op inoar, dat net allinne oer eltse roman in soarte fan drôve ientoanigens leit, mar ek oer Wiechert syn wurk as gehiel. Syn boeken sizze allegearre itselde, ek al is Wiechert de kunstner, dy't fan elts boek in nije wrâld makket.
Dizze dichters sykje allegearre om eat dat toloar gyng en leauwe boppedat yn dy romantyske wierheit. Krekt dêrre leit it forskil mei Thomas Mann, dy't fan Nietzsche leard hat, dat in minske syn wierheit fakentiden syn ûnwierheit is. Ek de haedfiguer fan Mann syn masterwurk is in kunstner, mar it is ien, dy't neat leaut; dy't kâld is foar eltse foarm en dus ek foar eltse ynhâld, lyk-as Stavrogin yn Dostojewski syn Demoanen. Hy hat in akkoart mei de duvel nedich om wurkje to kinnen; jow my dyn libben, slacht Gods fijân him foar en ik sil dy dyn kunst jaen. De forhâlding fan eksperimint en tradysje blykt in minsklik en religieus probleem to wêzen en dêrtroch is Mann moderner as Wiechert, Wiechert romantysker as Mann. It probleem is net, dat er it libben troch syn kunst forlieze sil, om't er der wis fan is, binammen yn 'e earste tiid fan syn libben, dat er it allinne as kunstner bihâlde kin. Hja tsjoene beide, mar allinne Mann achtet dat libbensgefaerlik. Mann hat lykwols in lang' libben nedich hawn om ta it skriuwen fan Dr. Faustus to kommen en ek de Missa stiet by Wiechert ûnderoan op in lange list.
Wiechert syn haedfigueren binne dichters om't se hwat forlern hawwe. Earne yn har libben hat der in hân west, dy't har weihelle út in wiid en machtich forbân, om har op harsels to setten, allinne. En dêrom geane hja hast allegearre werom: ‘Die Majorin’ en de Missa bigjinne beide mei in weromkommen en ek de haedfigueren fan Die Flucht en Das einfache Leben binne op retour.
Wiechert is greatbrocht yn 'e bosken fan East-Prusen; as in bern fan 'e natûr, dat jeije, fiskje en spoarsykje koe as de bêste ûnder syn maten. Syn heit wie dêr boskwachter, mar de soan moast studearje en ek al komt der sa út en troch in brief yn 'e boskwachterswente mei it forsiik om it birop fan 'e heit dochs kieze to meijen, de jonge Wiechert
| |
| |
moat hegerop, hy hat der ommers de oanliz ta.
Wiechert syn wurk is hjirtroch alhiel biskaet: de yntellektueel en de kunstner kinne de jonge út 'e bosk net wer kwytreitsje. Syn hiele libben hat er weromlongere nei it lân dat him ynspirearre ta syn earste fersen. Hy hold fan dat lân, om't er gefoeliger wie foar de sé en de stilte as de jonges mei hwa't er yn dy selde kontreijen roverke boarte. Wiechert syn wurk is ien bisykjen om in brêge to slaen oer de spjalt tusken syn letter libben en syn jongesjierren. Dy brêge koed er bouwe, hwant hy wie in dreamer en in dichter. Yn syn eigen wrâld waerd it forlerne paradys mei it boumateriael fan 'e dream rekonstruearre: de figueren út Wiechert syn boeken hawwe in dreamerich antlit, dat altyd yn 'e fierte sjocht. Oer syn boeken - en dat jildt ek foar syn lêste en faeks wichtichste roman Missa sine nomine - leit altyd in drôf lang'jen nei de oarsprong, dêr't it libben is en de wierheit. Dichtsje is foar dizze skriuwer net op jins iepenst en mei alle sinnen wach wêze, mar dreame; en net dreame yn 'e nachten dat èlk minske weromgiet ta syn bloed, mar oerdeis, om't it ljocht fan 'e dei him sear docht oan 'e eagen.
De wei lykwols, dy't in minske weromfiert ta syn oarsprong is deselde wei, dy't him bringt fan syn berte nei syn dea: it libben sels, Wiechert moat ûntdekke, dat in romantysk revenons à la nature net oars is as in dekadint idéael fan 'e kultuer. By de yngong fan it paradys stiet in skriklike ingel mei in swurd yn 'e hân. It nijsgjirrige is, dat it de réaliteit fan it nasionael-soasialisme is, dy't Wiechert ta dy ûntdekking bringt. Hitler-en-dy meitsje it de skriuwer ûnmooglik him langer to forkwikken oan eigen langsten en boppedat docht it bliken, dat de dreamer mear de sliep út hat as in hiel soad oaren yn Dútsklân, dy't al jierren tochten dat se mei har tiid meigyngen. As Wiechert yn 1935 útnoeg'e wurdt om foar de Münchener studinten in rede to hâlden, is er earst fan doel om út syn eigen wurk foar to lêzen, mar by einsluten docht er it net: ‘es kommt uns nicht mehr zu, nur wie ein zauberer jenseits der zeit aus unserer einsamkeit herauszutreten und unsere bilder auf eine weisze wand zu werfen, als lebten wir alle noch in glücklichen kinderzeiten. Es kommt uns nicht mehr zu, weil zu viele unter uns leben, die auf viele fragen keine antwort bekommen’. De dichter, dy't net allinne syn tahearders warskôget, mar ek himsels.
| |
| |
Yn Das einfache Leben bisiket Wiechert nochris om yn it paradys troch to kringen, mar de reis dêrhinne brekt him by de hannen ôf. Orla fielt him skuldich, om't er syn wiif mei har morfine en mei har freonen stikke liet. As de dizige dream hwat opklearret en de kontouren fan de réaliteit sichtber wurde, docht it pynlik bliken, dat er der sels net by west hat. Orla skriuwt op it eilân, dêr't er hinnegiet om it ienfâldige libben to finen, in ethyk fan it sémanslibben. As protest tsjin it Dútske militarisme is it boek like Dútsk as de Dútskers tsjin hwa't it protestearret.
Missa sine nomine is allinne al qua opset dramatysker. Fan de trije haedfigueren, de trije frijhearen fan Liljecrona, Aegidius, Erasmus en Amadeus, is de lêste de wichtichste. Wylst it yn Das einfache Leben net alhiel dúdlik wurdt, hwerom't kaptein Orla nei it eilân ta wol, is der yn 'e Missa gjin weltschmerz mear nedich om in intrige to krijen. Amadeus is fan in boskwachter forret en yn it konsintraesjekamp fan 'e nazi's tolânne kommen. It boek bigjint mei syn weromkommen op syn bisit. Hy komt lykwols werom as ien dy't hatet en dy't net forjitte kin en wol. Syn hannen binne bismodze, hy hat in boal fan it kamp formoarde.
Hy komt werom, mar de Amerikanen sitte yn syn kastiel en in man seit him, dat syn twa bruorren earne boppe yn 'e bergen yn in skieppeskuorre húsmanje.
‘“Vielleicht ist es ganz gut”, sagte er mit einem vertraulichen lächeln, “wenn heute barone für eine weile im schafstall leben müssen....” Der freiherr erwiderte das lächeln nicht, aber er hob die hand freundlich zum abschied. “Besser wahrscheinlich”, antwortete er, “als wenn schafe in baronschlössern leben müszten. Es würde ihnen auf die dauer nicht wohl sein”.’
Aegidius wurdt boer, Erasmus boasket in stedsfrommis, Amadeus bliuwt allinne om ta himsels to kommen. Hy is krekt as syn heit; ek fan heit seine de lju dat er neat die en Amadeus docht dan ek gjin wurk yn 'e g'ewoane sin fan it wurd; hy is skeind troch de oarloch en wol himsels klinzgje. De roman Missa sine nomine is dêr it forhael fan. Amadeus hat lykwols net, lykas Orla, in eilân ta syn foldwaen, dêr't allegear bysûndere minsken him opsykje. Hy libbet yn in doarp, by de minsken, en komt troch de dochter fan de boskwachter dy't him forrette, nochris yn oanrekking mei de dea. Dy jongfaem hatet de man, dy't har heit neffens har bitinken yn it ûngelok brocht hat en hwannear't Amadeus
| |
| |
boppedat in moardner mei opbringt, dêr't hja in bern fan hawwe moat, stiet hja him nei it libben. Amadeus kriget lykwols geastlik in oerwicht op 'e faem sá, dat se yn in soarte fan dwylsinnigens tinkt, dat hy de heit is fan it bern, nou't de streuper út har libben fordwoun is. Troch to bearen dat dat sa wie, slagget it Amadeus de jongfaem to rêdden; hy foroaret lykwols dêrtroch sels ek, doar de minsken wer ûnder de eagen to kommen en komt sa, sahwat in jier nei't er weromkaem, ek werom yn it libben.
De natûr is yn Missa sine nomine net mear in paradys. Kaptein Orla mei him yn Das einfache Leben ienkear eefkes skuldich fiele, Amadeus komt skuldich werom en der binne yn it doarp mear, dy't ta hate forfalle. Wiechert lykwols bliuwt ek yn dit boek pur sang romanticus. Hwannear't de minske yn de natûr gjin asyl mear fine kin om op forhael to kommen, dan moat er dat asyl mar sykje yn himsels.
Dêrom jowt Wiechert yn 'e Missa net allinne in forhael, mar ek in kredo en it is de oarloch, dy't dat kredo needsaeklik makket. Foar it tragyske yn it libben kin er net mear út 'e wei, mar dat hâldt net yn, dat de dreamer yn Wiechert bilies jowt; men kin it tragyske ek master wurde troch der in forboun mei to sluten: yn 'e minske sels. Hoe't dat kredo fan Wiechert der útsjocht, kin men bistudearje oan syn styl. De skriuwer sels seit earne, dat er by syn earder wurk tofolle ‘Wort, Klang und gehäuftes Attribut’ brek hie en yndie is syn styl minder lyrysk wurden en minder oerdwealsk. Yn 'e Missa, noch mear as yn Das einfache Leben, is syn styl suver elliptysk fan struktuer en fan in moaije monotony. Eltse sin is in lytse sirkel, dy't de ein bisiket to forbinen mei it bigjin en wol men yn dit boek it kredo op it spoar komme, dan komt men ek by de sirkel tolânne; it is in misse, dy't gjin namme hawwe mei; de ein moat gelyk wêze oan it bigjin. De Missa set yn mei: ‘So ging es sich also, wenn der tod einen zwischen den schultern berührt hatte’. It nimt it forline fan Amadeus eefkes op en is dêrtroch al dalik by it bigjin: syn weromkommen yn it doarp. En is elke sin fan Wiechert in lytse sirkel, elk haedstik is it ek en set fakentiden yn mei de ein, hwant net it forhael is wichtichst, mar de sin derfan: de foroaring yn 'e minske, dy't de ivige sirkelgong fan it libben gewaer wurdt. Der komme haedstikken foar yn 'e Missa, dy't sa gearstald binne, dat der earst sein wurdt: dy moan- | |
| |
ne barde dat, doe dat en doe dat en dêrnei wurdt elk barren biskreaun.
It is hieltyd deselde sirkel, mar hy wurdt hoe langer hoe lytser, de ein komt hwat langer hwat tichter by it big'jin. Hwat neijer men yn Missa sine nomine by de ein komt, hwat sterker 't de herhelling wurdt oant der oars neat oerbliuwt as de ‘unvergänglichkeit des lebens’, de wierheit dy't Amadeus fynt. De sirkel is in stip wurden en it is de unvergänglichkeit des lebens, dy't yn dizze misse sûnder namme hwat langer hwat mear kriget, lykwols sûnder faek neamd to wurden.
Fan Amadeus syn heit, dy't neat die, wurdt sein dat er op in dei fuortgien is en nea weromkaem. Tafallich is it grif net, dat Erasmus tinkt, de âlde frijhear sit yn Ynje oan in stream en laket fyntsjes; yn it Ynje, dêr't men it libben forwint troch it to ûntstriden en yn it neat de ein fêstmakket oan it bigjin. Dizze asketyske kant is ek typearjend foar Wiechert. Eigentlik, sa tinkt men nei it lêzen fan de Missa, is de sin fan it libben allinne dit: stilsitte en fyntsjes laitsje, sûnder irony, so aus Gott heraus.
Ernst Wiechert is gjin nihilist, mar hy stiet as de âlde greve nihilistysk ûnder alle divertissemint dat de minsken der op nei hâlde om oan har sels to ûntkommen. Der soe in essay to skriuwen wêze oer syn oerienkomst mei Martin Heidegger, by hwa't ek yn ‘Sein und Zeit’ it hiele libben oars neat is as ien great lûd divertissemint om to ûntkommen oan de eangst foar de dea, dy't it wêzen útmakket fan minskene bistean. Dizze Dútskers stean apart en ek Heidegger is nei 1945 kommen ta in soarte fan unvergänglichkeit des lebens; dêr foaroer binne dichtsjen en tinken it selde. De filosofy fan de eksistinsje hat mear mei de romantyk to meitsjen as guon eksistinsjefilosofen tinke. De sympathy fan Wiechert en Heidegger foar in figuer as Hölderlin wiist deselde kant út.
Hwannear't bigjin en ein itselde wurde moatte is der foar skiednis gjin plak mear; dan wurdt de skiednis ta in tiidleas mearke en dat hwat ienris bard is, bygelyks yn de kristlike heilsskiednis, kin him altyd wer ôfspylje. Dat hwat nou bart hat him eigentlik al folle earder tadroegen; dat hwat yn 'e oertiid barde, herhellet him op 'e nij. De heilsskiednis wurdt ta in soarte fan kontinu fatum, dat de libbensgong fan de minsken biskaet; de rjochte line is in sirkel wurden. It Krystforhael dat yn dit nûmer fan De
| |
| |
Tsjerne yn oersetting folget, is dêr ien fan de moaiste foarbylden fan.
Christoph, de man dy't dizze forhalen forhellet, is de koetsier fan it slachte Liljecrona. Syn pesysje is al like erflik as de titel fan syn frijhear. Dizze legendaryske figuer wit de hiele skiednis fan it slachte by oerlevering en hwannear't de biwenners fan it doarp Krysttyds gearkomme yn 'e skieppeskuorre, fortelt Chirstoph ‘wenn die Herren es erlauben’ de âlde forhalen.
Hy fortelt lykwols gjin skiednis, mar in mearke; it kristlik boadskip is hjir ta mythe wurden, dêr't de skiednis dy't ommers neat nijs mear bring'e kin him alhiel nei rjochtet. De dominy soe faeks wol dobbelje wolle, mar is dit net de nacht fan it Bern, om hwaens rôk ienris spile is? De frijhear is net salyk ien dy't sûndiget, mar in minske dy't fan it spoar ôfwykt, dat troch it heilsbarren yn 'e oertiid foar altyd lutsen is. Hy hoecht him dan nei de died ek net to bikearen - dêr is er op 't lest in frijhear foar - mar hy moat him foroarje: sa dat er wer komt yn it âlde, biwende spoar en wer gean kin. Ien dy't net hannelet neffens de archetypyske mythe libbet net, ek al slacht syn hert noch en dêrom is it dat de dominy de frijhear net forflokt, mar syn lykrede hâldt, dêr't er ‘libben’ by sit.
Sa libje de figueren fan Wiechert earne fier fuort, yn in irreéel ljocht, as yn in mearke. Dizze skriuwer is in tsjoender dy't omraek fortelle kin en nei hwa't men sels dán graech harket, as men net bigrypt, hoe't sa'n figuer, sèls omtrint in mearke, bistean koe, sawol yn Buchenwald as yn dizze brave new world.
| |
Christoph syn krystforhael.
Fragmint út ‘Missa sine Nomine’ fan Ernst Wiechert.
En hy gong oerein, naem in koaltsje út it fjûr foar syn piip en joech him wer del op 'e rânne fan 'e hurd.
De kersen brânden sûnder dat de flam ek mar hwat wyndere en sa stil wie it, dat se koene hearre, hoe't de froast yn 'e bosk it hout fan 'e beammen spjaltte.
‘As it de hearen goed is’, sei in oare frouljusstim nei in hiel skoft, ‘fortel dan noch hwat, Christoph’.
Wer seach Christoph de bruorren oan en naem syn piip
| |
| |
ut 'e mûle. ‘Us pake hat it sa forteld’, bigoun er. ‘Doe't syn heite pake de swipe noch hantearre, hiene se yn 'e slotstsjerke in dominy, dat in dimmen en démoedich man wie en ochsa earm. En dy hie sawn bern. En op it slot wenne nei in goede frijhear, dy't se de ‘hillige’ neamden, in wyld hearskip, sa't dy der soms yn wylde tiden binne. En it wie noch de tiid fan 'e liifeigenskip.
En doe't it Krystjoun waerd, hold dat hearskip de dominy by him, om't hy wie iensum, en hy hold him by him as in soarte fan boartersguod, dat men út 'e kast krije kin en der wer ynlizze.
En doe't de frijhear fan 'e hjitte punsch dronken hie woed er mei de dominy dobbelje, om in mennich gouden riders, en hy wist, de dominy wie sa earm as in lûs.
En de dominy wegere.
Hy hie noch nea wegere, salang't er ûnder it slot wenne, en hy wist, dat it nuodlik wie om in eigen wil to hawwen. En hy wegere ek net, om't er earm wie. Hy wegere, sa sei er op syn démoedige wize, om't de kriichslju dobbele hiene om 'e rôk fan him dy't dy nachts berne wie en yn 'e krêbbe lein hie.
De frijhear seach him lang oan en skodde ûnderwilens súntsjes de dobbelstiennen yn 'e learene beker. ‘Dobbelje, dominy!’ sei er.
Mar de dominy skodde fan né.
‘Noch ienkear siz ik: dobbelje, dominy!’ sei de frijhear, en de lippen waerden him nou bleek en tin.
Mar de dominy skodde fan né en die allinne mar de hannen gear op it wite tafelskleed.
‘Astû net dobbelst en dus net dochst, hwat dyn hear dy hjit’, sei de frijhear, ‘sil ik dy mei de swipe omseamje litte as in oerhearrich tsjinstfeint, en ik sil dy safolle swypslaggen jaen litte, as ik eagen smyt út dizze beker. Dêrom, dobbelje, dominy!’
Mar de dominy skodde fan né.
Doe gong de frijhear stadich oerein, biweegde de beker yn syn hân en liet de dobbelstiennen op it wite kleed rûgelje. En hy seach noch altyd de dominy oan en earst in moai skoft dêrnei nei de dobbelstiennen. ‘Sawn, dominy’, sei er. ‘Safolle astû bern hast, en foar elk bern silst' ienkear mei de swipe hawwe’.
En hy liet al syn tsjinstfolk en de lju dy't ûnder it slot hearden, manjlu en froulju, wekje en yn 'e greate seal
| |
| |
komme. ‘Dizze man’, sei er, ‘hat wegere om mei my to dobbeljen, en hat my as syn hear forachte. Byn him fêst en ik sil him mei de swipe jaen litte, sawn kear, neffens it tal bern dat er hat. Dat jimme witte sille, hwat it ynhâldt my to forachtsjen’.
Mar de lju forroerden net. Oerpake stie foarenoan, en hy hearde, hoe't de manlju stinden en de froulju skriemden. Mar forroere diene se har net.
De frijhear seach harren oan, stik foar stik, en lake fyntsjes. ‘Dan sil jimme tiid ek komme’, sei er. En doe rôp er de skout.
De skout wie in hurd man, noch hurder as de frijhear, en hy wegere net.
Hy boun de dominy fêst oan ien fan de beide pylders dy't de souder droegen, skuorde him de klean fan 'e skouders en swypke him sawn kear oer de rêch. It bloed kaem troch it wite fel, en de manlju en froulju leine op 't knibbels en beaën. Hja holden de hannen foar de eagen. De dominy joech gjin lûd.
Doe't er losboun wie, gong er foar de tafel stean, seach nei de dobbelstiennen, dy't der noch krektlyk leine, sa't se út 'e beker rôlle wiene, twa, trije, twa, en doe nei de frijhear. ‘Bid’, sei er súntsjes, ‘dat it Bern jo fannacht oansjocht, oars sil it Jo nea wer oansjen’.
En doe gong er der mei it folk út.
De oare moarns ried de frijhear nei tsjerke, sa't dat wenst wie sûnt ûnheuglike tiden. Hy gong net to foet, hoewol't it net fierder wie as men in stien mei de slinger krije koe. Oerpake gong nei him de tsjerke yn en liet syn oerpakesizzer by de hynders bliuwe.
De tsjerke wie alhiel fol en de frijhear siet yn syn biwurke stoel mei de hannen yn wite kapwanten oerinoar op it tsjerkeboek. It wie sa stil as yn in grêf.
De dominy wie inerlike wyt, mar fierder wie der oan him net to sjen, dat him hwat oerkommen wie.
Doe't it lytse oargel nei it foarspul mei de meldij fan it iepeningsliet bigoun, seach de dominy ienkear op fan syn hannen dy't er geardien hie, en seach syn gemeente oan. Hwant de gemeente song net. Nimmen die de mûle op, en alle eagen seagen staf nei de dominy. Men hearde dat de frijhear ienkear mei de foet stampte. Men koe it hearre, om't it sulveren spoartsjiltsje rinkele.
Mar doe siet de frijhear dan ek stil en song. Hy song de
| |
| |
trije fersen fan 't geastlike liet, mei syn heech goedklinkend lûd, en hy song it allinne mei de dominy. Nimmen biweegde fierders de lippen. Oerpake sei, der hiene net folle dingen yn syn libben sa skriklik west as dit.
De dominy lykwols seach dyjinge dy't bûten him noch it Krystliet song net oan. Hy seach syn sawn bern oan, dy't mei har mem foar de preekstoel oer sieten, en de mem wie smel fan postuer en hwat yninoar.
En doe lies de dominy it Krystforhael foar, út Lukas, en it wie, sa't it altyd west hie.
Mar doe't it út wie, kaem datjinge, dêr't de herten fan 'e leauwigen nóchris fan opskrillen, hwant de dominy lei it forhael net út, mar hy bigoun stil en steatlik in bitinkingspreek to hâlden oer it libben fan 'e forstoarne frijhear Hjalmar von Liljecrona, en de forstoarne siet foar him oer yn 'e âlde, bifike ekenhouten stoel en stoarre him oan sa't men ien oanstoarret dy't God it forstân binommen hat.
Hy wie stoarn, sei de dominy, om't er dobbele hie om de wynsels fan it Bern yn 'e krêbbe en om't it Bern de eagen fan him ôfkeard hie. En hy wie stoarn, om't er net allinne dobbele hie om de klean fan dit hillich bern, mar ek om de klean fan sawn earme bern fan de ierde, en mei harren om de klean fan sawntich kear sawn bern.
En sa skriklik wied er stoarn, dat er omstrúnde as in libbene sûnder fan syn dea to witten, mar dat alle oaren yn dizze gemeente syn libben lykwols seagen en foar him út 'e wei gongen en de hannen foar de holle diene om 't er stonk as de deade yn it forhael fan Lazarus.
Safier wie de dominy kommen, doe't de frijhear mei in ôfgryslik flokwurd oereinsprong en syn swurd út 'e skie skuorde. ‘Nim dat werom, dou swartrôk!’ rôp er mei in heas lûd, ‘nim it werom!’
Mar de dominy die, as wie der in sigentsje wyn troch de tsjerke gien, en hy die de hannen gear, om foar de deade to bidden en joech syn gemeente it teken om itselde to dwaen.
En doe barde it skriklike, dat de frijhear ûnder de preekstoel sprong en syn swurd op healwei beetkrige en it de dominy nei it hert slingere.
Nou wie der oan 'e preekstoel in kunstich byld útsnien fan Marye, sa't se Jezus omklammet en de hannen hoedzjend oer de holle hâldt. En it swurd, hoe tichtbywei't it ek smiten wie, miste de dominy en kaem fanwegen it swiere
| |
| |
swurdbislach wer del en foel op 'e fjurrenhouten flier en spatte útelkoar yn tûzen stikken. En ús oerpake hat mei gâns oaren sjoen, dat út 'e woune yn it hout in tin strieltsje bloed nei ûnderen roun en op 'e groun dripte en op it stiel fan 't bied, dat read fan kleur waerd.
En doe foar it earst dy moarns seach de dominy de frijhear oan, dy't ûnder him stie. Hy seach him net lilk oan en net iens forwitend. Hy seach him allinne mar oan mei fortriet, sa't men it byld fan in forstoarne oansjocht, en die dat jitte doe't de frijhear al knibbele hie, de hannen yn 'e lange wite wanten foar it antlit.
En sa brocht er him tusken it tsjerkefolk troch, dat knibbele hie, der ek út, stadich, stap foar stap. En doe't de frijhear wegere om yn 'e slide, brochten se him troch de snie nei it slot, de dominy mei de bleate holle en mei in glimk fan freugde oan 'e iene kant en oerpake mei de swipe yn 'e frije hân en alhiel oerémus om oan to sjen oan 'e oare.
En de frijhear foroare fan stoune ôf oan, sa't follen foar him foroare wiene, om't it sa yn har natuer lein hie.’
‘Ja’, bisleat Christoph mei syn stil en sêft lûd, ‘dat wie de nacht, dat der om it Bern dobbele waerd yn it âlde hûs...’
Opnij krige Christoph in koaltsje út it fjûr foar syn piip, siet stil op 'e rânne fan 'e hurd en seach nei de útgeande kersen.
De minsken brieken nou gau op, en sa't se stadich troch de snie gongen, wie it, as gongen de âlde forhalen mei harren, de forhalen út 'e âlde, tsjustere huzen, dêr't safolle bard wie, mar dêr't de minsken yn foroare wurde koene, as in stim harren biweegde.
Drôf gongen se der net wei. It kaem harren oan, as hiene se foar in skoftsje optild west út dit frjemde lân en wer delset yn 't heitelân, dat se forlern hiene, dêr't it Bern noch yn 'e snie oan 'e rânne fan 'e bosk stean koe of fan minskene swurd slein wurde koe sûnder to biswiken.
(Oersetting Teake Hoekema.)
|
|