De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] [Nummer 12] O. Postma: Natur en kultuer. Ien mei de fryske greide bin ik, en neat haw ik ynliker leafhawn as dy: In paed troch de finne, dêr't de klaver oan wearskanten opbollet, - Kinstou it litte der in hânfol ôf to skuorren? - It leech fan it miedlân, dêrt de raeijen dy oer de knibbels rikke! Ik bin gjin stedman, dat ik by droechte fan it moaije waer roppe kin, Mar net ien sil it sa oangean as al it goede op jin takomt. Sa hat net in Marsman it hollânske leechlân biminne kind; Der moat ik foar nei de bijen fan Emily Dickenson ta, Of ik moat Keats ha as er op in opstap springt om ‘de Hoed fan it lân’ to sjen. Kultuer is tsjinwurdich in magysk wurd - dat de sielen bihearsket; Dr. Van der Wielen en frou Faber-Hornstra binne dêrfoar oer in Rie steld. Wy wisten it net, mar ús earste kultuer sil west ha de printen fan Kristens reize en fan dútske romantyk, It lêzen fan Negerhut en Goudland en fan Vrijkogel en Edelhart, En soms in feuilleton-stik mei dy frjemde nammen. Wie der net hwat as ‘Théstove’ by? En nou haw ik 50 jier en langer oan it dichtsjen west. Ik haw in sirkel lutsen om de Koarnwerter toer hinne, En dêr binnen haw ik it âlde Wildinge ôfroun en bilibbe. En it soe wêze kinne dat ik dêr wei ek eat fan kultuer opbrocht haw; Haw ik net fan in man heard, fier útstekkend boppe de mannichte, En naem er net moarns earst yn 'e hannen de dichten fan Obe Post ma? Mar op sokken stik groun binne libben en dea, great en oermachtich; Dy brokken libben binne sprankjes fan it ûneindige; Ierde en minske sille har byldskyn ta de tiid útdrage. Vorige Volgende