Boekforsoarging yn Fryslan.
De kommisje ta bioardieling fan de forsoarging fan it boek oer Fryslân of yn it Frysk skreaun, ynsteld troch de Fryske Akademy, bat yn bar rapport oer 1953 to witten dien, dat neffens bar bitinken gjin útjefte to finen wie, dat foar bikroaning mei de titel ‘it bêstforsoarge boek’ yn 'e bineaming kaem. Binammen ek, omt it bikroande wurk in foarbyld wêze moat dat de rjochting oanjowt dêr't it hinne moat mei de boekforsoarging. Sokke foarbylden wiene der yn 1951 en 1952 al, yn 1953 lykwols net, sa oardiele de kommisje, dy't bistie út de bearen E. Caspers, B.L. Hijmans en J.J. Spahr van der Hoek. Bihoarlik forsoarge drukwurk ûntbriek lykwols net en inkelde goede omslaggen biwize, dat de útjowers wol flyt op de saek dogge. Yn dit forbân neamde de kommisje de omslaggen fan ‘Lyoeske’ (fan Theo Kurpershoek, dat ek by in kriich om in soartgelikense priis yn Hollân in earfolle formelding krige) en fan ‘As ik fuortgean, kom ik net werom....’ fan Diet Huber, wylst ek wiisd waerd op it aerdige gehiel fan ‘Trijekaert’, it Boekewike-geskink 1953.