Op it harspit:
De jelnestok fan mr Okma.
Mr D. Okma, de Fryske Deputearde dy't dit jier yn Boalsert de Fryske Boekewike iepene, hat, meitsje ik út syn wurden op, ris lêzen hwat der de lêste oardel jier útkommen is oan Frysk proaza en Fryske poëzy, en doe oan de Fryske skriuwers to hâlden jown, dat der ‘mear barre moat as yn it ôfroune tiidrek’ (Novimber 1953-Novimber 1954), ‘wol de ((Gysbert Japiks-) priis it peil hâlde as oant nou ta lokkich it gefal wie’.
Ik soe, yn alle biskiedenens, mr Okma freegje wolle: Hwàt moat net minder wurde? As ik syn wurden hear en (yn in oan de parse útrikt trochslachje) oerlês, dan bidoelt er: der moatte (folle) mear romans skreaun wurde, (folle) mear poëzybundels publisearre. Mar.. eh.. sa sil mr Okma it dochs net bidoele? En slacht syn opmerking op it gehalte fan hwat der publisearre waerd, dan bin ik der likegoed mei oan. Hwant dan, liket my ta, komt de Deputearde op it mêd fan.... de troch it Provinsiael Bistjûr elke kear op nij to bineamen karkommisjes foar de Gysbert Japikspriis. As 't my net slim mist, sjogge dy net sasear nei de kwantiteit, as nei de kwaliteit.
Of moat men - ik freegje mar nei't ik wiis wurde koe út de taspraek - út mr Okma syn wurden opmeitsje, dat de Gysbert Japikspriis dochs binammen in ‘masterspriis’ bliuwe moat, in bileanning foar wurk dat in hiel ein boppe Boazumer mjitte útkomt? En dat liket my, sjoen it Fryskelân en hoe't it der hinne leit, ryklik irreëel en foar de ûntjowing fan ús litteratuer ek net gaedlik. Hwerom mei ek in Fryske offisiële litteratuerpriis, as it sa útkomt, net ris it karakter hawwe fan in fortsjinne oanmoediging fan in jong auteur dy't in goed boekje skreau en dat útjown krige?
‘Ek de hearen kritisi moatte efkes geweken nommen wurde en dat kin wierskynlik noch it bêste fan dit plak ôf’, sa sei mr Okma yn Boalsert fierder. ‘Objektive krityk is fansels altyd goed, mar men moat der jin foar hoedzje, dat it gjin ôfkreakjen wurdt, sadat immen de lust en de moed forgiet om ea wer in pinne yn 'e hân to nimmen.’
Hwa, soe men freegje wolle, hie mr Okma hjir op it each? Hoefolle en hokker mêdde en forsleine folksskriuwers is troch boppeneamd ôfbrekken de pinne foargoed út 'e hannen gliden? Hoefolle en hokker kritisi hawwe har oan boppeneamd ôfkreakjen skuldich makke? Bistiet der wier sokssahwat as in clan fan Fryske ‘hearen kritisi’ dy't har kwealike lusten yn ôfbrekken útlibje?
Ut de mûle fan de fortsjintwurdiger fan it Provinsiael Bistjûr hie men op dit punt al hwat oars forwachte. Yndied, mr Okma, it is in ‘bihyplike saek’, as men efkes weromtinkt oan de wurden dy't in jiermennich lyn yn Boalsert sprutsen binne oan it adres fan immen dy't troch guon bûtensteanders ek wol ris in ‘ôfbrekker’ of in ‘boal fan folksskriuwers’ neamd is. Dat wie Anne Wadman, hwaens bundele essays en kritiken, ‘Kritysk Konfoai’, bikroand waerd mei de Gysbert Japikspriis. En de wurden fan lof en weardearring, fan rjochtfeardiging en fan bigryp foar de greate bitsjutting fan op peil steande litteraire krityk, kamen doe út 'e mûle fan û.o. de.... fortsjintwurdiger fan it Provinsiael Bistjûr.
Botte dúdlik wie mr Okma ek op dit punt net, diz'kear yn Boal-