de Zee, in draek fan in toanielstik of in ellindich feuilleton yn in streekbledtsje harren it earste paed wiist.
Dit neije forbân tusken biweging en literatuer, ideëel en selskiplik likegoed as ekonomysk en propagandistysk, mei syn greate biswieren hawwe, der is mei dat al gjin ûntkommen oan. Yn in lytse taelmienskip as de Fryske, dy't bûtendien noch yn noed en need forkeart, kin gjin literatuer los fan 'e biweging bistean. Hjirom fuort al net, om't mei de eigen tael- en folksmienskip de eigen tael der nuodlik hinne leit. Hwa hat der mear bilang by, hwa giet it djipper oan, dat de tael bihâlden bliuwe mei, as krekt de skriuwer? Hy is taelstrider, fan natueren en fan amt. Mei syn formogen ta utering hâldt it medium dêr't er him troch uteret, ynlik forbân. Hy hat it nedich, it is him yn alle gefallen gaedlik, dat de tael fan syn wurd sa suver en sa ryk mooglik bliuwt en dat hja in sterke posysje hâldt of wint. De biweg'ing is syn natuerlike bounmaet, en literatuer in foarm fan taelstriid. Literatuer kin in tael bihâlde, suverje, forrykje en fornije, lyk as oarsom ek. Dat dogge hja de iene de oare ûnwillekeurich, en dat moatte hja elkoarren dwaen. Sûnder dy ynwurking fan wjerskanten soenen beide forearmje, har foarm forlieze, en forfalle.
Lykwol is it gjin kwestje allinne fan needsaek of fan gaedlikheit, mar ek fan foarrjocht en foardiel. Oan de biweging, hoe lêstich dy wêze kin, hawwe Fryslâns skriuwers in sympathyk formidden, dat nettsjinsteande alle spanningen, forbittering, krityk oer en wer by einsluten solidair mei harren is. Hja hawwe der gâns oan to witen, mar altyd noch even mear oan to tankjen. Hja komme der net allinne suver allegearre út fuort en bisteane der op 't lêst troch, mar skypje der ek bisieling en moed fan. Hoefolle, witte hja mar skraech, en wolle hja komselden witte. It kin sels de ynspiraesje fan 'e wriuwpeal wêze. Hwer fine ús kritisi greater reden, rjocht en stof ta har krústochten? Mar ek, hwer wurde hja en alle skriuwend of dichtsjend man drokker kocht, earder lêzen, better bigrepen? Hwer krije hja in publyk, sa tankber foar oanhisingen en opdriuwingen èn foar forflokkingen, en dan likegoed noch ré om de moard fierder to krantsjen en mei syn skeamele lof tagelyk syn ryklike skande de boer op to propagearjen?
It is mar frijhwat ûnkritysk, dat biwegingspublyk? Ja, op en del like ûnkritysk as syn skriuwerskloft. It nimt it allegearre: kunst, lêsfoer en ôfeart. It makket it net, mar it