| |
| |
| |
Inne de Jong:
De nije koerierster.
Justerjoun hie Henk van Laar sprutsen op it Krystfeest fan de Jan de Liefdeskoalle yn de Egelantierstrjitte. Joun siet er as ‘Cor’ op syn keamer en wie er gear oer it haedartikel foar syn illegale krante. Justerjoun hie er mei de Jordaenminsken songen: ‘O Vredevorst, gij kimt gebieden de vrede op aard en in mijn ziel’, joun hise er deselde lju en tuzenen oaren op ta sabotage en ûnmeilydsume striid tsjin de horden fan Hitler. Hy hold in amerij op mei skriuwen en stoarre foar him út. Koe dat allegearre sa mar? Hy wist it net, wist allinne, dat hy net oars koe. Op dit stuit fielde er it konflikt lykwols skerp en pynlik.
Doe't Van Duine, it haed, him forline wike frege hie om op it Krystfeest fan âlden en âld-learlingen to fortellen, hie er earst wegere. Hy fielde him der geastlik net ta yn steat. Earst moast dizze tiid fan bloed en hate foarby wêze. Boppedat ealg'e er, dat Van Duine him allinne mar foar de foarm frege hie. De baes wie in krekt, kreas, frij bikrompen mantsje, dy't yn 'e groun bang wie foar Van Laar. Hy bigriep neat fan sa'n âldfeint, dy't al nei de fjirtich roun, wol gedoente mei froulju hie, mar nea ta in ordintlik houlik kaem, artistike oankomsten hie en yn 'e nacht foar de illegalen arbeide.
Van Laar hie earst wegere, mar nei fûl oanstean fan de kollega's, dy't him folle leaver hearden as de baes, hie er it op it lêst oannomd. En doe't justerjoun de seal fol roun wie, foar it greatste part mei âld-learlingen, wie er bliid, dat er kommen wie. Hy koe mei dit folkje altyd bêst opsjitte, en de opslûpen feinten en fammen, dy't yn syn klasse sitten hiene, wiene him net forgetten. Hy wie by de rigen lâns gien en fortiisde suver yn de hannen, dy't hja him fan alle kanten tastieken. Yn tropkes hiene hja om him hinne stien, lûdroftich lake en forteld. Mei in flux de bouche, dêr't er oan wend wie, mar dêr't er dochs altyd wer nij, libben idioom yn ûntduts. Freek van Ankeren hie der ek west, de ‘knots’ út de Akoleienstrjitte, der't Van Laer wol gâns spul mei hawn hie. Mar hja wiene freonen wurden. Freek wie nou achttjin, in reus fan in diamantsliper. Joviael hie er mei Van Laar fûstke en âlde oantinkens ophelle. ‘Weet
| |
| |
u nog, meister, van die Franse meid, die de Engelse d'r uitkiperde? Dat was 'n fijn verhaal. Was er maar 'n Sjane d'Arc onder onze Griete, om de moffe d'r uit te trappe.’ It hie Van Laar goed dien, dizze réuny fan âld-learlingen, de feinten mei harren bravour, de fammen mei eagen fol Jordaenromantyk, alleg'ear lykwols mei berneherten.
En hy hie forteld. It âlde tiidleaze forhael fan it Bern, dat de iennichste hope fan de wrâld is. Hy wist net krekt mear hwat er sein hie, mar hy hie sprutsen út syn djipste oertsjûging wei en syn Jordaners hiene as fan âlds oan syn lippen hongen. Romantyk? Hy wist it net. Faeks hie er dochs mei dizze licht-oandiene en licht to forlieden bern in momint bilibbe, dêr't hja letter op weromgripe soene. Faeks hie der ien west foar hwa't dizze joun mear as in romantysk-religieuze birûzing wie. Ien.... Under it fortellen hie er hommels efter yn de seal in pear eagen moete, dy't him net oan-, mar trochsjoen hiene. Hy wie der suver kjel fan wurden en tagelyk hie it him ynspirearre. In fanke fan in goede tweintich jier mei in weeldrich bosk roetswart hier en greate, glânzjende eagen. Efter yn de seal hie hja sitten, forskûle efter de brede rêggen fan in pear fiskfroulju, mar har eagen heakken yn sines. It wie him soms to moede, oft er allinne foar har fortelde. Forwûndering hie der yn har eagen west, en in freegjen, in twingend freeg'jen, like him ta. En tagelyk in kritysk hifkjen, in weagen fan de wurden op har wierheitsgehalte.
Hwa wie dit fanke? Hwant hy koe dy eagen, hy hie se jierren lang kend, tocht er. It moetsjen fan dy eagen hie er field as in wèrkennen en it wie as in frjemde blydskip troch him hinne slein. En dochs koe er har net thúsbringe. Yn it skoft wie er dy kant útset, om mei har yn 'e kunde to kommen. Mar doe't er healwei wie, hie hja in bûnte doek om it hier slein en wie hastich fordwoun. Hy hie dit fordwinen suver field as it missen fan in biskiedende moeting. Hy hie him der mei gewelt oer hinne sette moatten en ûnder alle sjongen en petear gâns ôfwêzich west. Ek joun koe er dy eagen winlik net kwyt wurde, hja seagen him oer de tafel hinne oan. Freegjende, krityske, mar boppe alles glânzjende eagen.
‘Nou g'jin gemiter mear’, sei er tsjin himsels. Op dit stuit moasten de nijsgjirrichste persoanlike problemen wike foar it pleit fan rjocht en ûnrjocht, frijdom en slavernij. Hy biet him op 'e lippen en skreau. Opswypkjende koarte sinnen
| |
| |
en saeklike advizen. Dochs wie 't him joun net nei 't sin, hy koe him net konsintrearje lyk as oars. Hawar, hy woe om healwei tsienen klear wêze, dan forwachte er Hanny, de nije koerierster út Rotterdam. Hy seach it brief fan de Rotterdammers jitris yn: In steat fan oardel jier tsjinst, sletten, moedich en bitûft. Wie yn hannen fan de fijân fallen, hie har der prachtich útliigd. Moast nou út Rotterdam wei, soe nou arbeidzje yn Cor syn ressort en ûnder syn bifel. It soe him ris nij dwaen.
Om healwei tsienen sette er der in punt efter en in menút letter gyng de skille. Ien kear lang en doe twa koarte tikken. Dat wie Karel, dy't har bringe soe. Henk gyng de treppen del en kipe troch it finsterke, it wie yn oarder: Karel mei in jongfaem, Hanny fansels. De doar gyng iepen, Karel fordwoun en Hanny folge Cor, de treppen op.
‘Hanny?’ frege er, doe't hja yn de ljochte keamer stiene, mar tagelyk foel syn mûle ticht fan forheardens.
‘Cor?’ frege hja forwûndere, en har lytse hân, dy't in amerij yn sines lei, trille justjes.
Dy eagen, dat wiene deselde fan justerjoun. Suver yn in dream naem er har jas en hong dy op, wylst er har in sit wiisde. Hja sieten foar inoar oer en seagen elkoarren oan. En wer hie Cor it gefoel, dat dit in wèrkennen wie, wer sloech der in g'reate blydskip troch syn hiele wêzen.
‘Ik ha jo justerjoun op it Krystfeest sjoen.’
Hja knikte en efkes boarte der in glim om har earnstige mûle. Hy fielde, dat der ek fan har kant in forwûndering wie en in wifkjen, dêr't hja noch net oer hinne komme koe. Wie dit allinne de forrassing, dat Cor deselde wie as de man, dy't hja justerjoun heard hie? Yn alle gefallen wist dit fanke daliks al, hwa't hy wie yn syn boargerbistean en wie syn yncognito, dat er oars sa lang mooglik biwarre, foar har allinne mar in foarm yn dit tête à tête.
Ornaris lei Cor himsels in strakke illegale discipline op en binammen mei de koeriersters hold er him sekuer oan de grinzen, dy't er himsels steld hie. Hy wist genôch fan de forhâldingen, dy't der faken ûntstiene mei dizze moedige fammen. Hy bigriep ek folslein, dat kammeraetskip en leafde, bittere réaliteit en romantyk, deadsgefaer en erotyk, yninoar bitiisd en forfrissele leine. Mar hy wist ek fan de noedlike en gefaerlike sitewaesjes, dy't der it gefolch fan wiene. En hoewol er sels hiel hwat oars as fiskebloed yn syn ieren hie, wie it him oant nou ta slag'ge om distânsje
| |
| |
to hâlden. Hy fielde lykwols mei in ynderlike wissens, dat dit ûnderhâld mear as in disciplinaire soldatekontakt, dat dit een persoanlike moeting wie.
‘Ik woe justerjoun mei jo yn de kunde komme, Hanny, mar jo fordwounen hommels. Ik bigryp it nou en jo hiene gelyk: in koerierster moat net to rij wêze mei persoanlike kontakten yn har jachtgebiet. Jo wisten justerjoun dochs net, dat ik Cor wie?’
‘Ik hie der gjin aen fan, dit is foar my de greatste forrassing.’
Hja sloech har greate grize eagen nei him op en seach him oan lyk as hja justerjoun dien hie. En wer wist er, dat er dy eagen al jierren kend hie. Of soe dit de seldsume moeting wêze fan twa minsken, dy't elkoarren foar it earst seagen, mar sa bisibbe, sa fan itselde forlet, deselde dream dreaun, dat dit earste sjen in biskiedend kennen wie, in wèrkennen oer grins en feit hinne? Kom, kom, sei er tsjin himsels, bliuw nou mar mei beide fuotten op 'e groun. Mar ek har lûd rôp fiere echo's yn him wekker. Hwer en hwannear hie er dizze waerme altstim earder heard, tinner en jonger, mar itselde timbre? Of wie it allegearre mar forbylding, it djip forlet fan de artyst yn him nei in oare, in mylder wrâld as it stielhurde soldatelibben fan hjoed? In forlet, dat hommels en ûnwersteanber wekker waerd yn it ljocht fan dizze eagen en by de muzyk fan dit lûd?
It wie, oft Hanny syn tinzen rette.
‘Kenne jo my net, master Van Laar?’ freg'e hja.
Tagelyk helle se in lyts boekje út har tas en rikte it him oer. It bifette it Evangeelje fan Lucas en in tal Krystlieten. ‘Kerstfeest 1933’ stie der op 'e binnekant fan it omslach.
‘Dit haw ik tsien jier lyn fan jo krige.’
Doe't er har jitris oanseach wist er it ynienen. Yn greate konsternaesje sprong er oerein, griep har beide hannen en rôp:
‘Ciska, Ciska! Bistû dat, fanke? Sûch, dat ik dat net earder seach. Ik wist, dat ik dy koe, ik wist it justerjoun al, doe't ik dy yn 'e eagen seach. Mar dyn hier hat my forrifele. Dy roetswarte prûk wie eartiids ljocht. Fansels, dû hast it fervje litten, koerierster. Ciska, fanke, hoe is dit mooglik?’
Ciska! Yn in amerij glied de film fan dat jier oan de Lindegrachtskoalle foar syn eagen lâns, mei Ciska yn de haedrol. Hy wie seis en tweintich, it wie syn earste Jordaen- | |
| |
klasse, in oerdwealske troep, dy't syn foargonger der útpest hie. Hy hie de earste wiken klauwen hawn om it to rêdden, om kontakt to krijen. Jonges fan trettjin, sieten der yn, dogeneaten en stokelders, dy't him itselde lot tatochten as syn foargonger en it oer alle boegen bisochten. Hy wie wol wanhopich thúskomd. De methoade fan syn kollega yn de sechste klasse, in synysk skoalmaster, dy't mei syn kâlde eagen en syn kreakjend lûd in kadaverdiscipline skoep, forachtte er. De minske, de artyst, de kristen yn him, forsetten har der tsjin. Hy woe foar dit folkje, hast allegearre bern fan arbeiders sûnder wurk yn de tritiger krisisjierren, dy't thús fakentiids yn de goarste earmoede en yn in morele hel libben, mear wêze as dresseur. Hy woe de skoalle foar harren meitsje ta in lytse oase yn de woastyn fan har deistich libben, hy woe hwat bilangstelling yn harren wekker roppe, hwat sinne en fleur yn har binearjend bistean bringe. Hy wist tagelyk, dat er oan minimale easken fan fatsoen en discipline spikerhurd fêsthâlde moast, oars rounen hja him fan de sokken. It hiene de swierste moannen fan syn ûnderwizersbistean west, in deistige wrakseling tusken de artyst en de skoalmaster, de freon en de baes. Stadichwei hie er terrein woun. Syn fortellen wie der ynfallen, mei ‘Silverblaze’ fan Conan Doyle en ‘De reis om de wrâld’ fan Jules Verne hie er de measten to pakken krige en harren oanstriid ta romantyk en avontûr bifredige. Ek ûnder de bibelles bigounen hja ynmoediger to harkjen.
As Nelis Hakke der net west hie, soe er it earder woun hawwe. Nelis wie de kweageast fan de klasse, gjin earlike rebel, mar in stokelder, in hiser, in slûchslimme swankebast. Ivich en erflik fitere hy de jonges oan ta forset en brocht er op it ûngaedlikste stuit de famkes yn ûnstjûr. It waerd suver in persoanlik duel en in pear jong'es en inkele wylde famkes wifken, hokker party hja kieze soene. Ien kear hie Van Laar him in trewinkel jown, dy't oankaem. Mar hy wist ek, dat dat fier mis wie, hwant de eagen dy't him doe oanseagen wiene laden mei fijânskip. Hy fielde, dat it ta in krisis komme soe. By de baes woe er net kleije, hy woe it sels rêdde. Hy hie Nelis syn heit opsocht, mar dy hie him suver stiif flokt.
Doe wie it bard, yn de Krystwike. Op in skimerige Desimbermiddei hie er it forhael fan de Fjirde Wize forteld by kearseljocht. De klasse harke mei niget. Ciska har eagen, op 'e foarste bank, blonken as stjerren. Doe't er sa fier wie,
| |
| |
dat Artaban syn robyn oan de moardners fan Herodes joech, om in bern to rêdden, wie der hommels in helsk trelit losboarst. Famkes stouden âljend út de banken, jonges skatteren en f lokten. Van Laar hie daliks it ljocht oanknipt en seach, wyt as in deade, it hear oer. Hakke hie in doaze fol wite mûzen yn de klasse loslitten, in pear famkes hiene ien yn it hier. Van Laar hie in swiere striid fierd om gjin ûngelok to bigean en fielde, dat er de slach tsjin Hakke definityf forlern hie. Doe ynienen wie Ciska oerein flein, hymjend fan grime, en hja hie Hakke in klets yn syn troanje jown, dy't troch de hiele klasse klonk. Hy soe werom slaen, mar in held wie er net en foar Ciska har fûnkjende eagen hie er in yntuïtyf ûntsach. ‘Raak my es aan met je vuile pote, gore stiekemerd!’ hie se him tabiten. De hiele klasse hie foar Ciska party keazen en Hakke wie yn in amerij syn prestige kwyt. Van Laar hie him de doar útjage en hy wie net wer yn skoalle weromkomd. Ciska hie master rêdden.
Ciska wie yntelligint, tekene bêst en deklamearre op âlderjounen en feesten. Foar har wie de skoalle dat jiers yndied in oase, in deistige bifrijing út need en binearing. Earm, trije heech efter, brocht hja de jounen en de nachten troch mei in swijsume, hunkerjende mem, fier foar har tiid útdôve troch in ûnbarmhertich libben, en in preekjende heit, dy't j immer wantrouwich op har omfoetere. Elke moarn as hja troch it tsjustere treppensgat nei ûnderen glied wie de gong nei skoalle in feestgong. Yn Van Laar syn klasse koe hja har driuw nei frijheit, witten, dream en romantyk útlibje. Van Laar hie har âlden opsocht en harren útsteld, hja soene Ciska nei de H.B.S. of nei de U.L.O. stjûre, hy stie foar boeken en skoaljild. Mar har heit, in bikrompen religieuze fantast, woe der gjin praet fan hearre. Syn dochter soe gjin heechhertich, idel jufferke wurde, ornearre er. As hja it oare jiers fan skoalle ôf kaem, moast se fortsjinje.
Doe't Van Laar der jitris kaem om foar Ciska to pleitsjen, gyng it dêr heil en seil om wei. Mem siet bleek en warleas yn 'e stoel, Ciska stie wyt, skou en mei de triennen yn 'e eagen yn 'e hoeke, heit stie driigjend en âljend foar har en mong de tale Kanaäns mei in smoarch Jordaenidioom. Doe't er Van Laar seach, bigoun er tsjin him to blaffen. Dat wie nou it juffertsje dat master foar de H.B.S. opliede woe. In ‘geile rotmeid’ wie it, dy't nou al yn donkere
| |
| |
stegen mei jonges omjachte. Hja wie joun oardelûre to let thúskomd, as hy as heit har net geweken naem, soe hja yn in poel fan sûnde omkomme. Nea soe Van Laar dy eagen fan Ciska forjitte, sa't dy him oansjoen hiene út in ûndraechlik berneleed wei. Ynienen wie hja yn need en opstân, har heit foarby, him yn de earmen fallen.
‘Hy liicht it, master, hy hat my slein.... ik ha mei Trudy nei de Cineac west, Trudy har greate broer hat foar ús bitelle....’
Doe't Ciska nei de stjonkende alkoof fordwoun wie, hie hy har grimitich fordigene.. har heit it mannewaer opsein. Mar hy bigriep, dat der mei dizze man winlik net to praten wie. It fleach him oan, dat der gjin middel wie om dit skoane fanke út san hoal fan ellinde en tirannij to rêdden. Nammestomear hie er de skoalle foar har ta in deistich feest makke. Yn syn ûnthâld wie dizze klasse altyd ‘de klasse fan Ciska’ bleaun. Hoe hiene dat jiers de yntellig'inte eagen yn it fyn bisnien famkesgesicht him ynspirearre by fortellen. Hja hie gûld, doe't hja ôfskied fan skoalle naem en it bigreate him ta de teannen út. Hy woe har yn it each hâlde en makke forskate reizen troch it goare treppensgal nei boppen. Mei fûl oanstean wie it him op it lêst slagge har op in moadefakskoalle to krijen. Mar in heal jier letter wie hja op in joun by him oan hûs kommen en hie alhiel forslein forteld, dat hja de oare deis nei Utert forfarre soene. Heit koe dêr wurk krije.
Yn it earst oan hie hja him út Utert wei forskate kearen skreaun, mar nei in skoftke bigoun de korrespondinsje fan har kant út to sloeren. Doe't er op in joun nei wyk C reizge om har op to sykjen, wennen hja dêr net mear. Nei Rotterdam forfearn, hiene de buorlju sein, adres wisten hja net. Fan Ciska sels krige er gjin tael noch teken mear, syn foarnimmen om nei Rotterdam to gean en har op to spoaren, waerd almar útsteld en op it lêst fordwoun hja yn it rûzige libben nei syn ûnderwesten.
En nou siet Ciska der foar him oer yn har ripe skientme, koerierster, soldaet lyk as hy yn it ûndergrounske leger. Har moaije eagen, har birette mûle spriek moed en ûnforsetlikens út. Tagelyk seach er mei ien opslach jierren fan bittere striid en forhoalen leed yn de djipten fan dy eagen. Tûzen frag'en bistoarmen him. Skamte dat er har loslitten hie, ûnbidige blydskip om dit wersjen strieden yn him.
De earste amerijen seine hja net folle. It wersjen nei sa- | |
| |
folle jierren, binammen as ien fan beiden fan bern ta frou opwoechsen is, is ornaris in forlegen taesten nei âlde kontakten, en meastentiids in toloarstelling, kamouflearre yn minlike frazen. Mar hjir wie it oars. Hjir wie it in forlegen swijen, om't gjinien fan beiden de forrassing en de freugde yn in stuit forarbeidzje koe.
‘Hoe kaemst justerjoun op ús Krystfeest?’ frege Van Laar.
‘Ien fan de jonges yn myn kosthûs giet by jimme op skoalle en naem fan 'e wike in briefke mei, dêr't yn stie, dat master Van Laar fortelle soe. Dêr woe ik by wêze’.
‘En?’
‘It wie krekt oft ik wer by jo yn de sawnde klasse siet. Soms liket it in mearke, hwat ik dêr bilibbe ha. Mar de boeken en opstellen, de tekencahiers en de lieten, dy't ik trou biwarre ha, binne de taestbere biwizen fan in werklikheit, dy't myn libben biskaet hat’.
Hja swei efkes en forfette dan:
‘As men, yn in ellinde, lyk as ik yn opgroeid bin, op dy leeftiid in jier lang lokkich is en in minske moetet, dy't de doarren fan it libben foar jin iepensmyt, dan hat men in oantinken, dat jin bybliuwt, ek yn de biroerdste omstannichheden.... Mar is 't net in bytsje g'ek, dat Cor hjir stil sit to harkjen nei in sentimenteel forhaeltsje fan syn koerierster, anno 1943? Jo hawwe faeks wol in oare en driuwende opdracht foar my’.
‘Moarn miskien, of aensens, as der in illegael S.O.S. komt, mar op dit stuit net. Ik bin klear mei myn wurk, ik hie in heal ûre foar Hanny reservearre, mar Ciska biskikt oer myn joun. Justerjoun hastû nei my harke, joune harkje ik nei dy’.
‘Hwat moat ik winlik fortelle?’ sei Ciska wifkjend. ‘Myn maten neame my in hurden-ien, om't ik net mei myn siel to keap rin.... Ik slút my faeks to koppich yn my sels op, dat makket jin iensum.... Soms haw ik in great forlet fan in djip minsklik kontakt yn dit libben fan forbittere striid, dizze douns op 'e rânne fan de dea.... Dizze wûndere joun, dizze seldsume moeting nei tsien jier.... Ik haw it gefoel, oft al dy jierren mei har misère weifallen binne, oft wy in petear forfetsje, dat we forline wike ôfbrutsen hawwe. Ik fiel my wer efkes bern.... en tagelyk ieuwen âld....’
‘Tsien jier kinne in ynhâld fan ieuwen hawwe’, sei Van Laar, ‘mar se hawwe dy net forslein, liket my ta’.
| |
| |
‘Né’, forfette Ciska, ‘en dat haw ik oan jo to tankjen. Jo hawwe my de wei wiisd nei in wrâld, dêr't ik altyd wer yn flechtsje koe, as twivel en wanhoop my nei de kiel fleagen. Sûnder myn boeken, myn dreamen, myn forwachting, wie ik al lang nei de wearlich gien....’
‘Ik ha ienkear yn Utert west om dy op to sykjen, mar doe wiene jimme al wer forhuze’.
‘Ja, wy hawwe dêr mar in heal jier wenne. Doe forfearen wy nei Rotterdam, nei Crooswyk. Heit wie dêr los arbeider yn de haven, mar meastentiids sûnder wurk. Ik reizge fan it iene atelier nei it oare en fan myn lytse fortsjinsten en in pear goune steun moasten wy libje. Goare earmoede fansels. Mar dat wie it slimste net.... Heit syn religieuze dweperij forwoechs ta dwylsin, syn wantrouwen tsjin my waerd in ûndraechlike terreur.... Mem waerd hwat langer hwat wezenleazer, lichaemlik en geastlik in wrak. Doe't ik sechtjin jier wie, is hja stoarn. By har libben haw ik der faek om gûld, dat ik neat oan mem hie. Letter bigriep ik, hoe't sa'n wreed bistean har stadichwei sloopt, formoarde hat. Ik moast doe fortsjinje en de húshâlding dwaen.... Dat wie allegearre neat, as heit mar in bytsje bigryp, in bytsje minsklikens toand hie. Mar syn preekjen, syn twang, syn wantrouwen makken my suver sljocht. Myn hert skreaude om hwat fleur, hwat romantyk, hwat leafde. Al de oanstriid fan myn bloed en myn siel waerd as idelheit fordomd en mei de hel bidrige.... Myn boeken wiene net feilich, film, toaniel, douns, jonges waerden my as deasûnden forbean. Mar ik focht mei alle macht fan de jeugd foar myn rjocht. En ik naem tomûk en nammersto hertstochtliker hwat my mei gewelt ûntkeard waerd. Us forhâlding waerd mei de dei ûndraechliker. De iennichste réaksje op heit syn terreur wie in forheftiger opstannigens.... Oant ik alle grinzen forgeat en yn de wyldste birûzing treast socht....’
Hja swei en stiek in sigaret fan Van Laar oan. Hy wachte en sei gjin wurd. In machteleas selsforwyt bineare him. Tagelyk wie er ûnwitten bliid mei it âld fortrouwen, dat hja him skonk, song har dûnker lûd as in sonate yn syn earen. Hy seach, hoe't hja wifke, hoe't har wangen efkes read oanfleagen en doe wer biloeken. Hy seach it wikseljend ljocht yn har eagen, it bleek wurden fan har weeldrige lippen. In amery letter wie hja harsels wer baes en forfette mei bitwongen emoasje:
| |
| |
‘It is gjin Krystforhael, dit fan my, master. Biskôgje it ek net as in jammerklacht, noch minder as in bycht.... Ik wit net krekt hwat my driuwt, om alles to fortellen hwat ik nea immen frijwillich forteld ha....’
‘Ik bin dyn bychtfaer en dyn master net, Ciska, ik harkje as kammeraet, as freon’.
‘Doe't ik achttjin wie, hat heit my de doar úttrape.... Hy woe gjin hoer ûnder syn dak hawwe....’
Ciska griep har taske, helle der in petretsje út en rikte it Van Laar oer.
‘Myn lytse Robby’, sei hja. ‘Hy is nou fiif jier’.
‘En syn heit?’ frege Van Laar, dy't alle war die om syn oandwaning to bihearskjen.
‘Hat him nea sjoen. Hat faeks mear bern yn oare havens. In Ingelsk sé-ofsier, dêr't ik nea gjin tael of teken mear fan hawn ha.... En sa wie Ciska dan in fallen fanke wurden...’
It lichte synisme yn har lûd waerd bidimme fan har waerme eagen.
Rêstiger gyng hja fierder:
‘Dat hat myn dûnkerste tiid west, doe't ik Robby forwachte. Hawar, ik bin yn it Leger tolânne komd. Né, net op it sûndaersbankje. Har hallelujahuodden en har bikearingsmethoaden lizze my net. Mar hja hawwe my holpen, dat sil ik nea forjitte, derom sil ik it altyd foar harren opnimme’.
‘Sillich de barmhertigen’, sei Van Laar.
‘Ik ha wer in baen krige, op in kantoar. Typen leard en steno en Ingelsk. Ik arbeide der yncognito, allinne de chef, in bêste keardel, wist hwat fan myn skiednis. Sa net, it oardiel fan de wrâld lit my aerdich kâld, it meilijen fan deugdsume lju kin sa feninich wêze.
Doe kaem de oarloch. Heit is omkommen by it bombardemint fan Rotterdam. En de rest witte jo faeks wol sahwat’.
‘Ja, de maten hawwe my oer Hanny frij wiidweidich ynljochte. Mar neam my gjin master langer en sprek my net mei jo oan’.
Har eagen ljochten in amerij yn sines.
‘Goed’, sei hja ienfâldich.
‘Astû it bern fan toalf gjin wjokken jown hieste, om altyd wer út goarens en fornedering wei de frijheit tomjitte to fleanen, wie ik der ûnderstrûpt, Henk.... Fynst it net healwiis dat ik dy alles planút forteld ha?’
| |
| |
Hy gyng oerein, naem har waerme hân yn sines en brocht dy earbiedich oan syn lippen.
‘Ik ha kofje set’, sei er nei in skoft swijen. ‘Skink dû ús yn, wolste?’
Mei freugde seach er nei har lichte gong, har fine, rêdsume hannen, har gracieuze biwegingen, har jong, sterk stâl. De kofje hie in smaek, it ljocht kleur, de keamer in sfear, de dingen hiene in siel as nea to foaren.
‘Witst wol, fanke, sei er, ‘hwat ik dy to tankjen ha? Witst wol, datst my en de klasse rêdden haste, doe't ik it forhael fan de Fjirde Wize fortelde? Astû net regaet hâlden hieste, hie ik de slach tsjin Hakke forgoed forlern, hie ik wol opkrasse kind’.
‘O ja, dy wite mûzen’, lake Ciska. ‘Hwat wie ik pûr op dy aep. Mar dû hiest it fansels ek sûnder my wol opknapt’.
‘Gjin sprake fan, ik hie in ûngelok bigien’.
‘De oare middeis hast it forhael útforteld. De Fjirde Wize is ien fan myn leafste boeken bleaun. Elke Krysttiid lês ik it op 'e nij, ik kin hiele einen fan bûten. Dat boekje is net allinne in oantinken oan de moaiste dagen fan myn libben, de figuer fan Artaban, de ivich sykjende, de barmhertige, is sintrael foar my. Ik bin net from, net tsjerksk, ik haw it raer lizze litten, en it nuvere is, dat ik nea dat soarte birou field ha, dat myn susters mei de hallelujahuodden my optwinge woene. Miskien noch altiten in réaksje op heit syn driigjen mei de hel.... As men de hel op ierde sa reëel bilibbe hat, seit de takomstige jin net folle mear. Dit sil dy wol raer yn de earen klinke. Mar der is hwat oars dat my net loslit, dat foar my de sin fan it libben, de ynhâld fan it Evangeelje is: de minske yn syn need helpe, jinsels ynsette foar de fortrapen. Allinen, wy dogge it op in nuvere manear. Lige, sabotearje, ophysje, byneed sûnder wifkjen sjitte, dat is ús opjefte. Mar kinne wy oars?’
‘Né, wy kinne net oars en ik bin greatsk op dy, kammeraet’.
‘Ik hie earst gjin doel en gjin moed om yn it aktive forset to gean, mar doe't hja Rachel ophellen, de lytse Joadske faem, dy't myn iennichste freondinne west hat, doe't hja Rachel ophellen, de griene divels, doe hie ik gjin kar mear. Myn ivich yncognito foar de kameraten binearet my wolris, it makket jin iensum. Party soene raer guod opjaen as hja wisten hwa't ik wie’.
‘Hwa sil biskuldiging ynbringe tsjin Gods útkarden?’
| |
| |
sei Henk mei klam. Ciska skrille der fan op, har eagen waerden greater en seagen him oan mei deselde forwûndering as eartiids, doe't er syn hân om har hinne sloech en har biskerme tsjin in tjirgjende heit. Berne-eag'en, dy't neat fan har suverens forlern hiene, dy't him yn it moed taestten en dy't er nea wer kwyt wurde soe.
‘Jawis, ik mien it’, sei er, as antwurd op har net útsprutsen frage. ‘Lit dat dyn treast, dyn wissichheit wêze, ûnoantaestber foar in hiele rabjende wrâld. Dat is de boadskip fan it Krystbern. Froulju, lyk as dû, dy't syn namme net neame doare, otterdokse swervers lyk as ik, dy't syn namme to folle brûke, mar dochs net bûten him kinne, leit er syn hân op en hâldt er ivich fêst’.
‘It wie my wûnder to moede’, sei Ciska, ‘doe't ik justerjoun, foar it earst nei jierren, wer in Krystfeest meimakke. Ik ha faek oanstriid hawn, mar ik doarst net. Ik wie bang, dat ik it nea wer bilibje koe lyk as eartiids, nea wer sa folslein leauwe en sa optein sjonge koe. Ik waerd earst kjel fan myn eigen lûd, doe't ik de âlde bikende lieten, dy't ik by dy leard ha, wer meisong. Mar hwat koe ik oars as meisjonge? En sjongend fielde ik in greate bifrijing, foelen jierren fan need en iensumens wei. It wie my krekt, as stie ik mei alle bern fan de Jordaen en fan de hiele wrâld om 'e krêbbe en as songen wy yn ien koar mei ingels en hoeders.... Hjoed lykwols brochten it nochteren forstân en de hurde feiten der wer gâns tsjin yn. Hat it romantyk west?’
‘Wrachtich net, Ciska. Neffens de moderne wysheit, dy't himel, hel en ierde, libben en dea yn in psychologyske formule biflappe wol, faeks al, mar dy lju sjogge net fierder as har analityske noas lang is. Krysttiid giet al efkes fierder en in diminsje djipper. Dit wie gjin romantyk, mar in moeting, in boadskip. It nochteren forstân hat ûngelyk, it bern yn dy hie gelyk.
Tinkste, dat ik oars bin as dû? Sjoch my net oan, fanke, foar in otterdoks orakel sûnder twifel, noch minder foar in puritein. Ik liz hopeleas mei mysels yn 'e knoop en ik wik it it dy, dat skuld foar God hiel hwat oars is as sûnde tsjin de boarger-morael. Hy hat de greatste muoite mei fatsoenlike dogeneaten en brave sûnders. De elite fan it keninkryk is Godtank in oaren as dy fan dizze wrâld.
My is 't in wûnder, datstû hjir joun by my sitste, de moaiste Krystjoun, dy't ik ea bilibbe ha. Dû, dy't út de greate fordrukking komste, hwant hwat wie de binearjende need,
| |
| |
dyst trochmakke haste, oars? Ik skamje my ta de teannen út, dat ik net mear nei dy omsjoen ha, doest it measte forlet fan in freon hieste, mar God hat it sûnder my rêdden. De dream, it langstme, it leauwe, datst sels net bineame doarste, hat er yn dy hoede. Syn soldaet bist wurden. Towille fan Rachel, de lytse Joadske faem en fan har folk en fan alle warleazen, hast dy ynset tsjin it ryk fan it Beest. Ik bin greatsk, dat ik dy as kammeraet yn ús ploech opnimme mei, ik bin tankber foar dit Krystfeest mei dy’.
Ciska skonk swijend yn, mar Henk syn wurden songen yn har earen, songen troch har hiele wêzen. God, hwat hie hja iensum west, mar dit wie de bifrijing, dit wie de blydskip, dit wie Krysttiid. It libben mocht hurd, de tiid wreed wêze, mei it leauwe fan it bern, de yntuysje fan de frou wist hja, dat hja nou alles oan koe.
‘It wurdt myn tiid’, sei hja nei in skoft. ‘Hat Cor ek in konkrete opdracht foar syn koerierster?’
‘Ja, en net in makliken ien. Der moat in âld Joadsk wyfke dy't hjir net mear feilich is, nei Fryslân ta. Ik hie der in oar foar ornearre, mar dit moatstû dwaen. Kom moarnmiddei by my, dan sil ik dy alle ynstruksjes jaen en kinne jimme twadde Krystdei noch op reis’.
‘Dêr ha 'k sin oan’.
Hja gyng oerein en joech him de hân. Inkele amerijen stiene hja foarinoar, hân yn hân, each yn each, en hja neamden elkoars namme.
Doe't hja de doar út wie, roun Henk de keamer op en del. Hy bisocht hwat oarder to bringen yn de tinzen en bylden, dy't him bistoarmen, mar se raenden allegear gear yn in lok en in blydskip, sa't er nea kend hie. Kertier foar toalven bigoun de Westertoer ‘Stille Nacht’ to spyljen. Efkes letter gûlden de sirenes en bigounen de loftdoelbatterijen to blaffen. Hy hie der faek tsjin flokt, mar harke der nou glimkjend nei. It duorre mar koart fannacht. Doe't it gewelt swei, wie der oars net mear tusken himel en ierde as de metalen muzyk fan it karriljon, dat it bliid boadskip oer Amsterdam jubele.
|
|