Professor Brouwer bigjint mei Hollân en Fryslân beide kwantitatyf to hifkjen. Fryslân komt der net min foar wei hwat it tal útjeften en de oplagen oangiet, mar der spylje dochs tofolle faktoaren yn mei om de forgeliking hielendal súver to meitsjen. Oan de iene kant is der greatere ienheit yn de lytse Fryske mienskip, dy't boppedat noch yn in striidposysje twongen is (professor Brouwer wiist dêr wol op, binammen as er Folkertsma syn opfetting oer de Fryske kultuer bisprekt); oan de oare kant binne der soasiale en ekonomyske forhâlding'en, (en dêr hie de sprekker wol mear oer sizze mocht), dy't it ûntstean fan in yntellektuéle boppelaech en de ynfloed dy't der bygelyks fan in universiteit útgean koe, ûnmooglik meitsje. Yn dat opsicht ûndergiet Hollân ynfloeden fan it bûtenlân - mar Fryslân bliuwt fan Hollân ôfhinkelik yn in mjitte dy't Hollanners har skraech foarstelle kinne. Men kin maetskiplike greatheden mei inoar forgelykje sa lang de kwantitative forskillen net to great binne. Der komt lykwols in momint, dat it kwantitative forskil kwalitative ûnderskieden implisearret, en dan koe de mooglikheit fan fruchtber forgelykjen wolris tige lyts wurde. Professor Brouwer hat dat neffens myn bitinken net oeral dúdlik genôch makke.
Dêr stiet foaroer dat syn oersjoch fan de streamingen yn 'e Fryske literatuer sûnt de oarloch en fan de foroaringen dy't op 't heden oan 'e gong binne oan dúdlikens neat to winskjen oer lit De ûntjowing giet sa hurd, dat it foar dyjingen dy't yn it fûlst fan de striid steane, net tafalt om de objektivitetit to biwarjen. Hjir is in man oan it wurd dy troch wittenskiplik wurk, wenplak en jierren yn 'e strateg'yske posysje forkeart om de forskynsels objektyf mar dochs meilibjend to bioardieljen. Dat bringt tagelyk mei dat net eltsenien it mei him iens wêze sil - leaver: dat nimmen it oeral mei him iens wêze sil - mar dat is in foardiel: it stimulearret ta in konfrontearring fan eigen miening mei it oardiel fan professor Brouwer, en dêr sil net ien him oer bikleije.
Op 'e ein fan it boekje bisprekt professor Brouwer de Fryske literaire produksje fan nou as in âlvestêddetocht - in nuodlik ûndernimmen, om't der in kwalitative rangskikking oan to pas komt, neffens mjitstêven dy't in subjektyf elemint ynhâlde. Persoanlik soe ik bygelyks, mei alle respekt foar it wurk fan Ypk fan der Fear, dêr't ik biwûndering foar haw, har in plak jown hawwe efter Geart