De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 326] [p. 326] Bernard Smilde: De twade psalm. (Frij neffens it rymskema en de rhythmyk fan de Nederlânske biriming fan GABRIEL SMIT.) (Op 'e ierde) Hwat bitjirgje de folken har en oertinke hja idelheit? De naesjes, ienriedich yn forwar tsjin de himelske Majesteit, hja sette it tsjin de Heare God en Syn Salv'ling yn 'e kant: ‘Wij wolle brekke Syn wreed gebot, de koarde fan dit forflokte lot wie stivernôch al spand!’ (Yn 'e himel) Mar Hy, op Syn hege himeltroan, bilaket dit dûm forset, de Hear slacht de spot mei dit dwaes fortoan, Syn grime bikuollet net; grammoedich makket Er harren kjel: ‘My wearzget jim geterch. Ik bin it dy't Myn Kening stel, Myn Salv'ling joech ik it bifel oer Sions hillige berch.’ (De kening op Sion) Forkundigje wol ik 't gebot, de Hear hat it sels my jown: ‘Dû bist Myn Soan, hwant IK, - sei myn God - haw hjoed-de-dei dy woun. Ien eask fan dy - en de hiele wrâld bûcht foar dyn hearskippij, mei iiz'ren stêf fierstû 't biwâld en slachst to gruzel as in ierden pôt hwa't him forheft tsjin dy!’ [pagina 327] [p. 327] (De warskôging) Ei nou dan, keningen, jow it ear nei Gods formoanjende stim: Erken dy Kening as jimme Hear en huldigje beevjend Him, ear't aenst Syn grime yn lôge slacht en Hy komt ta Syn oardielsdei. Hwant Hy forskynt as in dief yn 'e nacht. Mar heil hwa't yn Syn leafde' macht bitrouwend skûlje mei. Vorige Volgende