| |
| |
| |
A. Jousma:
De giele keizer.
I
De giele keizer, wylst er siet to rêsten,
seach, hoe't de skimer delkaem út 'e loften,
en hoe't kleuren fan de blommekloften
forbleken mei de kimen yn it westen.
De fuotten fan de giele keizer rêstten
op glânzgjend houten fuotbank, dêrt fordoften
de strielen stjerrend ljocht. 't Wie suver oft in
lytse en in greate himel beide dwêstten.
En wylst er dreamend yn 'e jounloft stoarre,
bitocht er it geheim fan it Bisteande,
dat rizend stjert en stjerrend riist en stiet.
Doe hearde hy hàr lichte fuotstap, geande
oer albastflieren kaem hja sweevjend harren,
syn allerleafste, en song in leafdeliet.
| |
II
De nacht kaem oer de keizerlike stinzen
en oer syn stêdden en oer al syn lannen.
De blauwe sé, de rotsen en de strannen,
de Karavanen, yn 'e sânsé finzen
forsonken yn de foarmleasheit. Yn tinzen
de heilbigear'ge hearsker lei de hannen
fan dy't er leave bûten alle grinzen
op eigen holle, as kuoljende forbannen.
Hwat is de foarm, dy't bliuwt, as neat mear is?
Hwat kleur, dy't sûnder sinneljocht bistiet?
Hwat is de tiid, dy't sûnder wiksling rêst?
Hwat is it libben, dat it hert forliet?
En sill' wy witte, - hat dit libben wêst -
fan wrâld's biwegen 't djippe heimenis?
| |
| |
| |
III
Doe -, troch de romte rûze in djippe toan,
ien inkle toan en dochs in harmonije.
Dy't fan gjin minske sjoen wurdt, op Syn troan
siet Hy, Sjang-Ti, Dy't wy ús offers wije.
Syn fuotten rêstten tsjin de ierde oan,
mar sels Syn knibbels stiene yn 'e frije
ûnstoflikheit, yn it ûnkenb're lân
fan net-bistean, dêr't ien is ien mei trije.
En oan Syn fuotten yn 'e skimering
dêr bûgde in minskebern him biddend del
yn oerjefte oan de allerheechste Hear
en winske yn needrichheit, dat hy àl mear
mocht willeas wêze yn it wiis bistel
fan Him, dy't wennet yn elk wêzend ding.
| |
IV
De giele keizer seach de weagestreamen
fan pearlemoerich ljocht de moarns op nij en
forsinkende yn mimering en swijen
wist er de leafste mei gjin wurd to neamen.
Hy seach d' albasten foarmen, dy't omseamen
hwat foarmleas is yn skientme. En mei lijen
hold er him yn en socht om wer to krijen
de frede út syn healforgetten dreamen.
‘Bin ik de keizer, dy't, yn dream forlerne,
Sjang-Ti oanskôge, alle ding'ne doel?
Of de slavin, dy't sà har hear bifoel,
dat hy troch har wol alle skientme kenne?
Of bin ik Sjang-Ti, yn 't forhoal'ne berne,
dy't slomjende yn ierdske dream forfoel?’
| |
| |
| |
Jeanne d'Arc.
I
Mank ús de bêsten, dy't Dyn stim forsteane,
hoe wurde hja fan frettend fjûr fortard,
as swiere ierdske need forballe hat
it himelsk lûd en hja allinne steane.
Hoe machtleas binne hja, hwannear der nearne
it wûnder fan Dyn iepenbiering bart.
Hoe himet yn de nacht it ienlik hart
nei 't wjukkerûzjen, dêr't Dyn ingels fleane.
Wól is har d'ierde leaflik mei de teare
swietrook fan roazen. 't Bounzjen fan it bloed
docht har, lyk elk fan ús, fan langstme triljen.
Mar as men ienris hearde, nea net sil jin
de rêst mear komme, moarn sa min as hjoed:
hwa't ienris hearde, wol Dy ivich heare!
| |
II
Faek binn' hja jong en suver, ûnbidoarn.
Dyn twingend roppen naem de siel syn rêst;
in fjuorge dope hat Dyn pea har wêst,
doe't read de sinne riisde yn 'e moarn.
Hwant sa slim is dit oarde Dy ûntstoarn,
dat ús allyk in fûl en kervjend mês 't
sêft streakjen liket fan Dyn sterke hân:
Mar bûten Dy is alle freugde dwêst.
Sa binne hja har gouden wegen tein,
foar Dy fan goud, foar ús as tsjusternis,
fol driging faeks en fol forried en leagen.
Swier binn' de ierdske paden, dy't hja teagen
om dêr to kommen, dêr't Dyn wente is:
't tsjuster brekt iepen yn in fûnkerein.
| |
| |
| |
De mylde hannen.
De mylde hannen en de sêfte eagen,
om har lit God dit wreed ryk foartbistean.
Hja binne yn dit lân fan skyn en leagen
as súvre blommen, dy't mank stikels stean'.
As Hy oer dy't Syn sykjende eagen seagen
yn graty delbûcht, sjoch Syn myldens gean
oer al har wêzen; spegeljende weagen,
hweryn de himelske geheimen stean'.
Wês sêft de sêften, jimme dy't se moetsje!
Wês myld, dat harren myldens bloeije mei
en jimme sil de himel iepengean.
It alderdjipst geheim sil jim forstean,
dat gjin gelearde foar ús iepenlei.
Wolsillich, dy't de sêfte eagen groetsje.
|
|