De frouljusemansipaesje is it lêste bisykjen fan it minskdom om syn leauwe oan 'e frou to biwarjen.
* * *
Hjir striid; yn 'e himel kinne wy noch frede genôch smeitsje.
* * *
In great minske hat lytse dingen oan en oer him, dat syn greatheit nammersto klearder útkomme mei.
* * *
Alle ding is hwat men der yn leafde fan makket.
* * *
Lit, earst oan it wurk giest en earst oer geastlike dingen gearkomst, de moarnssinne oer dyn eagen skine.
* * *
Sûnder namme ûnder de minsken, woe er as God wêze.
* * *
De minsken, de Westerske dochs, dogge en skreppe to folle. Minder arbeidzjend, soenen hja lokkiger wêze, ynliker bigryp fan 'e genede hawwe en lichter yngean ta it keninkryk fan 'e himelen.
De aforismen fan ‘Koartom’ binne, op in pear nije nei, gearsocht út 'e jierren 1920 oant 1924.