terrein forkend. Dy wei moat it fansels al op, sil der bygelyks ek op it mêd fan it Frysk toaniel hwat fan tolânne komme.
As immen as Fedde Schurer in opdracht kriget foar it skriuwen fan in toanielstik, dan komt der ynienen hwat, dat fier boppe it wenstige peil fan Fryske spylstikken útstiicht. Sûnder blyn to wêzen foar de tokoartkommingen fan Schurer as toanielskriuwer en fan ‘Bonifatius’ as sadanich, hie der yn Dokkum in kâns west, in goede amateurploech ûnder goede regy in goede opfiering fan in goed stik jaen to litten. Ik bikweadigje my net oan superlativen, mar wol each hawwe foar de biheinde mooglikheden dy't wy yn Fryslân hawwe.
‘Bonifatius’ hat ‘it’ lykwols net dien en hwer't sa nei útsjoen wie, waerd in toloarstelling. Dokkum hat de net goed to praten flater bigien, dit stik troch ‘eigen’ minsken spylje to litten. Unbilearde of alteast net yn 't sâlt bibiten lju dy't dizze swiere opjefte, sa't men fan tinken wol hawwe koe, net treast wiene. De regisseur, dêr't de skriuwer sels sa'n bitrouwen yn hie, de hear Van der Rhee, hat it blykber wól mei harren oandoarst - mar syn krêft skeat likegoed tokoart. Sa bisjoen is ‘Bonifatius’ in mislearring wurden, dy't hurdernôch oankomt, as wy ús skrale eker oersjogge......
Yn 'e fuotleasten fan it nasionale Bonifatiuskomité is ek it Dokkumer stêdsbistjûr gien. Dat hat D.A. Tamminga en dr Y. Poortinga réfoun en skreau op koarte termyn in toanielskets mei histoaryske ynslach, gaedlik om de stêdsfeesten hwat relief to jaen. De útslach koe hjir hwat it spyljen oanbilanget al likemin sprekken lije, wylst beide sketsen dochs moai skaplik wiene foar wurk-yn-opdracht. De regy siet tangele mei spilersmateriael dat him better weagje kind hie oan Tuterbekje of Glêdde Johannes.
Nou sil it bêste spilersmateriael dat Fryslân ryk is uteraerd ek net yn 'e Dokkumer hoeke socht wurde moatte. Yn minder ‘swarte’ streken - ik bidoel dêr gjin kwea mei, it feit leit der - hat it folk ommers fan âlder op âder mear erfaring, mear linigens opdien, It sukses dat de opfiering fan ‘Brand’ op 'e Sweach, yn Nederlânske versy, ûnder regy fan Aafje Top en Johan Lauxstermann hawn hat, moat foar in lyts part taskreaun wurde oan de omstannichheit, dat hja dêrre nou ienris mear kar-út hawwe. Dochs mei der ek wol ris tige wiisd wurde op de forantwurde oplieding, dy't oan it eksperimint mei ‘Brand’ foarôfgien is. Faklju as Top en Lauxstermann kinne, as hja de kâns krije, yn in jiermennich it slomjend talint mear earmslach jaen as it ivige ‘rippetearjen’ sûnder fakkundige regisseur bybringe kin. En hoefolle, of hoe'n bytsje, toanielploegen hawwe hjir in deskundige regisseur? Der binne lju dy't wize op 'e nuodlike kanten fan Hollânske regisseurs oer Fryske ploegen. Dy noed haw ik ek - mar nuodliker liket my noch it birêsten yn 'e bisteande tastân, dat fierwei it meastepart fan 'e Fryske toanielspilers en -ploegen it dwaen moatte alhiel sûnder bitûfte lieding. Salang't dêr net yn foarsjoen is, komme wy net út 'e nederklits. De Fryske Cultuerried mei it fraechstik fan, de oplieding fan Fryske regisseurs - hwat net itselde hoecht to wêzen as in Fryske regisseursoplieding - wolris gau ûnder eagen sjen.
De kar fan ‘Brand’ wurdt ek oer striden. Gjin wûnder - en ik soe de lêste wêze om ‘Brand’ as earste op it répertoire to setten. Mar hwat wol men - bihalven dan in mennich gelegenheitsstikken,